(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Lazarus fan Betanië - Wikipedy Springe nei ynhâld

Lazarus fan Betanië

Ut Wikipedy
De opwekking fan Lazarus (James Tissot).

Lazarus fan Betanië is in persoan yn it Nije Testamint. Yn it evangeelje fan Jehannes is hy de persoan dy't nei fjouwer dagen dea west te hawwen troch Jezus opwekt waard. De namme betsjut "God hat holpen".

De opwekking fan Lazarus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yngong fan it Lazarusgrêf yn Betanië.

It bibelske ferhaal fan 'e opwekking fan Lazarus is te finen yn haadstik 11 fan it evangeelje fan Jehannes.

Lazarus is in freon fan Jezus en de broer fan Marta en Marije. As Jezus mei syn learlingen oer de Jordaan stutsen is om't it net mear feilich is yn Judeä, kriget er it berjocht dat syn freon Lazarus slim siik is. Jezus wachtet noch twa dagen en giet dan pas de reis nei Betanië oan. As Jezus by it doarp fan Lazarus oankomt, rint Lazarus syn suster Marta him al yn 'e mjitte en hja klaget dan dat it allegear te let is, om't har broer al earder ferstoarn is. Jezus sprekt dan de bekende wurden "Ik bin de opstanning en it libben; dy't yn My leaut, sil yn der ivichheid net stjerre". Marta andert dan dat hja leaut dat Jezus wis de Soan fan God is en rint dêrnei nei hûs ta om har suster Marije te roppen. Marije giet dan ek nei Jezus en mear joaden folgje har. Doe't Marije Him seach, smiet hja har skriemend foar Jezus op 'e grûn. Ek ek de skriemende Marije seit dat Jezus earder komme moatten hie en dat no alles te let is. Jezus rekke tige oandien en frege wêr't it grêf fan Lazarus wie. By it grêf oankommen frege Jezus de stien foar it grêf wei te heljen, mar Marta makke beswier en sei dat Lazarus dêr al foar de fjirde dei lei, der soe wol ris in alderheislike lucht hingje kinne. "Ha ik jo net sein dat jo de gloarje fan God sjogge, as jo allinnich mar leauwe?", frege Jezus, en doe hellen se de stien der wei. Jezus die in gebed en frege dêrnei de deade Lazarus út it grêf te kommen. Doe't Lazarus yndied nei bûten kaam mei de wynsels noch om syn lichem, gebea de Heare de omstanners om him te helpen mei it losmeitsjen fan 'e wynsels.

In soad joaden kamen no ta de konklúzje dat Jezus de Soan fan God, de Messias, wêze moast. Mar der wiene ek guon dy't nei de religieuze autoriteiten gyngen om te fertellen wat Jezus dien hie.

It spektakulêre wûnder makke grutte yndruk op 'e joaden en dat ferklearret wêrom't de yntocht fan Jezus yn Jeruzalim efkes letter mei Palmpeaske sa'n folk op 'e wei brocht om Jezus te priizgjen (Jehannes 12:17). It wûnder soarge lykwols ek foar oergeunst by de Fariseeërs, dy't no fêststelden dat elkenien mar achter Jezus oan rûn. En sa droech de opwekking fan Lazarus by oan it beslút fan Kajafas en it Sanhedrin om Jezus te deadzjen.

De tombe fan Lazarus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ornearre tombe fan Lazarus is te finen yn al-Eizariya op 'e westlike kant fan 'e Jordaan. Oer it generaal wurdt oannomen dat al-Eizariya it bibelske Betanië is. Op it plak fan 'e tombe hawwe sûnt de 4 iuw meardere tsjerken stien. Nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 waard de tsjerke boufallich en in ruïne, mar de tombe bleau. Yn 'e 16e iuw bouden de Ottomanen op it plak in grutte moskee foar de tsjintwurdich gruttendiels islamityske ynwenners fan it plak. In oangrinzgjende katolike Lazarustsjerke waard tusken 1952 en 1955 boud. Krekt westlik fan 'e tombe waard yn 1965 in Gryksk-otterdokske tsjerke boud.[1]

Alhoewol't in bibelske ûnderbouwing ôfwêzich is, kenne de otterdokske en katolike tsjerken ferskillende ferhalen oer it libben fan Lazarus nei syn opwekking. Lazarus wurdt in soad yn ferbân brocht mei Syprus, dêr't Lazarus de earste biskop fan Kition west hawwe soe, it tsjintwurdige Larnaka. Neffens in katolike tradysje soe Lazarus de earste biskop fan Marseille west ha.

De Lazarustsjerke yn Larnaka.

Neffens de otterdokse tradysje soe Lazarus nei de opstanning fan Kristus twongen wêze te flechtsjen, om't der yn Judeä plannen makke waarden om him te fermoardzjen. In oare ferzy seit dat Lazarus mei Marta en Marije troch joaden by Jaffa op in lekkende boat de see opdreaun waarden.[2]. Hy kaam yn Syprus oan en Paulus en Barnabas troffen him dêr en wiisden him as de earste biskop fan Kition oan. It amtsgewaad soe troch de jongfaam Marije sels weefd wêze. Lazarus soe nei syn opwekking nea mear lake ha fanwegen syn oantinken oan 'e ferdomme sielen, dy't er yn syn dea sjoen hie. Hy libbe noch mear as tritich jier op it eilân en stoar dêr foar de twadde kear.

Yn it jier 890 waard yn 'e krypte fan in lytse tsjerke in sarkofaach ûntdutsen mei it opskrift "Lazarus, de freon fan Kristus". De oerbliuwsels waarden yn 898 út de sarkofaach helle en nei Konstantinopel oerbrocht. Keizer Leo VI fan Byzantium liet op it plak fan 'e fynst as kompinsaasje foar it meinimmen fan 'e reliken in oan Lazarus wijde tsjerke bouwe, de tsjintwurdige haadtsjerke fan Larnaca. Frankyske krúsfarders namen dy reliken by de Fjirde Krústocht dêrnei yn 1204 mei nei Marseille.[3]

De fermiende skedel fan Lazarus yn Marseille.

Op 23 novimber 1972 ûntdiek men yn it ramt fan 'e restauraasje fan Larnaka's Lazarustsjerke ûnder ien fan 'e pylders fan it alter in sarkofaach. Yn 'e sarkofaach lei in houten kist mei de tekt ""freon". De kist befieme minsklike resten en oannommen wurdt dat Leo VI neffens de tradysje net alle reliken meinommen hat, mar in lyts part efter liet. Dat wurdt ek ûnderstipe troch in boarne yn 'e biblioteek fan Oxford, dy't berjochtet oer in otterdokse muonts út it kleaster fan Pskov, Ruslân. Dy muonts kaam yn 'e 16e iuw nei Syprus om dêr de reliken fan Lazarus te ferearjen en helle wat wei foar it kleaster yn Pskov, dêr't de stikjes noch jimmeroan fereare wurde.[4]

Yn it westerske kristendom ûntstie yn 'e midsiuwen de leginde dat Lazarus, Marije en Marta troch kristenhaatsjende joaden op in skip sûnder seil en reau set wiene en as in wûnder oan lân spielden by wat hjoeddedei Saintes-Maries-de-la-Mer is. De beide susters en de broer gyngen fan dêr út harren wei om it kristendom te preekjen. Lazarus gyng nei Marseille en waard dêr de earste biskop. By in kristenferfolging ûnder keizer Domitianus waard Lazarus lykwols finzen nommen en yn 'e finzenis ûthalze.[5] Syn lichem waard oerbrocht nei Autun, dêr't er byset waard yn 'e katedraal. De ynwenners fan Marseille beweare lykwols noch altiten de plasse fan Lazarus te hawwen, dy't dêr fereare wurdt.[6]

  • Otterdokse tsjerke: de saterdei foar Palmpeaske
  • Katolike, Luterske en Anglikaanske Tsjerken (tegearre mei Lazarus en Marta): 29 july
  • Armeenske Tsjerke: 9 april
  • Koptyske Tsjerke: 18 oktober
  • Syrysk-Otterdokske Tsjerke: de saterdei foar Palmpeaske

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: