(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Boksum: ferskil tusken ferzjes - Wikipedy

Boksum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Slim ferâldere. It yndustryterrein fan Ljouwert leit yntusken hast tsjin Boksum oan. Jellum leit net mear yn Littenseradiel. Werhelling fan ynformaasje (deselde nammen by "Bekende ynwenners Boksum" en "Berne yn Boksum") en sa noch folle mear. Nocht net hielendal klear.
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Noch pear foutsjes ferbettere.
Rigel 1:
{{Wurk}}
{{Universele ynfoboks stêd
| namme =
Line 50 ⟶ 49:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:De Boksumer tsjerke neffens Jacobus Stellingwerf (1723).jpg|thumb|left|''De tsjerke mei de âlde sealtektoer yn 1723'']]
Lykas de oare doarpen yn de omkriten is Boksum ûntstien oan de [[Middelsee]]. De âlde Middelseedyk, de Hegedyk, tsjûget dêr noch fan. Foar de reformaasje hearde it doarp ûnder it dekanaat Jorwert en it hat in ridlik grutte parochy west mei in pastoar, in fikaris en twa prebintarissen. Boksum mocht net in eigen pastoar kieze, dat rjocht wie foar de [[premonstratinzers|premonstratinzerske]] abdij [[Kleaster-Lidlum|Lidlum]], dytdy't yn Boksum twa úthôven hie: it Muontsehûs en Terpoarte. De bewenners fan de úthôven wiene grûnwurkers en min yn 'e stokken te hâlden. Yn it jier 1332 waard [[abt]] [[Eelko Liaukama]] troch muotsen fan it kleaster deaslein op de úthôf fan it kleaster. Boksum hearde yn de striid tusken [[Skieringers|Skier]] en [[Fetkeapers|Fet]] yn it gebiet fan Skier en hat in soad te lijen hân fan de strideraasjes.
=== Tsjerke ===
{{Apart|Sint-Margryttsjerke (Boksum)}}
De oarspronklik oan [[Margareta fan Antiochje|Margryt fan Antiochje]] wijde tsjerke waard om it jier [[1100]] boud en om [[1300]] hinne fergrutte. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele [[Koerbôge|koerbôgige]] yngong mei in list fan profylstien út ûngefear [[1500]]. De toer is yn [[1843]] boud nei in ynstoarting. Ein [[2003]] is de tsjerke, mei in oargel út [[1675]], restaurearre. Yn [[2010]] is it oargel werombrachtwerombrocht yn âlde steat. De tsjerke fan Boksum hat in tradisjoneel protestantsk bankeplan: rjochts de banken foar de froulju en lofts foar de manlju. De [[hearebank]] út [[1661]] hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra.
De tsjerke fan Boksum hat in tradisjoneel protestantsk bankeplan: rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju. De hearebank út [[1661]] hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 út de tiid fan de Spaanske oerhearsking.
 
[[Ofbyld:Sint-Margryttsjerke, Bokke.jpg|thumb|260px|''Bokke'']]
By it oanlizzen fan leidings yn 'e grûn waard yn 2002 in midsiuwske [[sarkofaach]] fûn, dy't opgroeven waard en in plak yn de foartsjerke krige. Yn desimber [[2006]] waard by in ûndersyk dat folge wer in sarkofaach fûn. Dêrnei waarden der trije groppen groeven en fuort yn de earste waard wer in sarkofaach fûn.
[[Ofbyld:2023 Boksum, eardere griff. tsjerke (no Loft) - 2.jpg|thumb|left|''Eardere grifformearde tsjerke'']]
De [[Ofskieding fan 1834|ôfskieding]] yn Boksum fûn yn 1847. De [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearden]] hiene ynearsten harren tsjerkje yn in hûs oan It Fine Reedsje, mar krigen yn 1909 in echte tsjerke oan de Oedsmawei. Yn 1930 is de tsjerke nochris grutter makke. Yn [[2004]] is de grifformearde tsjerke sletten om't by de foarming fan de [[Protestantske Tsjerke yn Nederlân|PKN]] foar de Margryttsjerke keazen waard. It Reil-oargel út 1982 ferhûze nei de Wite Tsjerke fan Lochem en de grifformearde tsjerke krige in oare funksje.
 
=== States ===
Benoarden de Margryttsjerke stie eartiids de op it heechste diel fan de yn 1869 ôfgroeven terp Juckemastate. Dêr wenne yn 'e 15e iuw Worp Liuwes, dy't Ljouwert 400 goudgûne as skea foar it fernielen fan syn stins betelje liet. Tusken [[1640]] en [[1698]] waard de Juckemastate ôfbrutsen. Dat hat ek noch in Oedsmastate en Scheltingastate west. Oer dy states is net in soad bekend. De Schotanusatlassen[[Schotanusatlas]]sen fan [[1698]] en [[1719]] sette de Scheltemastate op it plak yn 'e hoeke fan de Hegedyk en de Tiltsjedyk dêr't [[Wopke Eekhoff]] de Oedsmastate set hat. Van den Akker neamde yn 1940 de Eekhoff-kaart in fersin en stelde dat de Oedsmastate op de doarpsterp stie en deselde wie as Juckemastate. In grêfstien yn 'e tsjerke fan Wytse fan Juckema mei it opskrift ''tot Oetsma'' soe dat mooglik ûnderstypje.<ref>Skiednis fan Menameradiel, O. Santema en Y.N. Ypma, ISBN 90 6171 427 3</ref>
 
=== Slach by Boksum ===
[[Ofbyld:Boksum, ôfbyld fan Slach by Boksum (foto fan publikaasjeboerd).jpg|thumb|left|''Slach by Boksum'']]
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] fûn by Boksum op [[17 jannewaris]] [[1586]] tusken troepen fan [[Filips II fan Spanje|Filips II]] en Fryske troepen de [[Slach by Boksum]] plak. De Spanjaarden koene sa ticht by de haadstêd komme, om't alle sleatten en fearten beferzen wienen. In leger fan sa'n 1000 man út Ljouwert hie him klear makke foar in konfrontaasje mei de Spanjaarden, mar it wie yntusken teiwaar en der ûntstie dize oer it lân. Nei't hja troch Spanjaarden ûntdutsen waarden ferplettere it Spaanske leger de Friezen. Fanwegen it teiwaar lutsen de Spanjaarden harren werom en de likernôch 400 oant 500 manlju dy't by de striid omkamen waarden by Boksum en Blessum begroeven.<ref>Ynformaasjeboerd by it grêf fan Bokke en Skelte yn de Margryttsjerke</ref> Neffens in âld boerd yn 'e tsjerke wiene der lykwols sa'n tûzen slachtoffers.
[[Ofbyld:2023 Sint-Margryttsjerke, grêf fan 'Bokke' en 'Skelte', twa slachtoffers fan de Slach by Boksum (1586).jpg|thumb|260px|''Grêf fan Bokke en Skelte, twa slachtoffers fan de Slach by Boksum (1586)'']]
 
Yn [[2016]] waarden by de oanlis fan in fytstunnel by Pypsterbuorren yn it ramt fan de werynrjochting Deinum-Boksum bonken en ierdewurk fûn. It wie in kûle foardêr't meiïnoar seis of sân minsken yn leine, wêrûnder trije manlju fan likernôch 20 jier; de oaren wiene om 15 jier hinne en der wie ien fan 12 jier. Yn ien fan de skedels siet in kûgelgat en út ûndersyk die bliken dat de resten fan Friezen út de tiid fan de Slach by Boksum datearje. Twa fan de manlju waarden yn in grêf yn de tsjerke lein en krigen de namme Bokke en Skelte.
 
=== Stasjon ===
Rigel 80:
 
=== Gemeente ===
Boksum hearde by de gritenij [[Menameradiel]], dy't by de gemeentewet fan [[1851]] omset waard yn in Nederlânske gemeente. De weryndielings fan [[1984]] yn Fryslân wiene foar Menameradiel sûnder gefolgen, mar by de weryndieling fan 2018 waard Menameradiel opheft. Boksum heart sûnt by de gemeente [[De Waadhoeke|Waadhoeke]].
 
== Mienskip ==
[[Ofbyld:2023 Boksum, doarpshûs It String (Hylaerderpaed 3).jpg|thumb|260px|''It String'']]
It doarp hat sûnt [[1907]] in feriening fan [http://www.boksum.frl/dorpsbelangen-boksum/ Doarpsbelangen], dêr't ek de begraffenisferiening ûnder falt. By in grutte ferbouwing fan it doarpshûs [https://www.boksum.frl/dorpshuis-it-string/ It String] binne in soad frijwilligers oan it wurk west. Boksum hat mienskiplik mei de doarpen Deinum, Ritsumasyl en Blessum de doarpskrante De Klaver Trije, dy't alveris yn 't jier ferskynt. Boksumers krigen leafst trije skelwurden: kikkerts op 'e fyts, skreizen en kneppels. It [https://www.facebook.com/DorpsfeestBoksum/?locale=nl_NL doarpsfeest] wurdt yn 'e regel yn it lêst fan augustus fierd.
 
=== Tsjerke ===