Boksum
Boksum is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente Menameradiel. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004).
Lykas de oare doarpen yn Menameradiel is ek Boksum ûntstien oan de Middelsee. De âlde Middelseedyk is hjir noch in stille tsjûge fan. It doarp leit sawat 7 kilometer súdwest fan Ljouwert, tichtby it doarp Jellum yn Littenseradiel.
Tsjerke
De Sint Margaretatsjerke is boud op in terp en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier 1100 en om 1300 hinne fergrutte. Ein 2003 is de tsjerke, mei in oargel út 1675, restaureard.
Yn de maaitiid fan 2002 waard by de tsjerke in fersierde sarkofaach fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.
Ein 2005 fûnen grêfdylgers in grêf mei in ryk fersierde stiennen kiste út de 12e ieu.
Yn maaie 2006 waard wat fierderop in midsieuske dekstien fûn.
Slach by Boksum
Yn de Tachtichjierrige Oarloch wûnen de troepen fan Philips II op 17 jannewaris 1586 de Slach by Boksum. Neffens de tekst op in tinkboerd yn de Sint Margaretatsjerke, binne yn dizze slach tûzen deaden fallen.
Stasjon
Tusken 1883 en 1938 hie Boksum, tegearre mei it twillingdoarp Jellum, in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum, Jellum-Boksum neamd.
In bekend ferske oer Jellum-Boksum:
It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk.
Rom-bom-bom, rom-bom-bom, slacht de tromme.
Dêr begjint it al: "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!
Alle jonges, alle famkes sjonge mei `t is in lust,
Hast ús hiele lytse doarpke dat is op'en baan!
Mienskip
Neist in basisskoalle ( Otto Clant ) en in doarpshûs ( It String ) is der ek in tsjerke.
Ferieningen
- De Stringpraters - toaniel
- BCB - biljerten
- Persis - frouweferiening
- FTW ( Foar Trije Wurk ) - keatsen
- Folleybalferiening
- Manljusferiening ( Onderzoekt de Schriften )
Bekende (âld) ynwenners fan Boksum
- Ulbe van Houten ( 23 maart 1904 - 22 maart 1974 )
- Douwe Kalma ( 3 april 1896 - 18 oktober 1953 )
Ynwennertal
Strjitten
Blessumerpaad, Buorren, Diorremahiem, Fockingastrjitte, Heechpaad, Hegedyk, Hilaarderpaad, It Reedtsje, Muontsehiem, Nijlânsdyk, Oedsmawei, Pypsterbuorren, Scheltemahiem, Tiltsjedyk.