(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Boksum - Wikipedy

Boksum is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente Menameradiel. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004).

de himrik fan Boksum

Lykas de oare doarpen yn Menameradiel is ek Boksum ûntstien oan de Middelsee. De âlde Middelseedyk is hjir noch in stille tsjûge fan. It doarp leit sawat 7 kilometer súdwest fan Ljouwert, tichtby it doarp Jellum yn Littenseradiel.

Tsjerke

De Sint Margaretatsjerke is boud op in terp en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier 1100 en om 1300 hinne fergrutte. Ein 2003 is de tsjerke, mei in oargel út 1675, restaureard. Yn 2010 is it oargel werombracht yn âlde steat. Yn de maaitiid fan 2002 waard by de tsjerke in fersierde sarkofaach fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.
De hearebank út 1661 hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 út de tiid fan de Spaanske oerhearsking. Ein 2005 fûnen grêfdylgers in grêf mei in ryk fersierde stiennen kiste út de 12e ieu. Yn maaie 2006 waard wat fierderop in midsieuske dekstien fûn.<br

Slach by Boksum

Yn de Tachtichjierrige Oarloch wûnen de troepen fan Philips II op 17 jannewaris 1586 de Slach by Boksum. Neffens de tekst op in tinkboerd yn de Sint Margaretatsjerke, binne yn dizze slach tûzen deaden fallen.

Stasjon

Tusken 1883 en 1938 hie Boksum, tegearre mei it twillingdoarp Jellum, in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum, Jellum-Boksum neamd.
In bekend ferske oer Jellum-Boksum:
It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk.
Rom-bom-bom, rom-bom-bom, slacht de tromme.
Dêr begjint it al: "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!
Alle jonges, alle famkes sjonge mei `t is in lust,
Hast ús hiele lytse doarpke dat is op'en baan!

Mienskip

Neist in basisskoalle ( Otto Clant ) en in doarpshûs ( It String ) is der ek in tsjerke.

Ferieningen

  • De Stringpraters - toaniel
  • BCB - biljerten
  • Sparta '59 - foutbal
  • Troch de Koer - kuorbal
  • Persis - frouweferiening
  • FTW ( Foar Trije Wurk ) - keatsen
  • Follybalferiening
  • Manljusferiening ( Onderzoekt de Schriften )
  • Advendo - muzykferiening

Bekende (âld) ynwenners fan Boksum

Ynwennertal

Strjitten

Blessumerpaad, Buorren, Diorremahiem, Fockingastrjitte, Heechpaad, Hegedyk, Hilaarderpaad, It Reedtsje, Muontsehiem, Nijlânsdyk, Oedsmawei, Pypsterbuorren, Scheltemahiem, Tiltsjedyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: