(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Arabysk - Wikipedy

It Arabysk (Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere transliteraasje: al-‘Arabīyyaẗ, útspr.: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-bii-ja", Lûdsfragmint beharkje; of koartwei: عَرَبِيّ‎, sekure transliteraasje: ‘Arabīj, útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "ha-ra-bii", Lûdsfragmint beharkje) is in Semityske taal dy't koart nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it Arabysk Skiereilân, yn 'e foarm fan it Aldarabysk. Dêrút ûntjoech him meitiid it Klassyk Arabysk, de taal fan 'e Koraan, dy't him fan 'e sânde iuw ôf mei de islaam fersprate oer it Midden-Easten en Noard-Afrika. Datselde barde mei it Arabysk-Perzysk skrift, dêr't it Arabysk mei skreaun wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in offisjele taal fan 25 lannen en 1 autonome regio en ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e Feriene Naasjes, en genietet it erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn nochris 10 lannen en 1 autonome regio.

Arabysk
algemien
eigen namme اَلْعَرَبِيَّةُ, al-‘Arabīyyaẗ
lânseigen yn Arabyske wrâld,
   sjoch: § Taalstatus
tal sprekkers 310 miljoen (2011-2016)
skrift Arabysk-Perzysk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Arabysk
          ● Arabysk
dialekten ferskaat, sjoch: § Dialekten
taalstatus
offisjele status ● 25 lannen
● 1 autonome regio
● grut tal organisaasjes
   sjoch: § Taalstatus
erkenning as
minderheidstaal
● 10 lannen
● 1 autonome regio
   sjoch: § Taalstatus
taalkoades
ISO 639-1 ar
ISO 639-2 ara
ISO 639-3 ara

De hjoeddeistige Arabyske standerttaal, it Modern Standertarabysk, dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin memmetaalsprekkers, mar fungearret ynstee as in oanlearde twadde taal en lingua franca foar de hiele Arabyske wrâld. De sprektalen of dialekten dy't mei-inoar it Arabyske dialektkontinuum foarmje, dat alhiel fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch taalkundigen dêrom klassifisearre as de Arabyske talen. Dy hawwe mei-inoar 310 miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110 miljoen twadde-taalsprekkers. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de liturgyske taal fan 1,8 miljard moslims hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e islamityske wrâld dy't net troch etnyske Arabieren bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Arabysk is ien fan 'e Semityske talen, dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e gruttere Afro-Aziatyske taalfamylje. Binnen de Semityske talen heart de taal ta de Middensemityske kloft fan 'e Westsemityske talen. De measte taalkundigen ornearje dat it Arabysk binnen de Middensemityske talen mei inkele nau besibbe útstoarne talen en mei de talen dy't út it Arabysk sels fuortkommen binne de Arabyske talen foarmet. De Arabyske talen steane binnen de Middensemityske talen op ien hichte mei de Noardwestsemityske talen, dêr't û.o. it Hebriuwsk en it Arameesk ta hearre. Ien fan 'e útsûnderings wat de konsensus oangeande dy yndieling oangiet, is de foaroansteande taalkundewebside Ethnologue, dy't de Kanaänityske kloft fan 'e Noardwestsemityske talen mei de Arabyske talen ûnderbringt yn in 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep, en it Arameesk en syn ôfstammelingen (de Arameeske talen) dêrmei op ien hichte stelt.

 
De namme fan 'e taal, al-‘Arabīyyaẗ, skreaun yn it Arabysk-Perzysk skrift.

Binne de Arabyske talen wurdt, nettsjinsteande de fierhinne gelikense nammen, in skerp ûnderskie makke tusken it Aldnoardarabysk en it Aldarabysk. It Aldnoardarabysk omfiemet ferskate talen of taalkundige farianten dy't yn 'e Aldheid sprutsen waarden yn 'e oäzes fan wat no it noardwesten fan Saûdy-Araabje is. Dêrta hearden û.m. it Hasaïtysk, it Dadanitysk en it Dûmaïtysk. It Aldarabysk, dêr't it Klassyk Arabysk en alle hjoeddeistige Arabyske sprektalen út fuortkommen binne, wie de sustertaal fan it Aldnoardarabysk.

It oarspronklike taalgebiet fan it Arabysk besloech it noardlike part fan it Arabysk Skiereilân. Mei de fersprieding fan 'e islaam, fan 'e sânde iuw ôf, wreide it taalgebiet him lykwols út oer it hiele Midden-Easten en Noard-Afrika. Tsjintwurdich omfettet it taalgebiet fan it Arabysk it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e Middeneastlike lannen en territoaria Bachrein, de Feriene Arabyske Emiraten, Jemen, Jordaanje, Katar, Koeweit, Libanon, Omaan, Palestina en Saûdy-Araabje. Dêr komme inkeld hiel lytse en fersprate enklaves fan 'e sprekkers fan oare talen foar. Datselde jildt foar Irak en Syrje, mar dy beide lannen omfiemje ek in grutte (Irak) oant oansjenlike (Syrje) Koerdysktalige regio yn it noarden. Arabysktalige minderheden komme foar yn Iran (benammen de súdwestlike regio Kûzestan), Israel (benammen yn it noarden, om Nazaret hinne), Turkije (yn it súdeasten) en yn ien doarp op Syprus.

 
De fersprieding fan memmetaalsprekkers fan it Arabysk. Yn it dûnkerblau gebiet foarmje dy de mearderheid fan 'e befolking, en yn it ljochtblau gebiet in minderheid.

Yn Noard-Afrika is Egypte frijwol hielendal Arabysktalich, útsein inkele minderheidstaalgebieten yn it suden (Nubysk), súdeasten (Bedja) en westen (Siwaansk). It Koptysk is in deade taal, dy't inkeld noch yn gebrûk is as tsjerketaal fan 'e Koptysk-Otterdokse Tsjerke. Sûdaan is ek fierhinne Arabysktalich, mei hjir en dêr in oars-talich minderheidsgebiet. Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko binne foar it meastepart Arabysktalich, mar mei hjir en dêr oansjenlike Berberske minderheden, dy't harren eigen talen sprekke (bgl. it Tûarek, Kabylsk en Riffynsk). De Westlike Sahara is hielendal Arabysktalich. Yn Mauretaanje sprekt men yn it grutste part fan it lân Arabysk, mar dat lân omfiemet oan 'e súdlike râne ek in gebiet dêr't Afrikaanske talen sprutsen wurde. Arabysksprekkende minderheden libje yn Spanje (de enklaves Ceuta en Melilla) Senegal, Maly, Niger, de noardeastpunt fan Nigearia, Tsjaad, Súd-Sûdaan, Eritreä, Dzjibûty, Somalilân, Somaalje en oan 'e noardlike rânen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en Oeganda en de Swahilykust fan Kenia.

Taalsitewaasje op it Arabysk Skiereilân yn 'e Aldheid

bewurkje seksje

Yn 'e Aldheid waard op it Arabysk Skiereilân in wiid ferskaat oan Semityske talen sprutsen. Yn it súdwestlike diel (westlik Jemen) spriek men de (no útstoarne) Aldsúdarabyske talen, lykas Sabeysk, Mineysk en Hadramautysk. Eastlik dêrfan, yn wat no eastlik Jemen en Omaan is, spriek men foarâlderlike foarmen fan wat no de Súdarabyske talen binne. Aldsúdarabysk en Súdarabysk binne ferskillende taalgroepen en moatte net betize wurde. Beide groepen wiene/binne nauwer besibbe oan 'e Etiopyske talen as oan it Arabysk.

Yn it noardwesten waarden yn 'e oäzes foarmen fan it Aldnoardarabysk sprutsen, in oerkoepeljende beneaming foar taalfarianten lykas Hasaïtysk, Dadanitysk en Dûmaïtysk. Dy soene ûnderling ûnfersteanber mei it Aldarabysk west hawwe. In grut part fan 'e arguminten dêrfoar wie basearre op 'e foarm fan it beskaat lidwurd, in foarheakke h-. Nij taalkundich ûndersyk hat lykwols like út te wizen dat de foarheakke h- in argaïsme wie ynstee fan in mienskiplike taalynnovaasje, wat betsjut dat it in skaaimerk is dat ûngaadlik is om taalklassifikaasje op te basearjen. De hypoteze fan in selsstannige Aldnoardarabyske taalgroep is dêrtroch op losse skroeven kommen te stean, hoewol net wjerlein. Yn deselde krite waard ek it Temanitysk sprutsen, mar dat wurdt no by de Noardwestsemityske talen yndield. Guon oare oäzetalen, lykas Hismaysk en Safaïtysk, en ek it Nabateesk-Arabysk fan 'e Nabateeërs yn wat no Jordaanje is, fertoane safolle oerienkomsten mei it Arabysk dat se as (ôfwikende) foarmen fan it Aldarabysk sjoen wurde.

 
In ynskripsje yn it Safaïtysk.

Taalkundigen binne fan tinken dat it Aldarabysk, de âldst bekende foarm fan it Arabysk, om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne foar it earst ta ûntwikkeling kaam yn it westlik sintrale part fan it Arabysk Skiereilân. Foarhinne ferkearde men yn 'e ûnderstelling dat it âldste skriftlik oerlevere fragmint fan it Aldarabysk ien inkele ynskripsje yn it Sabeysk skrift wie út Karjat al-Fâ, yn it suden fan wat no Saûdy-Araabje is, datearjend út 'e earste iuw. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de taal fan dy ynskripsje net dielnimt oan ferskate krúsjale ynnovaasjes fan 'e Arabyske talen. It tinken is dêrom no dat de ûnbekende taal fan dizze ynskripsje it bêste reklassifisearre wurde kin as in selsstannige taal binnen de Middensemityske talen.

De âldst oerlevere Aldarabyske tekst wurdt dêrom no foarme troch trije regels poëzij yn Nabateesk skrift út omtrint 125, skreaun troch in man dy't Garm’allāhe hiet en oantroffen yn Avdat, yn wat no Israel is. Dêrnei duorret it mear as twa iuwen ear't de twadde Aldarabyske tekst opdûkt, yn 'e foarm fan 'e saneamde Namara-ynskripsje: it grêfskrift fan 'e Lachmidyske kening Mar ‘al-Qays bar ‘Amro, út 328, fûn by Namara, yn Syrje. Tusken de fjirde en de sechsde iuw ûntjoech it Nabateesk skrift him ta in werkenbere foarm fan wat letter it Arabysk-Perzyske skrift neamd wurde soe. Fierders binne der ynskripsjes yn in stippele skrift fan santjin letters út 'e sechsde iuw, dy't oantroffen binne op ferskate plakken yn Syrje. It âldste papyrus yn it Arabysk datearret fan 643, en is beskreaun mei stippen yn it moderne 28-letterige Arabyske skrift. De taal fan dy papyrus wurdt troch taalkundigen oantsjut as Koranysk Arabysk, in foarm dy't him ûnderskate fan it Klassyk Arabysk.

Taalûntwikkelings ûnder ynfloed fan it ûntstean fan 'e islaam

bewurkje seksje

Koranysk Arabysk ûntjoech him fan 'e iere sechsde iuw ôf út it Aldhidjazysk, de foarm fan Aldarabysk dy't sprutsen waard yn 'e Hidjas-regio yn it westen fan it Arabysk Skiereilân, dêr't stêden as Mekka en Medina leine. It wie dêr dat fan 610 ôf de profeet Mohammed fizioenen krige dy't ta de fêstiging fan 'e islaam as wrâldgodstsjinst liede soene. Hy lei syn iepenbierings fêst yn 'e Koraan, dy't de basis foar it Klassyk Arabysk foarme, de islamityske standerttaal dy't yn 'e achtste en njoggende iuw ta stân kaam. It is dúdlik dat de stavering fan 'e Koraan en oare iere islamityske teksten eins net ûntwurpen waard foar it Klassyk Arabysk, mar foar in argayske foarm fan Aldhidjazysk.

 
In Koraan yn it Aldhidjazysk, út 'e 7e iuw.

Mooglik wie dat de ynterdialektale en ynterkommunale fariant fan it Aldarabysk dy't oan 'e ein fan 'e pre-islamityske tiid op it Arabysk Skiereilân opkaam en troch hannel ta in lingua franca waard. Dy taalfariant sette syn parallelle bestean fuort oant lang nei't it literêre Arabysk standerdisearre wie, en waard as skreaune taal it meast brûkt foar Arabysktalige joadsk-kristlike teksten. Sa waarden oerâlde taalskaaimerken yn libben holden dy't út it Klassyk Arabysk al lang eliminearre wiene. Taalkundigen tsjutte dizze taalfariant oan as Midarabysk, mar it liket der mear op dat it eins in frijwol ûnferoare fuortsetting wie fan it Aldhidjazysk fan foar de opkomst fan 'e islaam wie.

Tsjin 'e ein fan 'e sechsde iuw hie him, benammen op basis fan 'e bedoeynske dialekten fan 'e Nêzjd (it sintrale diel fan it Arabysk Skiereilân), in yntertribale "poëtyske sprektaal" ûntjûn. Dat wie it begjinstadium fan it Klassyk Arabysk, dat himsels dúdlik ûnderskate fan 'e sprutsen foarmen fan it Aldarabysk. Om't it Aldarabysk yn 'e earste iuw fan 'e islaam foar de mearderheid fan 'e Arabyske dichters en skriuwers de memmetaal wie, kin men yn harren teksten, dy't oerlevere binne yn kopiëarre manuskripten út folle lettere tiden, noch net-standerdisearre eleminten weromfine yn 'e morfology en grammatika. Tsjin 'e achtste iuw wie kennis fan it Klassyk Arabysk in essinsjeel betingst wurden om foarút te kommen yn 'e islamityske wrâld. De standerdisearring fan it Klassyk Arabysk waard oan 'e ein fan 'e achtste iuw foltôge. De earste alomfiemjende beskriuwing fan 'e standerttaal, Al-Kitāb fan Sibawehi, ferskynde om dyselde tiid hinne. De skriuwer basearre dat wurk yn it foarste plak op in korpus fan dichterlike teksten, dy't er oanfolle mei Koraangebrûk en bedoeynske ynformanten, dy't er beskôge as de betrouberste sprekkers fan geef Arabysk.

Midsiuwske ynfloed

bewurkje seksje

Yn 'e Midsiuwen wie it Arabysk yn Jeropa in wichtige kultuerdrager, benammen op it mêd fan filosofy, wiskunde, natuerkunde en oare foarmen fan 'e wittenskip. Fan gefolgen namen in protte Jeropeeske talen Arabyske lienwurden op, lykas "admiraal", "algebra", "alkohol" en "sifer". De grutste ynfloed oefene it Arabysk út op it Spaansk en yn wat mindere mjitte op it Portegeesk en it Katalaansk, sawol fanwegen de neite fan it Ibearysk Skiereilân ta de Arabyske wrâld, as om't it Ibearysk Skiereilân fan 711 oant 1492 ûnderdiel fan 'e Arabyske wrâld wie. It Sisyljaansk omfettet sa'n 500 lienwurden út it Arabysk, wêrfan't in protte lânboukundige termen binne; dat is in beërf fan 'e Arabyske oerhearsking fan it eilân út 'e tiid fan it Emiraat Sisylje, dat fan 831 oant 1091 bestie. It Malteesk, de nasjonale taal fan Malta, is eins in taal dy't ôfstammet fan it Arabysk, en dy't yn dyselde snuorje op Malta plante is. Op 'e Balkan omfetsje ferskate talen, benammen it Gryksk, Bulgaarsk, Bosnysk en Albaneesk, ek in oansjenlik tal lienwurden út it Arabysk, dy't se oernommen hawwe fia it Turksk.

 
In side út in Midsiuwske Koraan út Moarsk-Andalûsje.

Ek yn oare dielen fan 'e wrâld hat it Arabysk grutte ynfloed útoefene op oare talen. Dêrby giet it benammen om talen fan islamityske folken, lykas it Perzysk en it nau besibbe Tadzjyksk; it Turksk, Koerdysk en Azerbeidzjaansk; de Berbertalen fan Noard-Afrika; it Nubysk fan súdlik Egypte; it Hausa fan noardlik Nigearia; it Somalysk fan 'e Hoarn fan Afrika; de Turkske talen fan Sintraal-Aazje, lykas it Kazachsk, Turkmeensk, Kirgizysk en Oezbeeksk; op it Yndyske subkontinint it Pataansk, Oerdû, Sindy, Kasjmiersk, Pûndjaabsk, Hindy, Bingaalsk, Assameesk en Orissaansk; yn Súdeast-Aazje it Maleisk, Yndonezysk en ferskate lytsere talen, lykas it Atjeesk; en fierders it Maledivysk en de talen fan kristlike lannen dy't oan 'e islamityske wrâld grinzgje, lykas it Armeensk en it Tagalok fan 'e Filipinen.

Hjoeddeistige foarmen fan it Arabysk

bewurkje seksje

Taalkundige Charles A. Ferguson skreau yn 1959 yn syn ynfloedrike wurk The Arabic Koine dat de hjoeddeistige Arabyske talen (of dialekten) allegearre fuortkommen wêze soene út ien inkele militêre sprektaal dy't ûntstie yn it tiidrek fan 'e grutte islamityske feroverings. Dy teory waard lange tiid akseptearre, mar kaam yn 'e ienentweintichste iuw ûnder fjoer te lizzen.

Achmed al-Djallad sloech yn 2009 foar dat der teminsten twa dúdlik ûnderskate soarten Arabysk bestiene oan 'e foarjûn fan 'e feroverings: in noardlik dialekt en in sintraal dialekt. De moderne Arabyske talen soene neffens him fuortkommen wêze út 'e nije kontaktsitewaasje mei sprekkers fan oare talen út 'e ferovere gebieten. Men kin dan tinke oan Arameesk yn 'e Fruchtbere Healmoanne, Egyptysk en Gryksk yn Egypte en de Berbertalen en mooglik Latyn en Fandaalsk yn 'e Magreb. Neffens Al-Djallad soene de hjoeddeistige Arabyske talen ferskate lagen fan substraat en ûntliening befetsje, dy't se op ferskillende mominten yn har ûntwikkeling opnommen hawwe soene.

 
Skoalbern yn Bachrein leare op skoalle it Modern Standertarabysk.

In trêde teory, fan Kees Versteegh, wol hawwe dat de moderne Arabyske talen fuortkamen út in proses fan pidginisearring, troch kontakten tusken Arabysksprekkers en de oars-talige oerwûne folken. Pidginisearring en in dêropfolgjende proses fan kreolisearring soe in goede ferklearring wêze foar de morfology en fonology fan 'e moderne Arabyske talen, dy't yn ferhâlding ta dy fan it Klassyk Arabysk sterk ferienfâldige is. Yn elts gefal hiene de yn 'e alfde en tolfde iuw yn Moarsk-Andalûsje ûntwikkele zadjal- en mûwasjah-foarmen fan poëzij grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan it Andalûsysk-Arabysk en it Magrebbynsk-Arabysk.

Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waarden ûnder ynfloed fan 'e Yndustriële Revolúsje en it Jeropeeske kolonialisme de earste drukparsen foar it Arabysk ûntwurpen en yn gebrûk nommen, lykas yn 1819 troch Mohammed Ali fan Egypte. Dêrtroch waard de oant dy tiid gongbere stadige en beheinde fersprieding en konsumpsje fan Arabysktalige literatuer en oare publikaasjes op dramatyske wize feroare. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw fûn der yn 'e hiele Arabyske wrâld in kulturele renêssânse plak, dy't bekend stiet as de Nachda. Dêrby waarden ferskate taalakademys foar it Arabysk oprjochte nei foarbyld fan 'e Académie Française, te begjinnen mei de Arabyske Akademy fan Damaskus, yn 1918. De nije akademys leine har derop ta om it Arabyske leksikon oan te passen oan 'e moderne tiid, in proses dêr't de moderne Arabyske standerttaal út fuortkaam dy't Westerske taalkundigen oantsjutte as it Modern Standertarabysk. (Arabysktaligen sels meitsje ornaris gjin ûnderskie tusken it Klassyk Arabysk en it Modern Standertarabysk.)

In foarbyld fan dy oanpassing fan it Arabysk oan 'e moderne tiid is it jaan fan in nije betsjutting oan in wurd út it Klassyk Arabysk (in proses dat bekendstiet as tawlīd of "tâliid"). It wurd al-hatif wie bgl. yn it Klassyk Arabysk in term foar immen waans stim men wol hearre koe, mar dy't men sels net sjen koe. Yn it Modern Standertarabysk krige dat wurd de nije, bykommende betsjutting fan "tillefoan".

It Arabysk is in offisjele taal yn 25 lannen, yn 1 autonome regio en fan in grut tal ynternasjonale organisaasjes. It genietet erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn 10 lannen en 1 autonome regio.

Arabysk as iennichste offisjele taal

bewurkje seksje

It Arabysk is de iennichste (of iennichste lanlike) offisjele taal fan 'e folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
lannen mei beheinde erkenning
ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)

Arabysk ko-offisjeel mei 1 oare taal

bewurkje seksje

It Arabysk is ko-offisjeel mei 1 oare offisjele taal yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
lannen mei beheinde erkenning
ynternasjonale organisaasjes

Arabysk ko-offisjeel mei 2 oare talen

bewurkje seksje

It Arabysk is ko-offisjeel mei 2 oare offisjele talen yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
lannen mei beheinde erkenning
subnasjonale regio's
ynternasjonale organisaasjes

Arabysk ko-offisjeel mei 3 oare talen

bewurkje seksje

It Arabysk is ko-offisjeel mei 3 oare offisjele talen yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
  •   Somaalje (2 fan 'e oare talen hawwe in legere wetlike status as it Arabysk)
ynternasjonale organisaasjes

Arabysk ko-offisjeel mei 5 oare talen

bewurkje seksje

It Arabysk is ko-offisjeel mei 5 oare offisjele talen yn 'e folgjende organisaasjes.

Arabysk erkend as regionale taal of minderheidstaal

bewurkje seksje

It Arabysk genietet erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn 'e folgjende lannen en regio's:

ûnôfhinklike lannen
subnasjonale regio's

Tal sprekkers

bewurkje seksje

It Arabysk yn 'e sin fan 'e standerttaal, it Modern Standertarabysk, is in deade taal sûnder memmetaalsprekkers, dy't inkeld sprutsen wurdt as in op 'e skoalle oanlearde twadde taal en lingua franca. De hjoeddeistige Arabyske talen of dialekten hiene lykwols anno 2018 mei-inoar 310 miljoen memmetaalsprekkers. Dêr kamen nochris 110 miljoen twadde-taalsprekkers by, sadat it totaal tal Arabysksprekkers om 'e 420 miljoen hinne leit. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld, nei it Mandarynsk, Spaansk, Ingelsk en Hindy.

 
In kalligrafist fan it Arabysk-Perzysk skrift oan it wurk.
  De Wikipedy hat ek in side Arabysk-Perzysk skrift.

It Arabysk wurdt skreaun yn it Arabysk-Perzysk skrift, dat fia it Nabateesk skrift weromgiet op it Arameesk skrift, dat wer basearre wie op it Fenisysk skrift. It Arabysk-Perzysk skrift wurdt skreaun fan rjochts nei lofts. It is net inkeld yn gebrûk foar it Arabysk, mar ek foar oare talen dy't sprutsen wurde troch islamityske folken, lykas Perzysk, Pataansk en Oerdû. Tradisjoneel binne der in stikmannich ferskillen tusken it Arabysk-Perzyske skrift sa't dat brûkt wurdt yn 'e Magreb en sa't it brûkt wurdt yn it Midden-Easten. De Magrebbynske ferzje is lykwols yn ûnbrûk rekke, útsein foar kalligrafy en wat de sifertekens oangiet. Dat binne deselde sifertekens dy't ek yn 'e Westerske wrâld brûkt wurde, wylst yn it Midden-Easten sifers hiel oars skreaun wurde. It Arabysk-Perzyske skrift hat fierders ferskate skriuwstilen wêrûnder thuluth, muhaqqaq, tawqi, rayhan en fral nasch, dat de styl is dy't troch drukparsen en op kompjûters brûkt wurdt, en ruq‘aẗ, de foarm dy't ornaris foar hânskreaune briefkerij brûkt wurdt.

Oarspronklik bestie it Arabysk-Perzysk skrift allinnich út letters (rasm) sûnder diakrityske tekens (muqaṯ). Dy waarden letter tafoege sadat lêzers letters útinoar hâlde koene lykas ب (b), ت (t) en ث (stimleaze th), en ح (ḥ; yn 'e kiel útspr. stimleaze h-klank), ج (dj), خ (ḫ; ch fan "berch"). Om't it Arabysk-Perzysk skrift in konsonanteskrift is, waarden de fokalen earst hielendal net skreaun. Uteinlik waard in systeem ûntwikkele om mei ekstra diakrityske tekens (taškil en harakat) de fokaalwearden fan wurdlidden oan te jaan. Dêrby moat oantekene wurde dat dat systeem lang net altyd brûkt wurdt. It Arabysk-Perzyske skrift sa't dat no bestiet, waard yn 786 fêstlein troch Chalil ibn Achmed al-Farahidi. Oars as yn 'e Westerske wrâld is yn 'e Arabyske wrâld kalligrafy net fierhinne yn ûnbrûk rekke; ynstee wurdt it dêr noch altyd as ien fan 'e grutste keunstfoarmen sjoen, en kalligrafisten steane yn heech oansjen.

 
De flagge fan 'e Arabyske Liga mei yn 'e midden in moai foarbyld fan Arabyske kalligrafy.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Arabysk hat yn syn skiednis in protte ynfloed op oare talen útoefene, mar it hat ek sels ynfloeden fan oare talen ûndergien. Sa oefene yn 'e pre-islamityske tiid it Arameesk in sterke ynfloed op it Arabysk út, mei't dat yn 'e Aldheid yn it Midden-Easten iuwenlang it wichtichste middel foar kommunikaasje tusken sprekkers fan ferskillende talen wie. Foar religieuze termen ûntliende it Arabysk letter in protte oan it Geëz, de taal fan it Aksûmityske Ryk yn 'e Hoarn fan Afrika, en yn mindere mjitte oan it Hebriuwsk. Fierders komme in protte kulturele, politike en ek religieuze Arabyske wurden út 'e Iraanske talen (benammen it Midperzysk, it Partysk en it Nijperzysk) en út it Hellenistysk-Gryksk. Yn 'e moderne tiid komme lienwurden yn it Arabysk benammen út it Frânsk en it Ingelsk.

It wurd مدينة, madīnaẗ, yn 'e measte Westerske talen oernommen as 'medina', dat "binnenstêd" of "stedsplein" betsjut, is bgl. fan Arameeske of Hebriuwske oarsprong, fan מדינה, dat "steat" betsjut. It wurd جزيرة, ǧazīraẗ (faak minder sekuer transliterearre as jazirah of jazeera), dat "eilân" betsjut, komt fan ܓܙܝܪܗ, gazīra, in wurd út Syrysk, dat in dochtertaal fan it Arameesk is. En لازورد, lāzaward, de namme fan 'e ealstien "lapis lazûly", komt fan it Perzyske لاژورد, lājvard. Dat wurd is letter wer út it Arabysk liend troch in protte Westerske talen: azur yn it Frânsk, azul yn it Portegeesk en Spaansk, azuur yn it Nederlânsk en "azuer" yn it Frysk.

It Modern Standertarabysk hat seis fokalen. Der binne trije koarte: [a] (a fan "lam"), [i] (y fan "wyt") en [u] (û fan "rûch"), mei dêropta trije lange: [a:] (aa fan "laad"), [i:] (ii fan "wiid") en [u:] (û fan "sûch"). Fierders binne der twa twaklanken: [aw] (liket op â fan "lân" niigjend nei au fan "lau") en [aj] (liket op ai fan "laitsje" mei in Wâldfryske útspraak).

klank (IPA) útspraak sekuere
transliteraasje
likernôge
transliteraasje
[a] a fan "lam" a a
[a:] aa fan "laad" ā aa
[i] y fan "wyt" i i of y
[i:] ii fan "wiid" ī ii
[u] û fan "rûch" u û
[u:] û fan "sûch" ū û
[aw] â fan "lân" niigjend nei au fan "lau" aw â of au
[aj] ai fan "laitsje" (Wâldfryske útspr.) ay ai

De measte hjoeddeistige Arabyske talen hawwe deselde trije koarte fokalen en deselde beide twaklanken, mar fiif lange fokalen: [a:], [i:] en [u:] mei dêropta [e:] (ee fan "leed") en [o:] (oo fan "rook"). De útspraak fan 'e fokalen ferskilt fan sprektaal ta sprektaal, mar oer it algemien kin steld wurde dat de [a] en [a:] út it Modern Standertarabysk yn 'e measte Arabyske talen oerhingje ta [æ] (de klank fan it Ingelske hat), resp. [æ:] (de klank fan it Ingelsk sad), of ta [ɛ] (e fan "lek"), resp. [ɛ:] (ê fan "dêr"). As se folgje op faryngale (yn 'e kiel útsprutsen) konsonanten wurdt dy útspraak lykwols troch de foarm fan 'e mûle ûnmooglik makke en bliuwe se [a], resp. [a:].

 
It Arabyske wurd Allāh ("God") yn it Arabysk-Perzysk skrift.

It Modern Standertarabysk omfettet 28 ûnderskate konsonanten. De [b], [d], [f], [j], [k], [m], [n], [r], [s], [t] en [z] binne bekend om't dy ek yn it Frysk foarkomme. Oare bekende klanken binne [ʃ] (sj fan "sjippe"), [w] (w fan "skowe") en ʤ (dzj fan "siedzje"). De Arabyske [l] skaait krekt as de Fryske l gauris út nei in tsjûke l [ɫ], bgl. yn it wurd الله, Allāh.

Fierders binne der de [x] (ch fan "berch") en [ɣ] (g fan "bûge"), dy't ek wol fierder nei de kiel ta útsprutsen wurde kinne, as [χかい], resp. [ʁ]. De Arabyske h is eins de stimhawwende glottale frikatyf [ɦ], oftewol in oerdreaun útsprutsen h-klank. Ek bekend binne [θしーた], de stimleaze th (lykas yn it Ingelske thin) en [ð], de stimhawwende th (lykas yn it Ingelske this).

De [q] is in yn 'e kiel útsprutsen k-klank, en de [ʔ] is de glottisslach, oftewol de klank tusken de beide gelikense lûden yn wurden as "Aäron" en "koöperaasje". Fierders hat it Arabysk noch seis konsonanten dy't foar Frysksprekkers folslein ûnbekend binne. Dêrby giet it om [ħ], in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h-klank, [ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h-klank en fjouwer saneamde emfatyske konsonanten, dy't mei klam yn 'e kiel útsprutsen wurde: [dˁ], [ðˁ], [sˁ] en [tˁ].

klank (IPA) útspraak sekuere
transliteraasje
(DMG-Umschrift)
likernôge
transliteraasje
(bas. op Fryske stavering)
[b] b fan "bêd" b b
[d] d fan "dan" d d
[dˁ] mei grutte klam yn 'e kiel útspr. d-klank d
[ð] stimhawwende th fan this d
[ðˁ] mei grutte klam yn 'e kiel útspr. stimhawwende th d
[f] f fan "fak" f f
[ɣ] ~ [ʁ] g fan "bûge" ġ g
[ɦ] oerdreaun útspr. h-klank h h
[ħ] yn 'e kiel útspr. stimleaze h-klank h
[ʕ] yn 'e kiel útspr. stimhawwende h-klank ʿ of ‘ h
[j] j fan "jas" y j
[k] k fan "kat" k k
[l] ~ [ɫ] l fan "lân" l l
[m] m fan "mem" m m
[n] n fan "net" n n
[q] yn 'e kiel útspr. k-klank q k
[r] r fan "rok" r r
[s] s fan "sin" s s
[sˁ] mei grutte klam yn 'e kiel útspr. s-klank s
[ʃ] sj fan "sjippe" š sj
[t] t fan "tik" t t
[tˁ] mei grutte klam yn 'e kiel útspr. t-klank t
stomme letter wurdeinige h of —
[θしーた] stimleaze th fan thin t
[w] w fan "skowe" w w
[x] ~ [χかい] ch fan "berch" ch
[z] z fan "wêze" z z
[ʤ] zj fan "bagaazje" /
dzj fan "siedzje"/
dj fan "djoer"
j dj of dzj
[ʔ] glottisslach: klank tusken gelikense lûden yn "koöperaasje" ʾ of ’

N.B.: de klanken [ɡ] (g fan "goed") en p (fan "pet") komme yn 'e Arabyske standerttaal net foar (en de p ûntbrekt ek yn alle sprektalen).

Yn it Modern Standertarabysk hat de letter jīm (ج) de wearde [ʤ] (dzj fan "siedzje"), mar yn 'e hjoeddeistige Arabyske sprektalen wurdt dyselde klank op ferskate manearen útsprutsen. De útspraak [ʤ] komt fral foar yn noardlik Algerije, Irak en it meastepart fan it Arabysk Skiereilân, mar mei yn beskate posysjes as allofoan [ʒ] (zj fan "bagaazje"). Yn 'e Levant en it grutste part fan 'e Magreb seit men altyd fan [ʒ], wylst yn Egypte en beskate kriten fan Jemen en Omaan de útspraak [ɡ] (g fan "goed") is. Yn oare regio's fan Jemen, en ek yn in grut part fan Sûdaan, seit men ynstee [ɡʲ] (gj fan "gjin") of [ɟ] (dj fan "djoer"), dat eins de oarspronklik útspraak fan dizze klank yn it Klassyk Arabysk wie.

 
De saneamde Blauwe Koraan, in manuskript út 'e 9e of de 10e iuw, skreaun yn 'e Magrebbynske foarm fan it Arabysk-Perzysk skrift.

De stimleaze th [θしーた] (th fan thin) wurdt yn guon sprektalen útsprutsen as [s] (s fan "sin"), wylst er yn 'e Magreb soms ek reälisearre wurdt as [ʦ] (ts fan "tsiis"). Fierders wurde yn in protte sprektalen de faryngale [ħ] en [ʕ] noch fierder nei efteren yn 'e kiel útsprutsen as de epiglottale [ʜ] resp. [ʢ].

De emfatyske konsonant [dˁ] waard yn it Klassyk Arabysk eins útsprutsen as [ɮˁ] (in faryngalisearre stimhawwende alveolêre laterale frikatyf) of mooglik as [dɮˁ] (in faryngalisearre stimhawwende alveolêre laterale affrikaat), mar yn elts gefal in tige seldsume klank. Yn 'e Midsiuwen neamden de Arabieren harren taal dêrom ek wol luġat al-ḍād, "de taal fan 'e ḍād" (ḍād is de namme fan dy letter). Se mienden nammentlik dat dy klank unyk wie foar harren taal; eins komt er lykwols ek foar yn inkele lytsere Semityske talen, lykas it Súdarabyske Machrysk. De ḍād [dˁ] (skreaun as ض) en de oare trije faryngalisearre konsonanten fan it Arabysk, ẓa’ [ðˁ] (ظ), ṣād [sˁ] (ص) en ṭa’ [tˁ] (ط), komme fuort út 'e Proto-Semityske ejektive konsonanten [d’], [ð’], [s’], resp. [t’], dy't foar yn 'e mûle mei ekstra krêft útsprutsen waarden. Yn 'e hjoeddeistige Arabyske talen fertoane se sawol faryngalisaasje as útinoar rinnende mjitten fan felarisaasje.

Fierders komt yn it Arabysk ek it ferskynsel geminaasje foar, wêrby't konsonanten twa kear sa lang útsprutsen wurde as normaal. Dat ferskil kin betsjuttingsûnderskiedend wêze. De oanwêzigens fan sokke lange konsonanten wurdt yn it Arabysk-Perzyske skrift oanjûn mei in diakritysk teken dat in šaddaẗ of sjadda(h) hjit (ferlykje قبل, qabila, "hy stimde ta", en قبّل, qabbala, "hy tute"). Yn 'e transliteraasje wurdt dit ferskynsel werjûn troch ferdûbeling fan 'e konsonanten (bgl. bb, dd, ensfh.).

 
Foarbylden fan 'e wurking fan it systeem fan triliterale wurdstammen yn it Arabysk.

Krekt as by oare Semityske talen is yn it Arabysk de grammatika basearre op saneamde triliterale stammen. Dat binne patroanen fan wurden dy't besteane út trije konsonanten, oanfolle mei fokaalwikselings, foarheaksels en efterheaksels om se te ferbûgen. It Arabyske wurd foar "ik skreau" wurdt bgl. gearstald út 'e triliterale wurdstam k-t-b ("skriuwe"), mei it fokaalpatroan -a-a- en it efterheaksel -tu, dat de earste persoan inkeltal yn 'e doetiid oanjout, dus "ik …de".

Sa komt it wurd katabtu ta stân, dat "ik skreau" betsjut. De earste persoan inkeltal yn 'e doetiid fan oare tiidwurden hat ornaris itselde patroan, mar mei in oare triliterale stam, lykas qara’tu ("ik lies"), akaltu ("ik iet"), ḏahabtu ("ik gie"). Oare farianten binne ek mooglik, lykas šaribtu ("ik dronk"), qultu ("ik sei") en takallamtu ("ik spriek"), wêrby't it subpatroan om 'e doetiid oan te jaan oars is, mar it efterheaksel -tu, dat de earste persoan inkeltal werjout, itselde bliuwt.

Op dy wize kinne fan 'e triliterale stam k-t-b withoefolle wurden ôflaat wurde troch ferskillende fokaalpatroanen en foar- en/of efterheaksels ta te passen:

أَكْتُبُ, ’aktubu – "ik skriuw"
كَتَبْتُ, katabtu – "ik skreau"
أُكَتِّبُ, ’ukattibu – "ik haw (wat) skreaun"
كَتَّبْتُ, kattabtu – "ik hie (wat) skreaun"
أُكَاتِبُ, ’ukātibu – "ik skriuw (korrespondearje) (mei immen)"
كَاتَبْتُ, kātabtu – "ik skreau (korrespondearje) (mei immen)"
أُكْتِبُ, ’uktibu – "ik skriuw foar"
أَكْتَبْتُ, ’aktabtu – "ik skreau foar"
أَكْتَتِبُ, ’aktatibu – "ik skriuw my yn"
اِكْتَتَبْتُ, iktatabtu – "ik skreau my yn"
نَتَكَتِبُ, natakātabu – "we skriuwe (korrespondearje) mei-inoar"
تَكَاتَبْنَا, takātabnā – "we skreaune (korrespondearren) mei-inoar"
كُتِبَ, kutiba – "it wie skreaun"
أُكْتِبَ, ’uktiba – "it wie foarskreaun"
مَكْتُوبٌ, maktūbun – "skreaun"
مُكْتَبٌ, muktabun – "foarskreaun"
كِتَابٌ, kitābun – "boek"
كُتُبٌ, kutubun – "boeken"
كَاتِبٌ, kātibun – "skriuwer"
كُتَّابٌ, kuttābun – "skriuwers"
مَكْتَبٌ, maktabun – "buro (skriuwtafel)" of "kantoar"
مَكْتَبَةٌ, maktabatun – "bibleteek" of "boekhannel"

Dialekten (of talen)

bewurkje seksje
 
De moderne Arabyske talen of dialekten (begrinzgings by benadering):

██ 1: Moarsk

██ 2: Marokkaansk

██ 3: Saharaansk

██ 4: Algerynsk

██ 5: Tunezysk

██ 6: Libysk

██ 7: Egyptysk

██ 8: Eastegyptysk

██ 9: Saïdysk

██ 10: Tsjadysk

██ 11: Sûdaneesk

██ 12: Sûdaneesk-Kreoalsk

██ 13: Nêzjdysk

██ 14: Súdlevantynsk

██ 15: Noardlevantynsk

██ 16: Noardmesopotamysk

██ 17: Mesopotamysk

██ 18: Golfarabysk

██ 19: Baharna

██ 20: Hidjazysk

██ 21: Sjihysk

██ 22: Omaansk

██ 23: Dofaarsk

██ 24: Sanaänitysk

██ 25: Taïzzysk-Adenitysk

██ 26: Hadramautysk

██ 27: Oezbeeksk-Arabysk

██ 28: Tadzjyksk-Arabysk

██ 29: Syprioatysk

██ 30: Malteesk

██ 31: Nûby-Arabysk


  De Wikipedy hat ek in side Arabyske talen.

De hjoeddeistige Arabyske talen wurde troch Arabieren ornaris as dialekten oantsjut, mar taalkundigen sjogge se yn 'e regel as selsstannige talen, mei't se faak net ûnderling fersteanber binne. Fan in taalkundich perspektyf út wurdt gauris steld dat de Arabyske talen krekt likefolle faninoar ferskille as de Romaanske talen (Frânsk, Spaansk, Portegeesk, Italjaansk, Roemeensk, Katalaansk, Oksitaansk, ensfh.). De fraach oft it Arabysk ien taal mei in protte ferskillende dialekten is, of in taalgroep besteande út ferskate tsientallen selsstannige talen, hat in politike lading en leit dêrom gefoelich. It soe ferlike wurde kinne mei lyksoartige kwestjes dy't besteane om it Sineesk hinne, om it Hindy en Oerdû hinne, en om 'e nasjonale fariëtetien hinne dy't fuortkommen binne út it Servo-Kroätysk (Servysk, Kroätysk, Bosnysk en Montenegrynsk). Mar wylst sprekkers fan it Hindy en it Oerdû, of fan it Servysk en it Kroätysk, úthâlde dat se inoar net ferstean kinne, wylst se dat wól kinne, beweare sprekkers fan it Arabysk dat se inoar wól ferstean kinne wylst dat nèt sa is.

Fan in etnyske Arabier fan lykfol hokker nasjonaliteit dy't in beskate mjitte fan taalûnderwiis genoaten hat, mei oannommen wurde dat er sawol syn memmetaal sprekt, ien fan 'e hjoeddeistige Arabyske sprektalen, as it Modern Standertarabysk, dat er op skoalle as twadde taal oanleard hat. As Arabieren dy't ferskillende Arabyske sprektalen as memmetaal hawwe, mei-inoar yn petear reitsje, bgl. in Marokkaan en in Libanees, moatte se dêrfoar harren taflecht nimme ta it Modern Standertarabysk, om't se inoar oars net ferstean kinne. Dêrby moat oantekene wurde dat Arabysksprekkers harren bekendheid mei oare Arabyske talen faak ferbetterje troch it harkjen nei muzyk of it sjen fan films yn dy taal. Om't de measte Arabyske films fan âlds yn Egypte makke wurde, binne lju yn 'e hiele Arabyske wrâld bekend mei it Egyptysk-Arabysk, de taal dy't yn Kaïro sprutsen wurdt.

De Arabyske talen falle útinoar yn trije grutte groepen: it Magrebbynsk-Arabysk fan 'e Magreb, it Nilo-Egyptysk-Arabysk fan Egypte, Sûdaan en dielen fan Súd-Sûdaan en de eastlike Sahara, en it Middeneastlik-Arabysk fan it Midden-Easten. Dêrby steane it Middeneastlik-Arabysk en it Nilo-Egyptysk-Arabysk tichter byinoar as by it Magrebbynsk-Arabysk; dy beide groepen foarmje sadwaande it Masjrikynsk-Arabysk (Magreb is Arabysk foar "westen" en Masjrik betsjut "easten"). De ferskillen tusken de Arabyske talen binne alteast foar in part werom te fieren op it ferskillende substraat: de talen dy't al sprutsen waarden yn dat spesifike gebiet foar't se ferkrongen waarden troch it Arabysk. Foar in grut part fan 'e Fruchtbere Healmoanne gie dêrby om it Arameesk, yn it Egypte om it Koptysk, yn 'e Magreb om 'e Berbertalen en yn it suden fan it Arabysk Skiereilân om 'e Súdarabyske talen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.