Entûsjasme
Entûsjasme, ek besieling of fjoer, is in gemoedstastân wêrby't men jin drok en útskroeven hâldt en draacht en in protte genietet of grutte blydskip, belangstelling of goedkarring foar eat of immen fielt. As wurd komt 'entûsjasme' oarspronklik út it Aldgryksk, fan ἐνθουσιασμός, enthousiasmos, in gearstalling fan ἐ
Ut dyselde betsjutting wei waard in fjirde-iuwske kristlike streaming yn Syrje de Entûsjasten neamd. Hja leauden nammentlik dat se troch oanhâldend gebed, asketyske praktiken en kontemplaasje ynspirearre reitsje koene troch de Hillige Geast, ek al wiene se troch de sûndefal bejeftige wurden in kweadaardige (minsklike) geast. Om't se sa yn 'e wurking fan it gebed leauden, waarden se ek wol de euchiten neamd. Ferskate protestantske sekten út 'e sechstjinde en santjinde iuw waarden ek 'entûsjast' neamd. Yn 'e tiid nei de Glorieuze Revolúsje fan 1688 wie de oantsjutting 'entûsjasme' yn it Keninkryk Ingelân in delbûgende term foar it iepentlik en fol fjoer oanhingjen fan in politike of religieuze saak, d.w.s. in synonym fan fanatisme. Om 1700 hinne waard sok 'entûsjasme' yn Ingelân nammentlik sjoen as de oarsaak fan 'e Ingelske Boargeroarloch út 'e 1640-er jierren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |