Ynternasjonaal Systeem fan Ienheden
It SI-stelsel is it op 11 oktober 1960 ynfierde Internationale Stelsel fan Ienheden[1][2] (Frânsk: Système international d’Unités (SI)). De standert wurdt beheard troch it Bureau international des poids et mesures yn Sèvres, Frankryk. Frankryk wie ek it earste lân dat dit systeem (doe noch nasjonaal) ynfierde op 10 desimber 1799.
Eltse natuerkundige of gemyske grutheid kin útdrukt wurde yn ienheden (bygelyks: ôfstân yn in meter en tiid yn sekonden).
It SI is bedoeld om ynternasjonaal maklik gegevens útwikselje te kinnen. Oarspronklik hiene in protte lannen ferskillende maatstelsels. De Britten en de Amerikanen brûke noch faak net-SI-ienheden, lykas pûn (foar massa), inch, foot, yard en mile (foar lingte of ôfstân). Ek yn Libearia en Myanmar (it eardere Birma) wurde dizze ienheden nog algemien brûkt. Dy sahjitten ymperiale ienheden binne ek wenstich by it mjitten fan de diameter of diagonaal fan in oantal dingen as fytstsjillen (ferâldere), trommels, kompjûtermonitors, de ôfmjittings fan oare kompjûterûnderdieleen, it raster fan printplaten of de resolúsje fan bygelyks printers.[3]
Neist it ymperiale stelsel binne der ek net-SI-ienheden dy't wol goedkard binne foar gebrûk yn de mande mei SI-ienheden. Foarbylden hjirfan binne de liter (foar ynhâld), oere en minút foar tiid en graden Celsius foar temperatuer (de SI-ienheden foar dizze grutheden binne respektivelik kubike meter foar ynhâld, sekonde foar tiid, kelvin foar temperatuer en joule foar enerzjy). Ek hjirfan ôflate ienheden (as de kilowattoere dy't in soad brûkt wurdt as ienheid fan enerzjy by elektrisiteitsleverânsje) binne gjin SI-ienheden, mar wol tastien.
SI-basisienheden
bewurkje seksjeDe sân, ûnderling ûnôfhinklike basisienheden binne:
grutheid | SI-basisienheid | |
---|---|---|
namme | symboal | |
lingte | meter | m |
massa | kilogram | kg |
tiid | sekonde | s |
elektryske stroom | ampêre | A |
absolute temperatuer | kelvin | K |
hoemannichte stof | mol | mol |
ljochtsterkte | candela | cd |
Alle oare SI-ienheden kinne útdrukt wurde yn termen fan dizze basisienheden.
Werdefinysje basisienheden
bewurkje seksjeYn 2007 besleat de 23e gearkomst fan de Conférence Générale des Poids et Mesures om te kommen ta nije definysjes fan de basisienheden, sadanich dat dizze allinnich noch fan fûnemintele natuerkonstanten ôfhingje. Dit betreft foaral de kilogram, de ampêre, de kelvin en de mol, wêrfan de hjoeddeiske definysjes direkt of yndirekt keppele binne oan bygelyks spektraallinen of artefakten.[4]
Oflate SI-ienheden
bewurkje seksjeFan dizze basisienheden binne ôflate ienheden makke, lykas m² (kante meter) foar oerflakkte, of hertz, definearre as s-1.
SI-prefiksen (fermannichfâldigingsfaktoaren)
bewurkje seksjeNeist de SI-ienheden binne ek de SI-foarheaksels of -prefiksen definearre:
10n | foarheaksel | symboal | naam | desimaal ekwifalint |
---|---|---|---|---|
1024 | yotta | Y | kwadriljoen | 1 000 000 000 000 000 000 000 000 |
1021 | setta | Z | triljard | 1 000 000 000 000 000 000 000 |
1018 | eksa | E | triljoen | 1 000 000 000 000 000 000 |
1015 | peta | P | biljard | 1 000 000 000 000 000 |
1012 | teara | T | biljoen | 1 000 000 000 000 |
109 | giga | G | miljard | 1 000 000 000 |
106 | mega | M | miljoen | 1 000 000 |
103 | kilo | k | tûzen | 1 000 |
102 | hekto | h | hûndert | 100 (ûnoffisjeel net mear tastien) |
101 | deka | da | tsien | 10 (ûnoffisjeel net mear tastien) |
10−1 | desi | d | tsiende | 0,1 (ûnoffisjeel net mear tastien) |
10−2 | sinti | c | hûndertste | 0,01 (ûnoffisjeel net mear tastien) |
10−3 | milly | m | tûzenste | 0,001 |
10−6 | micro | µ | miljoenste | 0,000 001 |
10−9 | nano | n | miljardste | 0,000 000 001 |
10−12 | pico | p | biljoenste | 0,000 000 000 001 |
10−15 | femto | f | biljardste | 0,000 000 000 000 001 |
10−18 | atto | a | triljoenste | 0,000 000 000 000 000 001 |
10−21 | septo | z | triljardste | 0,000 000 000 000 000 000 001 |
10−24 | yocto | y | kwadriljoenste | 0,000 000 000 000 000 000 000 001 |
Yn de lannen fan de Europeeske Uny is it brûken fan it SI as ienich tastiene stelsel wetlik ferplicht. Yn it Feriene Keninkryk bliuwt it gebrûk fan de ymperiale ienheden foar massa en lingte lykwols tastien, hoewol't de Britske oerheid al yn 1976 grutte kampanjes fierde om it metryske stelsel yn te fieren.
Merk op dat de foarheaksels mega en grutter allegear op in -a einigje, en dat mikro en lytser allegear op in -o einigje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|