(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Luna 9 - Wikipedy Springe nei ynhâld

Luna 9

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jul 2020 om 11.42 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st: 'yn't foar' -> 'yn 't foar')
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Luna 9

De Luna 9 (NSSDC ID: 1966-006A) wie it earste, ûnbemanne, romteskip dat lâne op de Moanne.

De Luna 9 wie in romteskip fan de Sowjetuny. It waard 31 jannewaris 1966 om 11.45 lansearre fan it Baikonur Kosmodroam. Op 3 febrewaris om 18.44.52 (UTC), lâne de Luna 9 as earste romteskip op de Moanne, yn de See fan Stoarmen, op 7.13° N - 60.36° W. It wie dêrmei net it earste romteskip dat de Moanne berikke; dat wie de Luna 2, dy't tsjin de Moanne tepletter sloech. De Luna 9 wie it earste romteskip dat lâne op de Moanne, troch ôf te remjen wylst it del kaam, en dêrmei it earste romteskip dat noch funksjonearre doe't de Moanne berikt wie. Op dy wize waard útfûn dat in romteskip op de moanne net weisonk yn in laach moannestof, wat yn 't foar al foar mooglik naam wie.

It part dat lâne, wie in 58 sintimeter grutte, hermetysk-tichte bol mei in massa fan 99 kilo. It hie in kamera en in stjoerder by him, en dêrmei stjoerde it, yn de rin fan krekt wat mear as twa dagen, byelkoar 8 oeren en 5 minuten lang foto's nei de Ierde, oant op 5 febrewaris om 22.55 de akku's leech wienen. De yn totaal 27 foto's lieten it oerflak fan de Moanne fan tichtby sjen. Trochdat de Luna 9 nei de earste searje wat fersetten rekke wie, wie it mooglik om mei de foto's in panorama yn stereografy fan it Moanneoerflak te meitsjen.