(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Gordianus III - Wikipedy Springe nei ynhâld

Gordianus III

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 jun 2009 om 23.35 troch Geoffrey (oerlis | bydragen) (tikflaters)
Buste fan Gordianus III

Markus Antonius Gordianus Pius (225 - 11 febrewaris 244), better bekend as Gordianus III, wie in Romeins keizer fan 238 oant 244.

Ofkomst

Gordianus wie de soan fan Antonia Gordiana,[1] dy't de dochter wie fan Gordianus I en suster fan Gordianus II. De namme fan syn heit is ûnbekend. Guon boarnen sizze dat syn eigen namme ek net seker is, omdat er bekend wurden is mei de namme dy't er yn 238 fan syn pake oernaam.

Op de leeftyd fan trettjen waard hy ta keizer kroand, neidat syn foargongers Balbinus en Pupienus fan kant makke wienen. Under ynfloed fan syn learaar, grutbringer en riedjouwer Timestus waard hy it Romeinske folk tige dierber. Hy koe de grinzen fan it Romeinske ryk op 'e nij feilich stelle, in opstân yn Afrika del slaan en de Goaten en Sarmaten oerwinnen. Doe Timestus kaam te ferstjerren, beneamde hy Markus Iulius Philippus Arabs ('de Arabier') as rieDsjouwer. Nei alle gedachten spile dizze in wichtige rol yn syn dea.

Fuotnoot

  1. Dit wie in dochter fan Gordianus I. De Historia Augusta (Gordianus III 4.2.) jout de namme Maesia Faustina, mar dizze nAmme is omstriden.

Keppeling om utens