(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Roek - Wikipedy Springe nei ynhâld

Roek

Ut Wikipedy
roek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kriefûgels (Corvidae)
skaai krieën (Corvus)
soarte
Corvus frugilegus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     eksoat


De roek of ‘rûts’ (wittenskiplike namme: Corvus frugilegus) heart ta de famylje fan de kriefûgels (wittenskiplike namme: Corvidae) en is ien fan de 45 soarten fan it skaai fan de krieën (Corvus).

De swarte fûgel is sa’n 45 cm grut, in bytsje lytser as de swarte krie, mar dúdlik grutter as de ka. Hy hat in betreklik lytse kop en in ljochtgrize, keale snaffelbasis en kin, oergeand yn in grize, puntige snaffel. It swart fan de mantel hat in pearzige glâns. De geslachten hawwe itselde foarkommen.

De roek komt in grutte dielen fan Jeropa en Aazje foar. De heechste oantallen hawwe Grut-Brittanje en Wyt-Ruslân. Se binne ek yntroduseare yn Nij-Seelân. Yn it westlike diel fan it fespriedingsgebiet is de roek meast stânfûgel, mear nei it easten is hy foaral in trekfûgel. Oant 1940-1970 waard noch folle op roeken jage, omdat hy skealik foar de lânbou wêze soe. Yn Nederlân briede sa’n 50.000 roekpearen (2019), yn Fryslân nei alle gedachten tusken de 6000 en 10.000 pearen. Yn dizze streken is de roek hieltyd minder in trekfûgel.

Corvus frugilegus

Libbenswize en fuortplanting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roeken ite wjirms, slakken en ynsekten likegoed as plantaardich fiedsel, sa as nuten, sieden en fruchten. Se libje en briede yn koloanjes heech yn de beammen. Se foarmje briedpearen foar it libben. De nêsten wurde ier yn maart makke fan twigen en oare materialen, bytiden ek út oare nêsten. De 3 ta 6 griis-griene aaien wurde ein maart, begjin april lein, en wurde 16-19 dagen bebret. De jongen wurde sa’n fjouwer wiken yn it nêst fuorre, earst troch it mantsje, letter troch beide âlden. Nei it úfleanen foarmje de jongen troepen fan jonge fügels, wêrút twa seizoenen letter nije briedpearen fuortkomme.

De roek komt in twa ûndersoarten foar:

  • Corvus frugilegus frugilegus, Jeropa, M- en SW-Aazje
  • Corvus frugilegus pastinator, E-Aazje; mist wite kin en soe ek in apart soarte wêze kinne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]