(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Wade-Giles - Wikipedy Springe nei ynhâld

Wade-Giles

Ut Wikipedy

Wade-Giles (Ingelske útspr.: [ˌwe:ͥd ˈʤai̭lz], likernôch "ûeed-dzjailz"), soms ferkoarte ta Wade, is in no fierhinne yn ûnbrûk rekke transliteraasjesysteem dat bedoeld is om Sineesktalige nammen, wurden of hiele teksten om te letterjen fan Sineeske karakters (Hanzi) nei it Latynske alfabet. It waard yntrodusearre troch Thomas Wade yn 1859 en yngeand oanpast troch Herbert Giles yn 1892. Wade-Giles wie basearre op it dialekt fan Peking (it Standertmandarynsk), en ferfong eardere transliteraasjesystemen dy't útgien wiene fan it dialekt fan Nanking. Bûten Sina waard Wade-Giles it grutste part fan 'e tweintichste iuw brûkt as standerttransliteraasjesysteem, benammen yn 'e Angelsaksyske lannen, mar ek yn oare dielen fan 'e Westerske wrâld. Yn 'e Folksrepublyk Sina waard yn 1958 it sekuerdere pinyinsysteem yn gebrûk nommen, dat bûten Sina fan 'e 1980-er jierren ôf Wade-Giles ferfong.

De ûntwikkeling fan Wade-Giles begûn doe't Thomas Francis Wade, in sinolooch dy't foar it Feriene Keninkryk ambassadeur yn it Keizerryk Sina wie en letter de earste perfester Sineeske taal- en letterkunde waard oan 'e Universiteit fan Cambridge, úteinsette mei de gearstalling fan in nij transliteraasjesysteem om Sineeske karakters om te staverjen nei it Latynske alfabet. Ynstee fan it dialekt fan Nanking, dat as grûnslach tsjinne hie foar de transliteraasjesystemen dy't oant doe ta yn gebrûk wiene, lykas de saneamde postale romanisaasje, brûkte Wade it dialekt fan Peking as basis. Hy foltôge syn transliteraasjesysteem yn 1859, en brûkte it foar it skriuwen fan it earste Ingelsktalige learboek oer it Pekineeske dialekt fan it Mandarynsk: Yü-yen Tzǔ-erh Chi (ferienfâldige Sineesk: 语言ちかししゅう; tradisjoneel Sineesk: かたりげん邇集).

It systeem fan Wade wie ûntwurpen om Sineeske termen te transliterearjen foar spesjalisten op it mêd fan it Sineesk, en wie dêrom net botte gaadlik foar gebrûk troch in breder publyk. It waard dêrom neitiid yngeand oanpast troch Herbert Allen Giles, in Britske diplomaat yn Sina, en syn soan Lionel Giles, in konservator fan it Britsk Museum, foar harren wurdboek A Chinese-English Dictionary, dat yn 1892 útkaam.

Fan 'e twadde helte fan 'e 1890-er jierren ôf ûntjoech Wade-Giles, sa't it doe kaam te hjitten, him benammen yn 'e Angelsaksyske lannen, mar ek yn in grut part fan 'e rest fan 'e Westerske wrâld, ta it de facto standertsysteem foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. As sadanich bleau it it grutste part fan 'e tweintichste iuw yn gebrûk. Yn Sina, dêr't Wade-Giles te krijen hie mei konkurrinsje fan ferskate rivalisearjende transliteraasjesystemen, waard it yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw ek rûnom brûkt. Yn 'e 1950-er jierren, nei't de kommunisten yn 1949 de Sineeske Boargeroarloch wûn en de Folksrepublyk Sina stifte hiene, waard dêr lykwols in sekuerder systeem ûntwikkele, pinyin, dat yn 1958 ynfierd waard as it offisjele transliteraasjesysteem.

Neitiid moast Wade-Giles almar mear terrein priisjaan oan 'e opmars fan pinyin, hoewol't it oant de ein fan 'e 1970-er jierren tige populêr bleau yn Ingelsktalige publikaasjes dy't bûten Sina ferskynden. Nei de normalisearring fan 'e diplomatike betrekkings tusken de Folksrepublyk Sina en de Feriene Steaten, yn 1979, begûn lykwols in frij algemiene oerstap fan Wade-Giles nei pinyin, dy't begûn yn 'e Westerske wittenskip en him al rillegau útwreide nei oare wurkmêden, lykas de sjoernalistyk en de toeristyske sektor. De Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fierde pinyin yn 1982 yn as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet, en de Feriene Naasjes diene itselde yn 1986.

Yn Taiwan waard Wade-Giles desennia lang brûkte as it de facto-standertsysteem, hoewol't it dêr bestie njonken ferskate offisjele transliteraasjesystemen efterinoar: gwoyeu romatzyh (fan 1928 ôf), Mandarynske Fonetyske Symboalen II (fan 1986 ôf) en tongyòng pinyin (fan 2000 ôf). Yn 2009 gie ek Taiwan einlings en te'n lêsten oerstaach en fierde pinyin yn as offisjeel transliteraasjesysteem. It bleau lykwols tastien foar Taiwaneeske boargers om oare foarmen fan transliteraasje te brûken as se dêr de foarkar oan joegen, ek yn offisjele dokuminten, lykas paspoarten. In protte Taiwanezen meitsje noch altyd fan dy mooglikheid gebrûk, en sadwaande libbet Wade-Giles yn Taiwan noch troch.

Wade-Giles ûnderskiedt him fan pinyin troch de represintaasje fan apirearre konsonanten (d.w.s. mei in h-klank derefteroan, lykas de bekende Grinslânske útspraak "Marthinithoren") fan net-aspirearre konsonanten. Dat wurdt nammentlik dien troch der in lofter-apostrof (‘) oan ta te heakjen. Sadwaande stiet de p yn Wade-Giles foar de klank [p] (p fan "pet"), wylst de p‘ stiet foar [pʰ] (de aspirearre p). Itselde ûnderskie yn útspraak bestiet tusken k en k‘ en t en t‘. Yn pinyin wurdt dat ûnderskie werjûn troch b, g en d te skriuwen foar de ûnaspirearre [p], [k] en [t], wylst de p, k en t steane foar de aspirearre [pʰ], [kʰ] en [tʰ]. Dat dêrtroch gjin letters beskikber bliuwe foar de klanken [b] (fan "bêd"), [ɡ] (fan "goed") en [d] (fan "dak"), makket neat út, want it Mandarynsk hat gjin stimhawwende konsonanten. Yn Wade-Giles bliuwe troch it net brûken fan 'e b, g en d dy letters beskikber foar de werjefte fan oare Sinityske talen, lykas it Sjanghaineesk, dat wol deeglik oer in folsleine set stimhawwende konsonanten beskikt.

Wade-Giles makket fierders, oars as pinyin, yn 'e stavering gjin ûnderskie tusken de stimleaze retroflekse affrikaat [ʈʂ] (likernôch de dzj fan "siedzje", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel) en de stimleaze alveolo-palatale affrikaat [ʨ] (likernôch de tsj fan "tsjerke", mar mei it sj-part fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan). Dy klanken wurde yn Wade-Giles beide werjûn as ch, mar yn pinyin as zh, resp. j. Krektsa wurde de aspirearre foarmen fan dy klanken, [ʈʂʰ] en [ʨʰ], yn Wade-Giles allebeide werjûn as ch‘, mar yn pinyin as ch, resp. q.

Klankynventaris

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de folchoarder oanholden dy't pinyin oernommen hat fan it zhuyin-systeem: b, p, m, f, d, t, n, l, g, k, h, j, q, x, zh, ch, sh, r, z, c, s.

Wade-Giles IPA pinyin                  foarbyld                 omskriuwing
p [p] b Frysk: pet de 'gewoane' p, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
p‘ [pʰ] p Ingelsk: pit in p dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
m [m] m Frysk: mis de 'gewoane' m, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
f [f] f Frysk: fak de 'gewoane' f, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
t [t] d Frysk: tin de 'gewoane' t, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
t‘ [tʰ] t Ingelsk: take in t dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
n [n] n Frysk: net de 'gewoane' n, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
l [l] l Frysk: liet de 'gewoane' l, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt, miskien wat mear foar yn 'e mûle útsprutsen, lykas yn it Nederlânsk
k [k] g Frysk: kaam de 'gewoane' k, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
k‘ [kʰ] k Ingelsk: coal in k dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
h [x] h Frysk: leech de 'gewoane' ch, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
ch [ʨ] j Ingelsk: churchyard de stimleaze alveolo-palatale affrikaat: likernôch de tsj fan "tsjerke", mar mei it sj-part fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan
ch‘ [ʨʰ] q in stimleaze alveolo-palatale affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
hs [ɕ] x Ingelsk: push yourself de stimleaze alveolo-palatale sibilant: likernôch de sj fan "sjippe", mar fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan
ch [ʈʂ] zh Ingelsk: joke de stimleaze retroflekse affrikaat: likernôch de dzj fan "siedzje", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
ch‘ [ʈʂʰ] ch Amerikaansk-Ingelsk: nurture in stimleaze retroflekse affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
sh [ʂ] sh Amerikaansk-Ingelsk: shoe de stimleaze retroflekse sibilant: de s fan "sin", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
j [ɻ ~ ʐ] r Amerikaansk-Ingelsk: rude de [ɻ] (retroflekse approksimant): in Ingelske r (alveolêre approksimant) dy't útsprutsen wurdt mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel; ek útsprutsen as de [ʐ] (stimhawwende retroflekse sibilant): in z, mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
ts / tz [ʦ] z Frysk: tsiis de 'gewoane' ts, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt. Foar ǔ skreaun as tz-.
ts‘ / tz‘ [ʦʰ] c in ts dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank. Foar ǔ skreaun as tz‘-.
s / ss [s] s Frysk: sin de 'gewoane' s, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt. Foar ǔ skreaun as ss-.
w [w] w Frysk: skowe de healfokaal w (stimhawwende labio-felêre approksimant), net te betiizjen mei de w fan "wiet", dy't net yn it Sineesk foarkomt
foarôfgeande oan in e of a wurdt dizze konsonant soms útsprutsen as in [v] (v fan "weve")
y [j] ([ɥ]) y Frysk: jas de 'gewoane' j, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
foarôfgeande oan 'e u soms útsprutsen as de [ɥ] (labio-palatale approksimant): in hiel sêfte, mei rûne lippen foarme w fan "skowe"

By Wade-Giles en pinyin is hjirûnder de skriuwwize jûn as wurdlid mei begjinklank en dêrefter tusken heakjes as wurdlid sûnder begjinklank.

Wade-Giles IPA pinyin útspraak
-ih / -ǔ ( – ) [ɹ̩~z̩], [ɻ̩~ʐ̩] -i ( – ) in zoemend klinkende fuortsetting fan 'e foargeande konsonant
dy konsonant kin in tz-, tz‘-, ss-, ch-, ch‘-, sh- of r- wêze; yn alle oare gefallen wurdt de i útsprutsen as "y"
einlûden begjinnend mei a
a (a) [a] a (a) a fan "bad"
ai (ai) [ai̯] ai (ai) ai fan "laitsje" (Wâldfryske útspraak)
an (an) [an] an (an) an fan "dan"
ang (ang) [aŋ] ang (ang) ang fan "bang"
ao (ao) [au̯] ao (ao) au fan "lau"
einlûden begjinnend mei e
ê / o (ê / o) [ɤ] e (e) it koart net-rûne healsletten efterlûd, oftewol de o fan "bok", mar útsprutsen mei sprate lippen
ei (ei) [ei̯] ei (ei) ee fan "reek", d.w.s. gjin suvere lange ee [e:], mar ien dy't op 'e ein nei in y-klank niget
ên (ên) [ən] en (en) un fan Nederlânsk "dun"
êng (êng) [əŋ] eng (eng) lykas 'ung', as dat in Frysk wurd wêze soe
êrh (êrh) [aɚ̯] er (er) ar lykas yn 'e Amerikaansk-Ingelsk (roatyske) útspraak fan "bar"
einlûden begjinnend mei i (y)
i (i / yi) [i] i (yi) y fan "dyk"
ia (ya) [ja] ia (ya) ja fan "jak"
iang (yang) [jaŋ] iang (yang) lykas "jang", as dat in Frysk wurd wêze soe (rymt op "lang")
iao (yao) [jau̯] iao (yao) jou fan yn "ik jou"
ieh (yeh) [je] ie (ye) je fan "jeze"
ien (yen) [jɛn] ([jan]) ian (yan) as "jern"; guon memmetaalsprekkers fan it Mandarynsk sprekke it út as "jan" (rymt op "dan")
in (yin) [in] in (yin) as "yn"
ing (ying) [iŋ] ing (ying) as yng fan "yngeand", mar sûnder de g-klank derefteroan
iu (yu) [jou̯] iu (you) as "jo û" efterinoaroan
iung (yung) [jʊŋ] iong (yong) lykas "jûng", as dat in Frysk wurd wêze soe
einlûden begjinnend mei o
ung ( – ) [ʊŋ] ong ( – ) 'ûng' fan "ûngerêst" sûnder de g-klank derefteroan
ou (ou) [ou̯] ou (ou) oo fan "stroom" of "ho", d.w.s. gjin suvere lange oo [o:], mar ien dy't op 'e ein nei in û-klank niget
einlûden begjinnend mei u (w)
u (wu) [u] u (wu) û fan "tûk"
ua (wa) [wa] ua (wa) oa fan "koart"
uai (wai) [wai̯] uai (wai) oai yn "boaiem"; as it Ingelske why, mar koarter
uan (wan) [wan] uan (wan) as it Ingelske one
uang (wang) [waŋ] uang (wang) as "û-ang" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
– (wêng) [wəŋ] – (weng) as "û-ung" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
uo / o (wo) [wo] uo / o (wo) uo fan "huodden"
ui / uei (wei) [wei̯] ui (wei) as it Ingelsk way
un (wen) [wən] un (wen) as wen yn "skriuwen"
einlûden begjinnend mei ü (yu)
ü (yü) [y] u / ü (yu) ú fan "tút"
üan (yüan) [ɥɛn] uan / üan (yuan) as "ú-an" (fluch útsprutsen, sadat it ien wurdlid wurdt)
üe (yüeh) [ɥe] ue / üe (yue) likernôch as "û-ee" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
ün (yün) [yn] un / ün (yun) ún fan "dún"

Utsûnderingsregels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wade-Giles skriuwt -uei nei k- en k‘-, mar yn alle oare gefallen -ui, dus: kuei en k‘uei, mar: hui, shui, ch‘ui, ensfh.
  • Wade-Giles skriuwt de fokaal [-ɤ] as -o nei k-, k‘- en h-, mar yn alle oare gefallen as , dus: ko, k‘o en ho, mar: shê, ch‘ê, ensfh. As dizze fokaal in selsstannich wurdlid sûnder begjinletter foarmet, skriuwt Wade-Giles o of ê, ôfhinklik fan it oangeande karakter.
  • Wade-Giles skriuwt de klank [-wo] as -uo nei k-, k‘-, h- en sh-, mar yn alle oare gefallen as -o, dus: kuo, k‘uo, huo, shuo, mar: ch‘o, po, mo fo, ensfh.
  • Wade Giles skriuwt it wurdlid [i] as i of yi, ôfhinklik fan it oangeande karakter.
  • Yn A Chinese-English Dictionary, fan Herbert Giles, út 1892, komme ek de wurdlidden chio, ch‘io, hsio en yo foar, dy't neitiid yn Wade-Giles skreaun waarden as chüeh, ch‘üeh, hsüeh en yüeh.
  • Wade-Giles brûkt keppelstreekjes om alle wurdlidden yn in wurd faninoar te skieden, wylst wurdlidden yn pinyin oaninoar skreaun wurde, behalven as dêrtroch net dúdlik is wêr't in nij wurdlid begjint; dan wurde de wurdlidden skaat mei in apostrof. Wade-Giles skriuwt dus Mao Tse-tung en pinyin Mao Zedong; Wade-Giles skriuwt Hsi-an, en pinyin Xi'an.
  • Allinnich de earste letters fan wurden kinne yn Wade-Giles haadletters wurde (dus men skriuwt: Mao Tse-tung, en net: Mao Tse-Tung).

It Sineesk is in tonale taal; d.w.s. it is in taal wêryn't elts wurdlid in fêste toan hat dêr't it mei útsprutsen wurdt. Dy toanen binne faak betsjuttingsûnderskiedend, en foarmje dêrom in wichtich ûnderdiel fan 'e taal. Alle fiif toanen hawwe in fêst nûmer, en yn Wade-Giles kinne de toanen werjûn wurde troch sifers yn superskrift oan 'e wurdlidden fêst te heakjen (behalven by de fyfde of neutrale toan, dy't gjin sifer kriget. Pinyin brûkt ynstee dêrfan diakrityske tekens op 'e fokalen om 'e toanen wer te jaan.

toannûmer toan foarbyld betsjutting Wade-Giles pinyin
1 hege toan "mem" ma1
2 opgeande toan あさ "himp" ma2
3 delgeand-opgeande of lege toan "hynder" ma3
4 delgeande toan "beskrobje" ma4
5 neutrale toan in freegjend taheaksel ma ma

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.