1927
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 | 1931 | 1932 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1927 MCMXXVII |
Ab urbe condita | 2680 |
Armeenske kalinder | 1376 ԹՎ ՌՅՀԶ |
Etiopyske kalinder | 1919 – 1920 |
Hebriuwske kalinder | 5687 – 5688 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1982 – 1983 |
- Shaka Samvat | 1849 – 1850 |
- Kali Yuga | 5028 – 5029 |
Iraanske kalinder | 1305 – 1306 |
Islamityske kalinder | 1346 – 1346 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4623 – 4624 |
1927 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1927.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 29 jannewaris - Yn Dútslân wurdt in nij regear foarme troch kânselier Wilhelm Marx, dêr't foar it earst ek de nasjonalistyske partij DNVP yn opnommen is.
- 3-13 febrewaris - By in mislearre opstân tsjin 'e diktatuer fan presidint Antonio de Fragoso Carmona falle yn Portegal hûnderten deaden.
- 19 febrewaris - Yn Sjanghai brekt in algemiene staking út tsjin 'e oanwêzigens fan 'e Britten yn 'e konsesjes Hankou en Kiukang.
- 18 april - De nasjonalistyske Sineeske foaroanman Chiang Kai-shek rjochtet yn Nanjing in eigen regear op, dat net mear oarders oannimt fan it offisjele regear fan 'e nasjonalistyske partij Guomintang, fêstige yn Wuhan.
- 11 april - Yn Sily ropt generaal Carlos Ibáñez del Campo himsels út ta presidint. Hy fungearre al sûnt de steatsgreep fan 1925 efter de skermen as sterke man.
- 4 maaie - De Feriene Steaten lizze de stridende partijen yn Nikaragûa, de liberalen en de konservativen, in fredesproses op.
- 20-21 maaie - De Amerikaanske piloat Charles Lindbergh fljocht yn syn fleanmasine The Spirit of St. Louis as earste oer de hiele Atlantyske Oseaan, fan New York nei Parys, yn in tiid fan yn 33 oeren en 20 minuten.
- 17 july - By in rebûlje yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen komt it ta gefjochten tusken leden fan 'e sosjalistyske Schutzbund en de plysje, wêrby't hast hûndert deaden falle.
- 22 july - Belgje en Portegal slute it Ferdrach fan Luanda, wêrby't de rin fan 'e grins tusken Portegeesk-Angoala en de Belgyske Kongo fêstlein wurdt.
- 1 augustus - Yn Sina brekt de Sineeske Boargeroarloch út tusken it nasjonalistyske regear en kommunistyske opstannelingen. Dit konflikt sil mei tuskenskoften oant 1949 duorje.
- 23 augustus - Yn 'e Feriene Steaten wurde twa Italjaanske ymmigranten, Nicola Sacco en Bartolomeo Vanzetti, op 'e elektryske stoel terjochtsteld foar de moard op in boekhâlder. Dit liedt yn 'e hiele Westerske wrâld ta ferûntweardiging en demonstraasjes, om't it bewiis tsjin 'e mannen alhiel net oertsjûgjend is. Frij algemien wurdt oannommen dat Sacco en Vanzetti feroardiele binne om harren anargistyske opfettings en belutsenens by stakings. De saak wurdt dan ek sjoen as in foarbyld fan klassejustysje.
- 11 novimber - Frankryk en Joegoslaavje slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 27 novimber - Nei oanlieding fan it militêr bûnsgenoatskip dat earder dizze moanne sletten waard tusken Frankryk en Joegoslaavje, giet Albaanje in militêr bûnsgenoatskip oan mei Itaalje.
- 18 desimber - Op it 15e Kongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wurde Leon Trotski en 76 fan syn oanhingers feroardiele. Syn eardere meistanners Grigorij Zinovjev en Ljev Kamenev bûge foar de partijline. Trotski sels wurdt ferballe nei Alma-Ata, yn Kazachstan.
- 19 desimber - Op it 15e Kongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wurdt de Nije Ekonomyske Polityk fan Lenin ôfskaft en ferfongen troch it Earste Fiifjierreplan, dat û.m. de kollektivisaasje fan de lânbou omfiemet.
- sûnder datum - Yn Nederlânsk-Ynje wurdt de ûnder de weagen ferdwûne fulkaan de Krakatau wurdt op 'e nij aktyf.
- sûnder datum - De Provinsje Fryslân begjint de Fryske flagge te brûken op it provinsjehûs.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 9 - Geert Bakker, Frysk rektor fan de Noardlike Leargongen († 2006)
- febrewaris
- 2 - Æbe Haima, Frysk keatser († 2002)
- 13 - Sietse Westra, oprjochter fan Sportclub Cambuur († 2017)
- 17 - Cees Schelling, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder († 2018)
- 20 - Ibrahim Ferrer Kubaansk sjonger († 2005)
- maart
- 8 - Ethel Portnoy, Nederlânsk skriuwster († 2004)
- 19 - Gisèle Lestrange, Frânsk grafysk ûntwerper († 1991)
- 27 - Chris Fokma, Frysk byldhouwer en keramist († 2012)
- 28 - Herman Wiersinga, Nederlânsk teoloog († 2020)
- 30 - Leen Jongewaard, Nederlânsk akteur en sjonger († 1996)
- 31 - Dirk Jan Henstra, Nederlânsk ekonomysk histoarikus († 2016)
- april
- 16 - Paus Benedictus XVI († 2022)
- 19 - Rinse Zijlstra, Fryk politikus († 2017)
- 20 - Phil Hill, Amerikaansk autokoereur († 2008)
- 25 - Albert Uderzo, Frânsk striptekener († 2020)
- maaie
- 10 - Albert H. Friedlander, Joadsk-Amerikaansk rabbyn en skriuwer († 2004)
- 27 - Jan Blokker, Nederlânsk sjoernalist, kollumnist en senarioskriuwer († 2010)
- juny
- 4 - André van den Heuvel, Nederlânsk akteur en regisseur († 2016)
- 6 - Nikolaas Egbert Algra, Frysk heechlearaar rjochtswittenskip († 2002)
- 8 - Jerry Stiller, Amerikaansk komyk en akteur († 2020)
- 15 - Hugo Pratt, Italjaansk striptekener († 1995)
- 28 - Boris Sjilkov, Russysk reedrider († 2015)
- july
- 4 - Gina Lollobrigida, Italjaansk aktrise († 2023)
- 6 - Ton Alberts, Nederlânsk arsjitekt († 1999)
- 15 - Egbert van 't Oever, Nederlânsk reedrydtrener († 2001)
- 29 - Harry Mulisch, Nederlânsk skriuwer († 2010)
- augustus
- 7 - Ien van den Heuvel, Nederlânsk politikus († 2010)
- 17 - Maximilien Vegelin van Claerbergen, Nederlânsk diplomaat († 2011)
- 18 - Rosalynn Carter, Amerikaansk presidintsfrou († 2023)
- 20 - Truus Postma, Frysk dokter en pro-eutanasyaktiviste († 2014)
- 22 - Geert Eijgelaar, Nederlânsk politikus († 2022)
- 23 - Dick Bruna, Nederlânsk berneboekeskriuwer, grafysk foarmjouwer en tekener († 2017)
- 28 - Auke Reitze Bloembergen, Nederlânsk riedshear († 2016)
- 29 - Maria baronesse Van Harinxma thoe Slooten, Frysk ealfrouwe († 2015)
- septimber
- 2 - Aggie van der Meer, Frysk skriuwster († 2023
- 16 - Peter Falk, Amerikaansk akteur en senarioskriuwer († 2011)
- oktober
- 14 - Roger Moore, Ingelsk akteur († 2017)
- 16 - Günter Grass, Dútsk skriuwer en keunstner († 2015)
- 16 - Eileen Ryan, Amerikaansk aktrise († 2022)
- 18 - Karin Kraaykamp, Nederlânsk omropster († 2018)
- novimber
- 15 - Ria Postma-Stolk, Nederlânsk-Frysk skriuwster en foardrachtskeunstneresse († 2008)
- 15 - Atze Bosch, Frysk dichter en oersetter († 2011)
- oktober
- 16 - Adam van der Woude, Nederlânsk teolooch, bibelwittenskipper en predikant († 2000)
- novimber
- 19 - Rinnie Kuiper, Frysk keatser († 2007)
- desimber
- 3 - Andy Williams, Amerikaansk sjonger († 2012)
- 3 - Will Spoor, Nederlânsk akteur († 2014)
- 5 - kening Rama IX fan Tailân (Bhumibol Adulyadej) († 2016)
- 7 - Auke Hettema, Frysk byldhouwer († 2004)
- 21 - Piter Bergsma, Frysk dammer († 2012)
- 25 - Ram Narayan, Yndiaask muzikant
- datum ûnbekend
- Ak Wassenaar, Frysk deiboekskriuwster
- Rod Jellema, Amerikaansk dichter, universitêr dosint en oersetter († 2018)
- Ger van Norden, Nederlânsk keunstskilder en grafikus († 2012)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 21 jannewaris - Rindert van Zinderen Bakker, Frysk skriuwer en politikus (* 1845)
- 25 jannewaris - Marten Hepkes Bakker, Frysk kastlein, bakker en dichter (* 1848)
- 14 maaie - Isadora Duncan, Amerikaansk dûnseresse (* 1878)
- 14 juny - Jerome K. Jerome, Ingelsk skriuwer (* 1859)
- 13 augustus - James Oliver Curwood, Amerikaansk skriuwer (* 1878)
- 10 septimber - Winfield S. Edgerly, Amerikaansk militêr (* 1846)
- 24 desimber - Vladimir Bechterew, Russysk neurolooch (* 1857)
- datum ûnbekend
- Swarte Sjaal (Black Shawl), Lakota-frou (* 18??)
Jierren: | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 | 1931 | 1932 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|