(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Abbey Hoes - Wikipedy Springe nei ynhâld

Abbey Hoes

Ut Wikipedy
Abbey Hoes
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Emily Abigail Ashley Hoes Gauna
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 maaie 1994
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 2008 – no
prizen Gouden Keal 2014, 2017
offisjele webside
www.abbeyhoes.nl

Abbey Hoes (folút: Emily Abigail Ashley Hoes Gauna; Rotterdam, 20 maaie 1994) is in Nederlânsk aktrise. Hja is benammen bekend wurden troch har haadrollen yn 'e tillefyzjesearje Petticoat en de spylfilm Nena. Yn 2014 wûn se it Gouden Keal, de wichtichste Nederlânske filmpriis, yn 'e kategory bêste aktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoes waard yn 1994 berne yn Rotterdam, mar groeide op yn Mijnsheerenland, yn 'e Hoekske Waard, en folge de middelbere skoalle yn it Drintske Emmen. Hja krige as bern musicalles by it Jongereinteäter Hofplein yn Rotterdam, dêr't har de begjinsels fan sang, dûns en toaniel bybrocht waard. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, sette se har nei wenjen yn Amsterdam, dêr't se yn septimber 2012 úteinsette mei in stúdzje oan 'e Amsterdamske Toanielakademy.

Mei tolve jier krige Hoes har earste roltsje, yn in reklamespotsje foar it frisdrinken Roosvicee, mei as tekst "Lekker, zeg!" Har filmdebút makke se yn 2009 mei in lytse byrol yn Lover of Loser fan regisseur Dave Schram. Datselde jiers noch fertolke se de titelrol yn 'e foar in Gouden Keal nominearre film Maite Was Hier. Yn 2014 waard se foar dyselde rol by de Seoul International Drama Awards nominearre foar in priis yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2012 hie Hoes ien fan 'e haadrollen yn 'e ferfilming fan it berneboek Koning van Katoren, fan auteur Jan Terlouw, troch regisseur Ben Sombogaart. Yn 2014 wûn Hoes it Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise foar har titelrol yn 'e film Nena, oer in teenagefamke dat yn 'e simmer fan 1989 har earste seksuële relaasje hat wylst har oan MS lijende heit in deadswinsk koesteret. Dy film waard ek fertoand op it Filmfestival fan Mill Valley, yn Kalifornje.

Yn 2008 hie Hoes in weromkearende rol yn tsien ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje SpangaS. Dêrnei folgen gastrollen yn searjes as Verborgen Verhalen, Van God Los, Zwarte Tulp en Dokter Deen. Ek hie se fêste rollen yn 'e searjes 2012: Het Jaar Nul, Vrijland en Feuten. Fierders die se fan 2012 oant 2015 de neisyngronisaasje fan 'e titelrol yn 'e bernesearje Violetta, fan Disney. Yn 2016 briek Hoes troch by in breder publyk mei har fertolking fan 'e haadrol fan Pattie Jagersma yn 'e lichtfuottige, musicaleftige dramasearje Petticoat. Foar dy rol wûn se in twadde Gouden Keal foar bêste aktrise. Yn 2017 hie Hoes in hiel lyts roltsje yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2008 SpangaS Brechtje weromkearende rol; 10 ôfl.
2009 2012: Het jaar Nul Felix fêste rol
2010 Verborgen Verhalen Karin gastrol; ôfl. Loser
2010–2012 Vrijland Daantje Kruithof fêste rol; 103 ôfl.
2012 Feuten Charlie Zekveld fêste rol yn seizoen 2
2012 Van God Los Iris gastrol; ôfl. D.I.S.C.O.
2013 De Ontmaskering van de Vastgoedfraude    Roos van Woerkom minysearje
2012 Bijbel Tapes ferskaat as stimaktrise
2012–2015 Violetta Violetta fêste rol; as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2014 Sneeuwwitje en de Zeven Kleine Mensen Blanche (Sniewytsje) minysearje
2015–2016 Zwarte Tulp Lynn Kester weromkearende rol
2016 Prooi famke yn fytstunnel cameo
2016–2018 Dokter Deen Pip weromkearende rol yn seizoen 3 en 4; 13 ôfl.
2016 Petticoat Pattie Jagersma fêste rol
Gouden Keal foar bêste aktrise yn in tillefyzjesearje
2017 Sinterklaasjournaal Zielepiet gastrol; 1 ôfl.
2018 Nieuwe Buren Fay op den Hage fêste rol yn seizoen 3
2021 Swanenburg Tara Verheijen gastrol; ôfl. Iris 01
2021 De Verraders harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2021 Het Perfecte Plaatje harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2021 Dertigers Claire fêste rol yn seizoen 2
2022 Lost Luggage Astrid Hoogsteder Belgysk-Frânske minysearje
2022 Dirty Lines Anouk produksje fan Netflix
2022 Five Live Honey Molenaar
films
2009 Lover of Loser ?
2009 Het Mysterie van de Volle Maan Kelly
2009 Maite Was Hier Maite nom. Gouden Keal foar bêste aktrise
nom. Seoul International Drama Award foar bêste aktrise
2010 Tirza de jonge Ibi
2011 Nina Satana Nina
2011 Razend Roosmarijn
2012 Koning van Katoren Kim
2015 Finnemans Lizzie
2015 Nena Nena Gouden Keal foar bêste aktrise yn in film
2015 Cinderella Anastasia as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2015 Minions Tina Nelson as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2015 Het Verhaal achter Baron 1898 Doortje koarte film foar de Efteling
2015 De Ontsnapping de jonge Julia
2015 Ventoux de jonge Laura
2016 Fissa Anne-Bo
2016 Hotel de Grote L Libbie
2017 The Hitman's Bodyguard blommeferkeapster yn Amsterdam   
2018 Gek van Oranje Eva
2018 Zwaar Verliefd! Tamara
2019 Vals Abby
2019 Verliefd op Cuba Maartje
2020 Buiten is het Feest Sonne / Willemke
2020 Zwaar Verliefd 2 Tamara
2021 Liefde zonder Grenzen Lieke
fideoklips
2009 She Blew Like Trumpets ? nûmer fan Kyteman
2014 Zusje suske nûmer fan Ronnie Flex
2020 Mij Niet Eens Gezien famke nûmer fan Kriss Kross Amsterdam mei Yade Lauren en Lil Kleine

Abbey Hoes is, oars as dat faak tocht wurdt, gjin famylje fan aktrise Isa Hoes. (Likemin is se besibbe oan akteur Geert Hoes, politikus Onno Hoes of muzykprodusint Johnny Hoes.)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.