Adalardus fan Corbie
Adalardus fan Corbie (Latyn: Adalhardus Corbeiensis), Huise, 751 - 2 jannewaris 827 wie in soan fan Bearn, in ûnwettige soan fan Karel Martel en syn frijster Ruodhaid en healbroer fan Pepyn de Koarte. Adalardus wie in neef fan Karel de Grutte.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adalardus krige syn ûnderrjocht op de skoalle oan it hof fan Karel de Grutte op de Keningspalts yn Aken. Doe't er noch hiel jong wie, waard er al paltsgreve. Doe't er tweintich jier âld wie, waard er muonts oan de Abdij fan Corbie yn Pikardje, dy't yn 657 troch keninginne Batilde stifte waard. Dêr waard er ynearsten tûnker. Om't er mear rêst en stiltme hawwe woe, gie er nei de Abdij fan Monte Cassino yn Itaalje. Op oantrûnjen fan Karel de Grutte kearde er werom nei Corbie, dêr't er ta abt keazen waard. Yn deselde tiid waard er troch Karel de Grutte as earste minister fan Karel syn soan, kening Pepyn fan Itaalje. Nei it ferstjerren fan Pepyn yn 810 waard Adalardus regint en learmaster fan Pepyn syn jonge en ûnwettige soan, Bearn fan Itaalje, dy't doe noch tolve jier âld wie.
Nei it ferstjerren fan Karel de Grutte yn 814 rekken Adalardus en syn broer Wala as slachtoffer fan jaloerskens en waarden beskuldige fan it gearspannen mei Bearn, dy't de keizerstitel hawwe woe. De nije keizer Loadewyk de Fromme ferballe him nei it eilân Hermoutier, dat it hjoeddeiske Noirmoutier is. Adalardus syn broer Wala waard twongen muonts yn Corbie te wurden. Bearn bleau tsjin de keizer yn ferwar, mar waard yn 818 finzennaam en ferstoar justjes letter troch ferwûnings nei't syn eagen útpjukt waarden. Nei ferrin fan tiid krige de keizer bekrûping fan syn dieden en spruts Adalardus frij en kearde er werom nei Corbie. Hy waard sels as ien fan de keizer syn wichtichste riejouwers beneamd.
Hy stifte ferskate sikehûzen. Yn 822 stifte er tegearre mei syn broer Wala de Abdij fan Corvey ("nij-Corbie") by Höxter yn Westfalen. Hy liet ferskate lânboukoloanjes ûntjaan. Corvey waard in keizerlike abdij, mei in gebiet dat fan it bisdom Paderborn ta it hartochdom Brunswyk berykte. Syn abt wie ien fan de alve abten dy't mei 21 abten oan de Ryksdei yn Regensburch sieten.
Adalardus waard abt fan beide abdijen en dat frege in soad fan syn lea. Doe't er fan Corvey nei Corbie reizge trije dagen foar krysttiid yn 826, waard er siik. Hy ferstoar op 2 jannewaris 827 om trije oere middeis.
Hy waard yn 1026 troch paus Jehannes XIX hillich ferklearre. Hy is de patroanhillige fan túnkers en ferskate plakken en tsjerken yn Frankryk en lâns de Underryn.