(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Alice Springs - Wikipedy Springe nei ynhâld

Alice Springs

Ut Wikipedy
Alice Springs
Bestjoer
Lân Austraalje
Dielsteat Noardlik territoarium
Sifers
Ynwennertal 27.481 (2008)
Oerflak 148 km²
Befolkingsticht. 178 / km²
Hichte 576 m
Oar
Stifting 1872
Tiidsône ACST (UTC+9:30)
Koördinaten
Offisjele webside
Alice Springs

Alice Springs is in plak yn Sintraal-Austraalje; it leit yn it saneamde Reade Sintrum, it skrokke midden fan it lân. It is nei Darwin it grutste befolkingssintrum fan it Noardlik Territoarium. De lânseigen befolking, de Arrente, neamt de kriten dêr't Alice Springs no leit Mparntwe.

Alice Springs leit bot isolearre: de iennige stêden fan belang yn de fiere omkriten binne Port Augusta yn Súd-Austraalje (1007 km) en Darwin (1305 km). Westlik en eastlik fan it plak leit it MacDonnellberchtme. De rivier de Todd, dy't meastentiids drûch stiet, rint troch de stêd.

Alice Springs hat temperatuerferskillen dy't oprinne kinne oant sa'n 28 °C en de mannichte delslach ferskilt bot it jier. Simmerdeis leit de trochsneed temperatuer op 36.6 °C, wylst it by de winter trochstrings sa'n 7.5 °C is.

De stêd is ûntstien om in telegraafstasjon hinne, by in permaninte wel yn de Toddrivier, en groeide benammen troch de fynst fan goud yn 1887, sa'n 100 kilometer fierderop. Oant 1933 hjitte de delsetting Stuard, nei John McDouall Stuart dy't yn 1861-62 yn ekspedysje late troch Sintraal-Austraalje dy't de oanset wie fan de súd-noard rûte dy't oer Alice Springs rint.