(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Almeare - Wikipedy Springe nei ynhâld

Almeare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Almere)
Lizzing fan Almeare
Skyline Almeare

Almeare[1] (Nederlânsk en offisjeel: Almere) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Flevolân, yn de polder Súdlik Flevolân.

De gemeente Almeare hat 226.786 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 249 km². Almeare grinzet oan de gemeenten Lelystêd en Seewâlde. Boppedat leit Almeare oan de Goaimar, IJmar en Markermar. De stêd leit hielendal ûnder seenivo (2 oant 5 meter).

Almeare is yn de twadde helte fan de 20e iuw ûntwikkele as twadde stêd yn de provinsje Flevolân. Almeare waard yn 1984 in selsstannige gemeente. Wyls is it Lelystêd, de haadstêd fan Flevolân, foarbystribbe en heart Almeare ta de grutste gemeentes fan Nederlân en de hurdstgroeiende stêden fan Europa.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter Duijff fan 'e Fryske Akademy yn in e-mail oan Frou Watzema fan 'e Fryske Wikipedy
Flevolân
Flagge fan de provinsje Flevolân
Flagge fan de provinsje Flevolân
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde
· · Berjocht bewurkje