(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Blêdlok - Wikipedy Springe nei ynhâld

Blêdlok

Ut Wikipedy
blêdlok
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift asperzje-eftigen (Asparagales)
famylje narsissen (Amaryllidaceae)
skaai sipels (Allium)
soarte
Allium ursinum
Linnaeus, 1753

Blêdlok (Allium ursinum) is in boskplant, dy't faak yn grutte groepen op fochtige fiedselrike boaiems fan leafbosken foarkomt. Se hat it leafst koele bosken. Blêdlok is beskerme yn Nederlân en Belgje. De plant stiet dan ek op de List fan wetlik beskerme planten yn Nederlân. De plant bloeit yn de maitiid. De plant ferspriedet in sipelgeur. Katten kinne net goed oer de geur en komme dêrom net gau yn in tún dêr't Blêdlok stiet. De Blêdlok is in stinzeplant.

De blom hat wite stjerfoarmige blomkes. De stâle groeit rjocht omheech fanút in bol. De plant is mearderjierrich.

Gebrûk fan blêdlok

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Farske blêden fan de Blêdlok soene weardefolle genêskrêftige stoffen hawwe dy’t mei it drûgjen ferlern gean. De blêden wurde faak brûkt yn salades, sop of kwark.