Bokum
Appearance
Bokum is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit benoarden Kloosterburen oan de foet fan in oude seedyk. Bokum bestiet no út mar twa pleatsen: Ald-Bokum en Nij Bokum.
Yn it ferline hie Bokum in stienhûs. It laach Bokema dat dêr tahâlde wurdt foar it earst yn neamd yn 1462. It is net bekend wannear't de stins ferdwûn is, de lêste fernijing is yn 1615. Op it plak fan de stins is letter in pleats set dy't lykwols by de wettersneed fan Kryst 1717 wer ferdwûn is. Nei dy ramp waard de dyk in eintsje súdliker lein en is de pleats súd fan dy dyk opnij boud, dat is de pleats Ald Bokum fan no.
-
Foarein 'Oud Bokum' (1970)
-
Achterkant 'Oud Bokum' (1970)