Brooklyn Lee
Brooklyn Lee | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nina Ramos | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 juny 1989 | |
berteplak | ? (Ohio) | |
etnisiteit | Yndiaansk Portorikaansk Sweedsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – 2013 | |
offisjele webside | ||
brooklyn-lee.com |
Brooklyn Lee, echte namme: Nina Ramos (yn Ohio, 1 juny 1989), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Yndiaansk, Portorikaansk en Sweedsk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol misstavere as Brooklynn Lee. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2012 wûn se û.m. de AVN Award foar bêste nije stjer. Yn 2013 beëinige Lee har karriêre as pornoaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lee waard yn 1989 berne yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de dochter fan in etnysk Portorikaanske heit en in mem dy't fan mingd Yndiaansk en Sweedsk komôf wie. Hja groeide fierhinne op yn Ohio, mar wenne as bern ek op Porto Riko en yn Kentucky, New York, Pennsylvania en Kanada. Neffens eigen sizzen begûn Lee foar it earst nei pornofilms te sjen doe't se tsien jier wie.
Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, sudearre se koart oan in universiteit foar't se har stúdzje ôfbriek. Dêrnei wurke se in hoartsje as sekretarieel meiwurkster yn Boston. Letter wurke Lee as servearster yn in stripklub yn New York, dêr't se yn 2007, fuort nei har achttjinde jierdei, as stripper oan 'e gong gie. Letter ferhuze se nei Los Angeles om in karriêre as pornoaktrise nei te stribjen.
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010, doe't se 21 jier wie, liet Lee har dêr ynskriuwe by it foaroansteande ympressariaat LA Direct Models, en datselde jiers makke se har debút yn in pornografyske film. Yn novimber 2011 tekene se in eksklusyf kontrakt mei Spiegler Girls, it ympressariaat fan Mark Spiegler. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 210 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Shane's World, Digital Sin, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Adam & Eve en Hustler Video.
Dêrnjonken wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas Legend Video, Mike Adriano Media, Pure Play Media, Seymore Butts Home Movies, Third Degree Films, West Coast Productions en Girlfriends Films. Ek spile se yn films fan it Kanadeeske Mile High Media, it Sweedske Private en it Frânske Vidéo Marc Dorcel. Teffens wurke se in protte foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America, Brazzers en Dogfart.
Guon fan Lee har bekendste films wiene Spider-Man XXX: A Porn Parody (2011), in parody fan Vivid Superhero op 'e Spider-Man-superheldefilms; Voracious (2012); en The New Behind the Green Door (2013), in remake fan 'e pornoklassiker Behind the Green Door, út 1972. Yn dy lêste film fertolke Lee de rol fan haadpersoan Hope, dy't ûnder har syktocht nei har biologyske mem bestrûpt rekket yn in trange ûnderwrâld. Lee wie ûnder har pornokarriêre tige súksesfol. Se wûn njoggen AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2012 dy yn 'e kategory bêste nije stjer, en waard noch fyftjin oare kearen nominearre foar in AVN Award. Yn 2013 wûn se fierders de Xbiz Award yn 'e kategory froulike artyst fan it jier.
Lee beëinige har karriêre as pornoaktrise op 1 maaie 2013, in beslút dat se letter befêstige yn in fraachpetear mei AVN, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby joech se oan dat de twafâldige reden foar har beslissing wie dat se har talizze woe op in oplieding en dat se no in fêste relaasje mei in freon hie, en dat se dêrom gjin geslachtsferkear mei oare manlju mear hawwe woe. Lee ferwidere ek har Twitter- en Tumblr-siden, en is langer net mear aktyf op 'e sosjale media.
Mainstream-aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brooklyn Lee wurke ek mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Raise Your Glass, út 2010, fan 'e Amerikaanske sjongster Pink. Dêryn wie hja mei trije oare LA Direct Models blyndoeke te sjen wylst se molken waarden om in flesse te foljen dêr't neitiid in keal út boarnd waard. Yn deselde fideoklip wie Lee ek te sjen yn in sêne wêryn't der roazebledsjes út har mûle wei de loft yn sjitte. Yn 2013 wurke Lee yn 'e mande mei fyftjin oare Amerikaanske pornoaktrises mei oan 'e dokumintêre Aroused, fan regisseur Deborah Anderson.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brooklyn Lee is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Se hat gjin piercings, mar al ferskate tatoeaazjes: in heraldyske leelje ûnder har nâle; de tekst "Love" oan 'e binnenkant fan har rjochterûnderearm; stjerren oan 'e bûtenkant fan har lofterankel en op har lofterfoet; de tekst "Memento Mori" op har bopperêch; en de tekst "Veritas" op har rjochtermulfinger.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2012 | AVN Award | nominearre | bêste striptease | The Bombshells 3 |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas) | Girlfriends 3 | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas) | Girlfriends 3 | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Xander Corvus) | Spider-Man XXX: A Porn Parody | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Spider-Man XXX: A Porn Parody | ||
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Diamond Foxxx, Zoey Holloway en Missy Martinez) | Cherry 2 | ||
wûn | bêste orale sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano) | American Cocksucking Sluts | ||
wûn | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Ian Scott) | Private Blockbusters 7: Mission Asspossible | ||
wûn | skandalichste sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano) | American Cocksucking Sluts | ||
wûn | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | |
wûn | orgastysk oraliste | n.f.t. | ||
2001 | AVN Award | nominearre | bêste striptease | Big West Asses 21 |
nominearre | bêste POV-sekssêne (mei David Perry) | Perryvision 2 | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Lea Lexis en Manuel Ferrara) | Voracious | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Skin Diamond, Misty Stone, Mika Tan, Dane Cross, James Deen en Alex Gonz) | Official The Hangover Parody | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Sandra Romain, David Perry en Ian Scott) | Voracious | ||
nominearre | bêste aktrise | Voracious | ||
nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste senario (mei Lea Lexis en John Stagliano) | Voracious | ||
wûn | bêste lesbyske groepssekssêne (mei Samantha Bentley en Ruth Medina) | Brooklyn Lee: Nymphomaniac | ||
wûn | bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) | Oil Overload 7 | ||
wûn | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Asa Akira en James Deen) | Asa Akira Is Insatiable 3 | ||
wûn | skandalichste sekssêne (mei Rocco Siffredi) | Voracious | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise yn in feature-film | Voracious | |
wûn | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | orgastysk analiste | n.f.t. | |
nominearre | bêste aktrise | Voracious | ||
nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | orgastysk oraliste | n.f.t. | ||
wûn | superslet | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Ryan Madison) | Get My Belt |
nominearre | bêste aktrise | The New Behind the Green Door | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste sekssêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Jesse Jane, Stoya en Johnny Sins) | Bridesmaids | |
nominearre | bêste sekssêne yn in feature-film (mei James Deen) | The New Behind the Green Door | ||
nominearre | bêste sekssêne yn in feature-film (mei Jon Jon, Prince Yashua en Nat Turnher) | The New Behind the Green Door | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | The New Behind the Green Door | ||
nominearre | bêste aktrise | Bridesmaids | ||
XRCO Award | nominearre | bêste aktrise | The New Behind the Green Door |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Brooklyn Lee
- (in) Biografy en filmografy fan Brooklyn Lee yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Brooklyn Lee yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Brooklyn Lee op FreeOnes
- (in) Biografyske gegevens fan Brooklyn Lee op Babepedia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk administratyf meiwurker
- Amerikaansk neakenmodel
- Amerikaansk stripper
- Amerikaansk froulik pornoakteur
- Amerikaansk senarioskriuwer
- Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk stripper fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf
- Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf
- Amerikaansk persoan fan Portorikaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf
- Persoan berne yn 1989