(Translated by https://www.hiragana.jp/)
C.A. Reitzels Boghandel - Wikipedy Springe nei ynhâld

C.A. Reitzels Boghandel

Ut Wikipedy
C.A. Reitzels Boghandel
(C.A. Reitzels Forlag)
C.A. Reitzels Boghandel yn Kopenhagen.
C.A. Reitzels Boghandel yn Kopenhagen.
algemien
nasjonaliteit Deensk
type privaat
sektor boekhannel, útjouwerij
haadkertier Kopenhagen (Denemark)
oprjochte 1819
opdoekt 2009
oprjochter Carl Adreas Reitzel
offisjele webside
www.careitzel.dk (deade link)

C.A. Reitzels Boghandel wie foarhinne de op trije nei âldste boekhannel fan Denemark. It bedriuw waard yn 1819 oprjochte troch de ûndernimmer Carl Andreas Reitzel en bestie oant 2009. De boekhannel wie yn Kopenhagen fêstige, earst oan 'e Købmagergade 44 (1827-1853), doe oan 'e Løvstræde 7 (1853-1937) en neitiid oan 'e Nørregade 20.

Reitzel, dy't yn 'e lear west hie yn 'e boekhannel fan Gerhard Bonnier, rjochte syn eigen boekwinkel yn 1819 op mei in liening fan 200 Deenske ryksdaalders. Syn konkurrinten wiene dêr net botte wiis mei, om't se fûnen dat der al mear as genôch boekhannels yn Kopenhagen wiene, en mei in soad bargen wurdt it drinken krap. Mar Reitzel wie in handige sakeman, dy't it slagge en bring syn guod mei koarting oan 'e man troch grutte oantallen boeken yn ien kear by Dútske útjouwerijen te bestellen. Yn 't earstoan gie it dêrby fral om 'e wurken fan skriuwers as Johann Wolfgang von Goethe en Friedrich Schiller. Op dy manear kweekte er ek in protte goede wil by de útjouwerijen dêr't er fan ôfnaam, sadat er neitiid gauris ladings boeken op kredyt krije koe. Letter wist Reitzel it monopoalje as universiteitboekhannel te besetten, wat û.m. ynhold dat hy as iennichste leverje mocht oan 'e Kopenhaachske Universiteitsbibleteek.

Njonken syn boekhannel begûn Reitzel ûnder de namme fan 'C.A. Reitzels Forlag ek in eigen útjouwerij, dêr't in grut diel fan 'e literêre produksje út 'e saneamde Deenske Gouden Iuw by útkaam. Ek yn it bûtenlân rekke de namme fan Reitzel yn dy snuorje bekend, benammen troch syn útjeften fan 'e mearkes en ferhalen fan Hans Christian Andersen.

Nei Reitzel syn dea, yn 1853, waard de saak oernommen troch syn soannen Theodor en Carl. Dy hiene net it selde ynstinkt foar sakedwaan as harren heit, en sadwaande rûn de wichtigens fan 'e útjouwerijtûke yn dy tiid sterk werom, foar't dy úteinlik yn 1890 oerdien waard oan konkurrint Gyldendal. Nei it ferstjerren fan Theodor Reitzel, yn 1908, en Carl Reitzel, yn 1911, kaam de boekhannel yn 'e hannen fan C.A. Reitzel syn pakesizzer C.A. Reitzel jr., dy't in maatskip oangie mei Aksel Sandal. Doe't de lêste Reitzel yn 1921 ek it tydlike foar it ivige ferruile, kaam de winkel folslein yn 'e hannen fan Sandal, dy't de saak modernisearre en fannijs úteinsette mei it útjaan fan boeken.

Nei de lêste ferhuzing fan 'e winkel, yn 1938, waard it twa ferdjippings tellende ynterieur fan 'e saak yn 1941 ûntwurpen troch de foaroansteande arsjitekt Kaj Gottlob, yn 'e styl fan it funksjonalisme. Yn 'e fyftiger jierren kaam Sandal syn soan Jørgen Sandal oan it bewâld as direkteur fan 'e útjouwerij, wylst de winkel fan doe ôf beävensearre waard troch de bruorren Schur, oant dy it spul yn 'e santiger jierren ferkochten oan Svend Olufsen, dy't der al sûnt 1961 wurksum wie. Dyselde kocht yn 1982 ek de útjouwerij oan, sadat de beide tûken wer yn ien bedriuw feriene waarden.

Sûnt 2000 gie it lykwols fluch tebek mei de hannel, wat foar in diel oan 'e algemiene ûntlêzing te witen wie, mar foar in wichtich oanpart ek feroarsake waard troch oare omstannichheden. Sa soarge de sluting fan it deunby fêstige warehûs Daells Varehus dat der folle minder klanten yn 'e strjitte kamen, wylst troch de ferhuzing fan 'e Universiteit fan Kopenhagen ek de studinten earnewêr oars har boeken begûnen te keapjen. Yn 2003 ferlear de boekhannel ek noch de Deenske Skoalbibleteeksintrale as klant, doe't in konkurrint in legere offerte yntsjinne. Yn 2008 moast C.A. Reitzels Boghandel útstel fan betelling oanfreegje, en it jiers dêrop gie de saak úteinlik bankrot. De namme rjochten op 'e namme C.A. Reitzel, noch altyd in ynstitút yn Denemark, binne yn 2010 oankocht troch Irene en Erik V. Krustrup, dy't in pear boekhannels driuwe yn Lyngsby en Virum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Kilder en Fodnoter, op dizze side.