Canterbury
Canterbury (Nederlands, ferâldere: Kantelberg) is in stêd (city) yn it greefskip Kent yn it súdeasten fan Ingelân. It is de sit fan de aartsbiskop fan Canterbury, de primaat fan de Anglikaanse Tsjerke. De stêd leit oan de rivier de Stour en hat sa'n 35.000 ynwenners. It is in regionaal sintrum mei wat yndustry (metaalferwurking, learyndustry, drukkerijen), mar it toerisme smyt it measte op.
Canterbury lûkt foaral minsken fanwegen it midsiuwske karakter fan de binnenstêd en de ferneamde katedraal. Dêr lizze kening Hendrik IV en Eduard (de Swarte Prins, soan fan kening Eduard III) bedobbe. De katedraal is lykwols it meast bekend fan de moard op Thomas Becket yn 1170. Dit barren makke Canterbury it doel fan pylgergong. It ynspirearre Geoffrey Chaucer ta syn masterwurk, de De ferhalen fan Canterbury. De stêd is ek ferbûn mei de famylje fan Thomas More en de widze fan toanielskriuwer Christopher Marlowe stie hjir ek.
Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de stêd swier skansearre troch bombardeminten. De measte âlde gebouwen stean noch oerein of binne fannijs set. Nijbou yn de binnenstêd is oan strange regels bûn. Anno 2010 wurdt boud oan in nij teater, it Marloweteater. It eardere Marlowe-teater is ôfbrutsen yn 2009.
Canterbury is ek in studintestêd. Der binne trije ynstituten foar heger ûnderwiis.
Yn 1178 en yn 1276 wienen der grutte brannen yn Canterbury.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Canterbury compared | |||
---|---|---|---|
2001 UK Census | Stêd Canterbury | Distrikt Canterbury | Ingelân |
Totale befolking | 43,432 | 135,278 | 49,138,831 |
Net lânseigen | 11.6% | 5.1% | 9.2% |
Blank | 95% | 97% | 91% |
Asiatysk | 1.8% | 1.6% | 4.6% |
Swart | 0.7% | 0.5% | 2.3% |
Kristen | 68% | 73% | 72% |
Moslim | 1.1% | 0.6% | 3.1% |
Hindu | 0.8% | 0.4% | 1.1% |
Gjin religy | 20% | 17% | 15% |
Wurkleas | 3.0% | 2.7% | 3.3% |
Fergelike mei de rest fan Ingelân hat de stêd in boppe trochsneed part ynwenners dy't yn it bûtelân berne binne, sa'n 12%.
Befolkingsgroei yn Canterbury sûnt 1901 | ||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jier | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1939 | 1951 | 1961 | 1971 | 2001 | |||||||||
Befolking | 24,899 | 24,626 | 23,737 | 24,446 | 26,999 | 27,795 | 30,415 | 33,155 | 43,432 | |||||||||
Source: A Vision of Britain through Time |
Wrâlderfgoed yn Canterbury
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Katedraal fan Canterbury
- Abdij fan St. Augustine
- St. Martin's Church
Berne yn Canterbury
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Christopher Marlowe (1564-1593), Engels dichter en toanielskriuwer
- Stephen Gray (1666-1736), wittenskipper en astronoom
- Orlando Bloom (13 jannewaris 1977), akteur
- Mary Tourtel, de skepper fan Rupert Bear
Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alde huzen yn Canterbury
-
Tagongspoarte fan de katedraal
-
It hûs "The Weavers" oan de rivier Stour
-
De "Westgate", midsiuwske stedspoarte
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Canterbury, stedsbestjoer
- Canterbury, toeristyske ynformaasje
- Katedraal Canterbury
- Canterbury Buildings website - Archeologyske- en erfgoedside oer gebouwen yn Canterbury.
- Canterbury Archaeological Trust - de Whitefriars opgravingen
- UNESCO World Heritage Centre - Wrâlderfgoedprofyl Canterbury.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Canterbury fan Wikimedia Commons. |