Cees Douma
Cees Douma | ||
Douma (tredde fan links) by de iepening fan stasjon Didam. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 oktober 1933 | |
berteplak | Delft | |
stoarn | 11 maart 2023 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Arsjitekt | |
bekendste wurk(en) |
Njoggentich lytse en middelgrutte NS-stasjons |
Cees Douma (Delft, 13 oktober 1933 - 11 maart 2023)[1] wie in Nederlânske arsjitekt. Fan 1960 oant 1995 wied er yn tsjinst fan de Nederlandse Spoorwegen (NS) en levere er mei syn 90 stasjons in wichtige bydrage oan it úterlik fan NS.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1950 oant 1957 studearre Douma boukunde oan de TU Delft, wêrnei't er yn 1960 yn tsjinst kaam by de NS as arsjitekt op de ôfdieling gebouwen. Oant 1975 wie Douma ferantwurdlik foar in grut tal lytse en middelgrutte stasjons.
Douma ûntwurp sobere standertûntwerp-stasjons, dêr't yn de jierren 1960 en 1970 in soad fan boud waarden. It publyk hie in soad krityk op dy sobere en strakke ûntwerpen. De soberens wie lykwols in gefolch fan de besunigingsdriuw fan de Spoarwegen, dy't mei swier ferlies wurke. Yn 1976 folge er Koen van der Gaast op as manager fan de ôfdieling Gebouwen en Foarmgjouwing. Van der Gaast bleau oant syn pinsjoen haad fan it arsjitekteburo, dat er fersterke mei jonge arsjitekten, wêrnei't fan 1980 ôf in nije tiid oanbruts dy't diel wie fan in renêssânse fan spoarweiarsjitektuer yn Europa. Nederlân spile dêr in wichtige rol yn, mei troch de oanlis fan in pear nije linen en útwreidings fan it spoarnetwurk, resultearjend yn in rige nije stasjons, dy't ynternasjonaal omtinken luts.
Yn 1989 waard in selsstannich yngenieursburo oprjochte, los fan NS, dêr't de aktiviteiten fan de ôfdieling Gebouwen yn opnommen waarden. Douma waard earfol beneamd ta NS-boumaster en haad Corporate Vormgeving, in nije funksje foar de kwaliteit fan alle fisuele aspekten fan it spoarbyld (arsjitektuer, hússtyl, grafyske foarmjouwing, ynterieur en eksterieur fan treinen, keunstoankeap, monumintebelied). Yn 1997 gie Douma mei pensjoen.
Priuwke fan syn ûntwerpen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stasjon Gorkum
-
Stasjon Wierden, 1965
-
Stasjon Purmerend Overwhere, 1971
-
Stasjon Duiven, 1980
-
Stasjon Leerdam, 1987
-
Stasjon Grou-Jirnsum, 1976
-
Stasjon Delft Zuid yn 2005 (ôfbrutsen yn 2006)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cees Douma fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|