(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Dambitzstate - Wikipedy Springe nei ynhâld

Dambitzstate

Ut Wikipedy

Dambitzstate wie in state stie westlik fan de tsjerke fan Lichtaard yn de gemeente Ferwerderadiel

De ûntsteansdatum is net bekend, likemin as oer de aadlike family Von Dambitz. Mooglik hat it nea mear as in pleats west.

Wumkes fermeldt yn syn boekje oer Minnertsgea dat de Dantziger ealman “Jan Dambitz” troud wie mei Ynts fan Scheltema en dat yn 1602 harren soan Valerius berne is yn Lichtaard. Mooglik wie de s(t)ate earder Scheltemagoed. Om 1600 waard de state dus bewenne troch Johann von Dambitz, lykas syn namme offisjeel wie en Ynts fan Scheltema. Hoefolle bern oft se hienen is ûnbekend. Boppeneamde Valerius wenne letter yn Minnertsgea op It Readhûs, mar hy soe goed de “jr. Dambits” dy't yn it stimkohier fan 1640 as eigener fermeld wurdt wêze kinne. De pleats waard doe brûkt troch Rintie Douwes.

Yn 1698 is der yn it stimkohier sprake fan “jr. Dambits”, sûnder fermelding fan syn foarnamme. Oannomd mei wurde dat it net deselde jonker as yn 1640 is. Yn it floreenkohier út 1700 is as stimberjochtige út dit goed fermeld “jr. Dambitz nom. ux.” wat betsjut dat de state/pleats eigendom wie fan syn frou. Wijbe Wijbes wie doe brûker fan de pleats mei 70 pûnsmiet lân.

Yn 1728 wie it foar de helte eigendom fan de widdo fan kapitein Dambitz en foar de oare helte foel it yn “de boedel van Pietie Luytiens” wylst Jan Andries brûker wie.
In iuw letter, yn 1832, wurdt “Theodorus Kluerda Wierdsma en mede eig.” yn it kadaster neamd.

Yn 1952 waard de pleats bewenne troch family Kroodsma.

  • 1640 “jr. Dambits” eigener, en Rintie Douwes brûker
  • 1698 “jr. Dambits” eigener en Wybe Wybes brûker
  • 1700 “jr. Dambitz nom ux. » en Wijbe Wijbes brûker, 70 pûnsmiet grut
  • 1728 widdo kapitein Dambitz 1/2 en “de boedel van Pietie Luytiens” 1/2
  • 1832 Theodorus Kluerda Wierdsma en mei eigener
  • 1952 fam. Kroodsma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: