De Werp
Appearance
De Werp wie in buorskip tusken Goutum en Wurdum. It lei by Werpsterhoeke, dêr't de Wâldwei en de Oeriselskewei inoar kruse. De buorskip bestie yn 2007 út twa pleatsen en ien wenhûs. De buorskip lei oan de âlde terp De Werp.
De sloop fan de bebouwing fûn plak yn 2009 sadat de oanlis fan 'e Heak om Ljouwert mooglik waard.
Yn it ramt fan it bouwen fan de Ljouwerter wyk De Súdlannen, wurdt De Werp ien fan de wenwiken, dy't yn de foarm fan doarpen boud wurde. By De Werp komt ek it nije treinstasjon Ljouwert-Werpsterhoeke.