Dekanten
Appearance
De Dekanten of Decantae wiene in folk yn prehistoarysk Brittanje, dêr’t wy allinne fan witte omdat hja ienris neamd wurde troch de geograaf Ptolemaeus yn ± 150. Ut syn algemiene beskriuwing fan it folk en de lokaasjes fan de buorstammen kin ôflaat wurde dat harren gebiet oan de westkust fan de Moray Firth, yn de krite fan de Cromarty Firth lei. Ptolemaeus neamt gjin stêden of oare wenplakken yn harren gebiet.