(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Delftske Skoalle - Wikipedy Springe nei ynhâld

Delftske Skoalle

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Delftse Skoalle)
Gijsbert Friedhoff: stedhûs fan Ynskedee

De Delftske Skoalle (sirka 1925-1955) is in tradisjonalistyske streaming yn de Nederlânske arsjitektuer dy't ûntstien is om de Delftske heechlearaar yngenieur Marinus Jan Granpré Molière krekt nei de Earste Wrâldkriich. It wie in reaksje op Funksjonalisme en it Ekspresjonisme fan de Amsterdamske Skoalle, en in weromgean nei lanlike en nasjonale boustilen en -tradysjes, mei kreas skjin mitselwurk, minimale fersiering en 'earlike' (natuerlike en tradisjonele materialen.

De funksje fan in gebou moast ta útdrukking komme yn de foarm wie de opfetting. Dêrom waard der ek ûnderskied makke yn foarmjouwing fan boargerwenten (ienfâldich en ynbannich) en publike gebouwen as stedhûzen en tsjerken, dy't no krekt in monumintale útstrieling hawwe moasten om de klam op harren funksje te lizzen.

De namme 'Delftse Skoalle' waard ynbrocht nei 1945 troch arsjitekt Jacobus Oud fan de keunstnersgroep De Styl.

Dizze styl kin sjoen wurde as direkte opfolger fan it Berlage-eftich Rasjonalisme. De styl hie in soad ynfloed op de ûntwerpen fan tsjerken nei 1945; doe't de ynfloed dêrop tebekrûn sette it wol troch yn de arsjitektuer fan oare gebouwen en wenten. By de weropbou fan Nederlân wiene in protte arsjitekten fan dizze skoalle belutsen en wie it in oerhearskjende boustyl.

Wichtige fertsjintwurdigers fan de Delftse Skoalle, neist Granpré Molière, wiene C.M. van Moorsel, B.J. Koldewey, J.F. Berghoef, A.M. De Rouville de Meux en Gijsbert Friedhoff. Dy groep wie meast katolyk, mar der wie ek in besibbe protestantske styl dy't opkaam ûnder arsjitekten as B.T. Boeyinga en Egbert Reitsma.

Dochs wie der ek yn tradisjonalistyske fermiddens krityk op de Delftske skoalle. Benammen Frits Peutz wie in ferklearre tsjinstanner fan de rûnten om Granpré Molière. Boppedat wiene ferskillende grutte arsjitekten fan it tradisjonalisme, sa as H.W. Valk en Alphons Boosten, net by de Delftske Skoalle belutsen. It giet dan ek te fier om it totale tradisjonalisme yn Nederlân oan te tsjutten mei it begryp Delftske Skoalle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]