(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Durk III - Wikipedy Springe nei ynhâld

Durk III

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Durk III fan Hollân)
Durk III fan Hollân
ôfbylding fan Durk III

Durk III (ek wol Diderik III) (sirka 98127 maaie 1039), dy't de bynamme Hierosolymita hie, wie in Fryske greve (comes Fresonum). Fan 993 oant 1039 wie hy greve fan West-Frisia, it gebiet dat letter Greefskip Hollân neamd wurde soe.

Het regintskip fan Lutgardis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't syn heit Arnulf yn 993 ferstoar wie Durk III noch te jong om it bestjoer op him te nimmen. Dêrom waard syn mem Liudgarde fan Lúksemboarch regintesse. Yn 1005 wie Diederik âld genôch om it greefskip selsstannich bestjoeren te kinnen. Hy makke wol tankber gebrûk fan syn mem har konneksjes. Dy rop nammentlik de help yn fan har sweager, de Dútske keizer Hindrik II fan Dûtslân fan it Hillige Roomske Ryk, om in Fryske opstân te ûnderdrukken. De keizer kaam fan Utert by skip mei in leger nei Fryslân ta en soarge derfoar dat de opstannelingen ferslein waarden.

Konflikt mei de keizer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In part fan it gebiet dêr't Durk it gesach oer hie, waard troch de biskoppen fan Utert, Trier en Keulen bestriden. Der stie in boarch yn Flaardingen, wierskynlik op de plak dêr't no de Grutte tsjerke stiet. Fan dy boarch út twong hy keaplju dy’t mei harren skip lâns fearen, ûnderweis fan Tiel nei Ingelân en werom, om tol te beteljen. Dy keaplju en ek de biskop fan Utert Adelbold makken beswier en frege de Dútske keizer om help. De keizer joech syn neef yn 1018 de opdracht om de festing ôf te brekken. Mar yn stee deroan gefolch te jaan, luts hy himsels werom op de boarch. De keizer stjoerde dêrop in leger op him ôf. Dat leger stie ûnder lieding fan hartoch Godfried fan Verdun en it bestie út in float mei soldaten út Utert, Keulen en it bisdom Luik.

De fjildslach yn de sompe

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 july kaam it ta in Slach by Flaardingen. It lêste stik nei de boarch moast fia lân ôflein wurde, dit wie lestich omdat it gebiet fol mei sleatten en diken lei. It duorre net lang oant it leger fan Godfried fest rûn en twongen waard om werom te gean nei de skippen om in oare rûte te finen. Op it paad wêrom rûn it leger yn in leach fan de soldaten fan Durk. Godfried makke mei syn leger in taktyske weromlûkende beweging, wêrop ien út it Fryske kamp rôp dat de foarste soldaten ferslein wienen. Derop sloech de hartoch op de flecht. De soldaten fan Godfried rekken yn panyk, guon sprongen mei wapenrêsting en al yn de rivier. Oaren kamen fest te sitten yn de sompe. Durk makke direkt gebrûk fan de panyk en it machtige leger fan de hartoch is totaal ferslein. Godfried is finzen naam. Durk wist him te oertsjûgjen fan syn rjocht om tol te heffen yn it gebiet. De hartoch is frij litten mar hy moast wol in goed wurdsje dwaan foar Durk by de keizer.

Yn de 12e-iuwske boarnen fan Egmond stiet dat Durk III neamd wurdt mei de bynamme: Hierosolymita, de Jeruzalim-ganger. Dat wol sizze dat hy in pylgertocht makke hat nei it hillige lân. Neffens in 14e-iuwske skiednisskriuwer Johannes de Beke hat Durk syn tocht rûn it jier 1030 ûndernaam.

It regear fan Diederik III

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst er greve wie wist Durk syn gebiet út te wreidzjen rjochting it easten. Dizze útwreidings wiene ta skea fan it bisdom Utert. De útwreiding bestie ûnder oare út it gebiet súdeast fan Alfen, tusken Zwammerdam en Bodegraven.

Neidat de keizer yn 1024 bernleas ferstoar, stipe Durk Koenraad II in syn striid om de opfolging. Nei it ferstjerren fan Durk III, gie syn frou werom nei it Hartochdom Saksen wêr't sy op 31 maart 1044 ferstoar. Durk is te hôf brocht yn de Abdy fan Egmond.

It ferrin fan de fjildslach is optekene troch de muonts Alpertus fan Metz. Alpertus is nei alle gedachten berne yn it bisdom Utert. Hy is muonts wurden te Metz en kearde dernei wierskynlik werom as Kanunnik nei Utert. Ut syn ferslach is dúdlik te lêzen dat hy oan de kant fan de biskoppen stie.