(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Earmoedegrins - Wikipedy Springe nei ynhâld

Earmoedegrins

Ut Wikipedy
Yndikaasje fan it persintaazje ynwenners per lân dat ûnder de (yn dat lân hantearre) earmoedegrins libbet.

De earmoedegrins of it ynkommensminimum is it ynkommen dat men brek is om foarsjen te kinnen yn jins basisbehoeften. Under basisbehoeften wurdt ferstien: de minimale betingsten dy't nedich binne om in minskweardich bestean liede te kinnen, lykas klean, drinkwetter, foldwaande iten, goede húsfêsting, ûnderwiis en sûnenssoarch. As men in ynkommen hat dat gelyk is oan 'e earmoedegrins, wol dat sizze dat jins ynkommen hielendal op giet oan it foarsjen yn jins basisbehoeften. Der is dan hoegenamt gjin frij te besteegjen ynkommen mear oer. As men ûnder de earmoedegrins libbet, wol dat dat sizze dat men te min jild hat om in minskweardich bestean te lieden. Wrâldwiid is dat by likernôch 1,2 miljard minsken it gefal, oftewol by sa'n 17% fan 'e wrâldbefolking.

Feitliks is de earmoedegrins in statistysk begryp, wêrfan't de presize definysje per lân ferskilt. Yn ûntwikkele lannen lykas Nederlân leit de earmoedegrins folle heger as yn ûntwikkelingslannen, mar oan 'e oare kant moat men ek rekkenje dat it libben yn ûntwikkele lannen folle djoerder is as yn ûntwikkelingslannen. Ornaris wurdt de ynternasjonale earmoedegrins likernôch steld op in ynkommen fan $1,– deis. Wa't fan minder as dat bedrach rûnkomme moat, libbet dus yn earmoede en kin net foar de folle hûndert persint yn syn eigen basisbehoeften (of dy fan syn bern) foarsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.