(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Eastlike nôtmûs - Wikipedy Springe nei ynhâld

Eastlike nôtmûs

Ut Wikipedy
eastlike nôtmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld
   (Reithrodontomys)
soarte
Reithrodontomys humulis
Audubon & Bachman, 1841
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De eastlike nôtmûs (wittenskiplike namme: Reithrodontomys humulis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld (Reithrodontomys), dat lânseigen is yn it súdeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It is in lyts bistke mei in fierhinne herbivoar dieet dat foar it meastepart nachts aktyf is. De IUCN klassifisearret de eastlike nôtmûs as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan 'e eastlike nôtmûs beslacht it meastepart fan it súdeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It omfettet it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e steaten Alabama, Firginia, Georgia, Mississippy, Noard-Karolina en Súd-Karolina, mei dêropta it easten fan Teksas en Oklahoma, it súdwesten fan Arkansas, it westen en midsuden fan Louisiana, it westen en noardeasten fan Tennessee, it easten en de uterste westpunt fan Kentucky, it suden fan Ohio, it westen en suden fan West-Firginia en it suden fan Delaware. Yn Floarida beslacht it ferspriedingsgebiet fan 'e eastlike nôtmûs de Panhandle en it meastepart fan it Floaridaskiereilân, mar net de Everglades oan 'e súdpunt fan it skiereilân. Yn Marylân kaam dizze soarte fan oarsprong ek foar, mar dêr is er útstoarn.

In eastlike nôtmûs.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eastlike nôtmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 4,6 oant 6,7 sm, mei in sturtlingte fan 6,1 sm en in gewicht fan likernôch 8,2 g. Wyfkes weagje mear as mantsjes. De pels is brún, mar skaait op 'e bealch en oan 'e ûnderkant fan 'e sturt ljochter, grizich, út. Oer de midden fan 'e rêch rint in dizenige streek fan kop nei sturt dy't dûnkerder is as de rest fan 'e pels.

Eastlike nôtmûzen libje yn iepen, mei gers begroeide biotopen, lykas wyldernis sûnder (in protte) beammegroei, greiden dy't net mear meand wurde en sompen. Se hawwe in dúdlike foarkar foar wetterrike kriten. Bosken mije se.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eastlike nôtmûs is benammentlik nachts aktyf en hat in libbensspanne fan trochinoar net mear as 91/2 wike. It territoarium fan ien eksimplaar beslacht sa'n 1.000 . De bistkes bouwe fan plantaardich materiaal in bolfoarmich nêst dêr't se it hiele jier rûn yn wenje.

De fuortplanting fynt by eastlike nôtmûzen plak by 't maityd en hjerstmis. De mantsjes binne altyd ree om te pearjen, mar simmerdeis stegerje de wyfkes harren ôf. De draachtiid foar dizze soarte is likernôch 21 dagen. Ien nêst bestiet ornaris út 2–4 jongen, mar 1–8 jongen komt ek foar. By de berte weagje de jongen 1,2 g en binne se neaken en blyn; de eachjes geane pas mei 7–10 dagen iepen. De jongen wurde grutbrocht troch it wyfke en ferlitte de mem nei 30 dagen. De fuortplantingssyklus kin 24 dagen nei befalling alwer op 'e nij begjinne.

In eastlike nôtmûs fongen.

Oer it dieet fan 'e eastlike nôtmûs is net folle bekend, oars as dat it bistke foar it meastepart herbivoar is. Yn laboratoaria dêr't de soarte bestudearre wurdt, frette de stúdzje-eksimplaren in hiel ferskaat oan guod, fan sied en fruchten oant grienten. Saakkundigen ornearje lykwols dat se yn it wyld nei alle gedachten fral fan it sied fan gerzen en krûden libje, oanfolle mei út en troch wat lyts ynsekteguod.

De eastlike nôtmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.