(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Florâns - Wikipedy Springe nei ynhâld

Florâns

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Florence)
Florâns
Bestjoer
Lân Itaalje
Provinsje Florâns
Regio Toskane
Boargemaster Matteo Renzi (Demokratyske Partij)
Sifers
Ynwennertal 383.083 (2016)
Oerflak 102.41 km²
Befolkingsticht. 3.700 km²
Hichte 50 m
Oar
Postkoade 50121-50145
Offisjele webside
Offisjele side fan de gemeente Florâns

Florâns (Italjaansk: Firenze) is in stêd yn Itaalje. It is de haadstêd fan de regio Toskane en de provinsje Florâns. Yn de stêd wenje sa'n 370.000 minsken en leit oan de rivier de Arno. De stêd stiet bekend as de widze fan de Renêssânse en jildt dêrmei as ien fan de wichtichste kultuerstêden fan Jeropa.

Florâns waard stifte yn it jier 59 troch Romeinske feteranen dy't út it leger ûntslein waarden. Sy neamden harren stêd 'Florentia' (Latyn foar 'bloei').

Iuwenlang soe de stêd bestjoerd wurde troch de bankiersfamylje de Medisi, wêrfan de measten in grutte belangstelling foar keunsten hiene krekt as de skilderkeunst, byldhoukeunst, arsjitektuer en literatuer. De Medisi regearen sûnt de 15e iuw oant 1737.

Florâns en de Renêssânse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Florâns is de meast útsprutsen renêssânsestêd fan Itaalje. Nearne oars yn Itaalje binne sa'n protte gebouwen en keunstwurken út dat tiidrek.

It belang fan Florâns as hannelsstêd docht ûnder mear bliken út it feit dat de pleatslike munt, de fiorino d'oro of Gouden Florijn, de namme liende oan in protte oare, krekt as de Hongaarske forint en dy fan Nederlân.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Ponte Vecchio (âlde brêge), dy't boud is yn 1345, en de Corridoio Vasariano, dy't ûntwurpen is yn 1565, lûke in soad toeristen. Wat de Ponte Vecchio unyk makket is de gong dy't boppe de winkeltjes rint. Eartiids rûnen de leden fan de foaroansteande Medisi-famylje hjir by lâns sadat sy har net ûnder it gewoane folk hoegden te bejaan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]