Gaie Sebold
Gaie Sebold | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gaie Sebold | |
nasjonaliteit | Amerikaansk Britsk | |
berne | ±1980 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy | |
bekendste wurk(en) |
Babylon Steel Gears of Empire | |
útjouwer | Solaris Books | |
jierren aktyf | 2001 – no | |
offisjele webside | ||
gaiesebold.com |
Gaie Sebold (yn 'e Feriene Steaten, ±1980) is in Amerikaansk-Britsk fantasyskriuwster, dichteresse en leararesse, dy't ferskate romans en koarte ferhalen skreaun hat.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sebold waard yn 'e Feriene Steaten berne, mar groeide op yn Ingelân. Hja is de dochter fan in Amerikaanske heit en in Ingelske mem, en wurke foarhinne as skjinmakster, siktaresse, kassiêre, toerneemanager en redakteur. Se omskriuwt harsels op har eigen webside as "skriuwster, túnker en draachster fan learzens. Faak allegear op ien en deselde dei." Se wennet yn 'e Londen, dêr't se gearwennet mei de skriuwer David Gullen en harren "paranoïde" kat Schrödinger.
Neffens eigen sizzen "begûn se te skriuwen koart nei't se leard hie te lêzen, en se hat ûnderwilens in protte wurden produsearre, wêrfan in soad ferskillende." Om't se har mei har skriuwwurk net ûnderhâlde kin, hat se in baan by in goeddiedichheidsynstelling. Ek jout se út en troch workshops en lêzings op it mêd fan kreätyf skriuwen en alle omballingen dêrfan, wêrûnder it betinken fan personaazjes en plot; it opstellen fan in koarte gearfetting fan it ferhaal foarôfgeande oan it eigentlike skriuwwurk; en it finen fan tiid om dat eigentlike skriuwwurk te dwaan.
Sebold begûn har skriuwkarriêre as dichteresse. Nei eigen sizzen wie poëzij har earste leafde, ien dy't hja út en troch noch wer ris opsiket. Har gedichten publisearre se yn ferskate tydskriften, wêrûn Chizine, en yn 2001 kaam by útjouwerij The Tall Lighthouse har dichtbondel Urban Fox út. Neitiid begûn Sebold ek koarte ferhalen te skriuwen, dy't se krektlyk publisearre yn (ûnderwilens opdoekte) tydskriften, lykas Legend, Black Gate en On Spec. Har lêste koarte ferhaal, A Silver Music, ferskynde yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Ghost Stories by Women.
Yn 2012 kaam Sebold har earste roman út, mei as titel Babylon Steel. It titelpersonaazje is in troch jildkrapte pleage bordeelhâldster dy't tsjin wil en tank behelle rekket yn 'e syktocht nei in jongfaam fan aadlik komôf dy't weiwurden is yn 'e stêd dêr't sy wennet. Underwilens waret der in searjemoardner om dy't it op prostituees foarsjoen hat, en boppedat komt har eigen ferline, dat se tweintich jier lyn feilich ûntflechte tocht te hawwen, har ynienen wer oer 't mad. In jier letter, yn 2013, kaam it ferfolch Dangerous Gifts út. Yn 2014 folge Shanghai Sparrow, it earste diel yn 'e Gears of Empire-searje, dy't ta it subsjenre fan 'e steampunk heart, en spilet yn 'e heechtijdagen fan it Britske Ryk. It twadde diel, Sparrow Falling, kaam út yn 2016. Yn 2019 publisearre Sebold fierders de novelle A Hazardous Engagement, wêryn't se it misdiesjenre (spesifyk heistfiksje) mei fantasy kombinearre.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2001 – Urban Fox (dichtbondel)
- Babylon Steel-rige
- 2012 – Babylon Steel
- 2013 – Dangerous Gifts
- 2013 – A Silver Music (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Ghost Stories by Women, û.red.f. Marie O'Regan)
- Gears of Empire-rige
- 2014 – Shanghai Sparrow
- 2016 – Sparrow Falling
- 2019 – A Hazardous Engagement (novelle)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Amerikaansk skjinmakker
- Amerikaansk winkelbetsjinner
- Amerikaansk administratyf meiwurker
- Amerikaansk romanskriuwer
- Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer
- Amerikaansk fantasyskriuwer
- Amerikaansk dichter
- Amerikaansk ûnderwizer
- Ingelsk skjinmakker
- Ingelsk winkelbetsjinner
- Ingelsk administratyf meiwurker
- Ingelsk romanskriuwer
- Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer
- Ingelsk fantasyskriuwer
- Ingelsk dichter
- Ingelsk ûnderwizer
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Ingelsk persoan fan Amerikaansk komôf
- Ingelsk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn de 20e iuw