(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Geheimtaal - Wikipedy Springe nei ynhâld

Geheimtaal

Ut Wikipedy

In geheimtaal, kryptolekt of argot is in spesjale taalfoarm (taal of dialekt) of in spesifyk leksikon binnen in "gewoane" taal, brûkt foar ûnderlinge kommunikaasje troch in maatskiplike groep dy't wat te ferbergjen hat. Dêrby kin men tinke oan 'e organisearre misdie, oplichters, terroristen en strjitbindes. Sokke groepen meitsje almeast gebrûk fan in soarte fan koade binnen in besteande taal, wêrby't oan ûnopfallende wurden oare betsjuttings jûn wurde; "krante" of "fluit" kin dan bgl. "fjoerwapen" betsjutte, en ek oan sifers, de dagen fan 'e wike en de moannen fan it jier wurde oare nammen jûn. Troch it brûken fan sa'n geheimtaal, dy't yn dizze foarm ek wol Bargoensk of dievetaal neamd wurdt, kinne de leden fan 'e groep en harren geheimen beskerme wurde tsjin ôflústerjen en oare foarmen fan bemuoienis fan bûtenôf.

Der besteane lykwols ek ûnskuldiger foarmen fan geheimtaal, lykas dy't troch jeugdbindes útfûn wurde om folwoeksenen bûten te sluten, of dy't troch beskate groepen brûkt wurde dy't fan natuere gewoan tige sletten binne, lykas Roma en wenweinbewenners. Yn dy lêste gefallen giet it gauris om in dialekt of in hiele oare taal, dy't (ek) foar geheimtaal brûkt wurdt, net selden in âldere taal dy't as memmetaal al útstoarn is, mar dy't spesjaal foar it doel fan geheimtaal noch oanleard wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 23.