(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Geisenheim - Wikipedy Springe nei ynhâld

Geisenheim

Ut Wikipedy
Geisenheim
Rheingauer domtsjerke.
Rheingauer domtsjerke.
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Stedsyndieling 4 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 11.776 (31.12.2023)[1]
Oerflak 40,34 km²
Befolkingsticht. 292 ynw./km²
Hichte 90 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 65366, 65385
Koördinaten 49° 58' N 7° 57' E
Offisjele webside
www.geisenheim.de
Kaart
Geisenheim (Hessen)
Geisenheim

Geisenheim is in stêd yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. Geisenheim leit tusken Rüdesheim en Wiesbaden en stiet bekend om syn domtsjerke en iuwenâlde linebeam.

Geisenheim wurdt yn fjouwer stedsdielen ferdield: Geisenheim, Johannisberg, Marienthal en Stephanshausen. Johannisberg is faaks it bekendste stedsdiel fan Geisenheim. It is it plak dêr't de Spätlese ûntstie, in wyn dy't makke wurdt fan oerripe druven. Marienthal krige syn namme troch it kleaster Marienthal. It kleaster stiet bekend om de Marije-beafeart. Ek ûnstie yn dat kleaster de earste kleasterprinterij fan 'e wrâld.

Geisenheim wurdt foar it earst yn in oarkonde út it jier 772 neamd. Yn 1864 krige Geisenheim stedsjrochten. By de gemeentlike weryndieling fan Hessen op 31 desimber 1971 waard de oant dan ta selstannige gemeente Johannisberg by Geisenheim yndield. Op 1 jannewaris 1977 folgen de eardere selstannige gemeente Stephanshausen.

Yn 'e tiid fan it Tredde Ryk waard foar de wapenproduksje fan Friedrich Krupp AG yn Geisenheim yn 'e hallen fan 'e masinefabryk Johannisberg GmbH in bûtenkamp fan it konsintraasjekamp Natzweiler-Struthof ynrjochte. Op 12 desimber 1944 waarden 200 froulju yn it kamp ûnderbrocht, fral joadinnen út it getto fan Lodz, dy't by de oankomst yn Auschwitz geskikt achte waarden om te wurkjen. De measte finzenen oerlibben harren tiid yn Geisenheim, somtiden mei help fan Dútsers dy't iten joegen, mar op 18 maart 1945 moasten de froulju op deademars nei Dachau. De froulju dy't oerlibben waarden dêr lang om let troch de Amerikanen befrijd.

Dêrnjonken lei der op it terrein ek noch in kamp mei 25 (1943) Russyske kriichsfinzenen.

It kamp leit tusken it spoar Rüdesheim-Wiesbaden, de Winkeler Straße en it tankstasjon Reutershan.

It besjen wurdich (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Linebeam fan Geisenheim.
Johannisberg.
  • Foar it riedshûs oer stiet op it Lindenplatz in grutte linebeam, dy't sa'n 700 jier âld rûsd wurdt. Yn 'e jierren 1970 moast de twadde kroan fan de beam fanwegen sykte kapt wurde.
  • De katolike tsjerke stiet bekend as de "Rheingauer dom" en hat in neogoatysk front mei dûbele tuorren. It tsjerkeskip en it koer binne 16e iuwsk. De tsjerke besit in ryk ynterieur en in oargel fan Stumm út de 19e iuw. De neoromaanske protestantske tsjerke waard yn 'e jierren 1891-1897 neffens it ûntwerp fan Ludwig Hofmann boud.
  • De hallen fan 'e masinefabryk Johannisberg Geisenheim is in ynstrustriëel monumint fan 'e lange tradysje fan masinebou yn Geisenheim.
  • Yn it Bachelin-Haus út 1695 is in keamer mei behang út de jierren 1822-1823. It behang is mei de hân beskildere en is yn Dútslân it âldste behang dat yn in boargerhûs mei de hân beskildere waard.
  • It Slot Johannisberg is in lângoed mei wyngerd, dat werom giet op in wyngerd fan in kleaster. Fan 'e kleastergebouwen is neat mear oer, mar de kleasterbasilyk út 1130 is noch jimmeroan oanwêzich. It skip fan 'e basilyk waard lykwols foar de bou fan it slot ynkoarte.
  • De Burg Schwarzenstein is in folly út 1873.
  • It eardere benediktynske kleaster Johannisberg waard yn 2006 sekularisearre en tsjinnet tsjintwurdich mei de tsjerke út 1928 as hotel-restaurant.
  • De Sint-Michaeltsjerke fan Stephanshausen datearret út de 17e en 18e iuw.

It kleaster Marienthal giet werom op in mirakuleuze genêzing fan 'e bline jager Hecker Henn yn 1309. Ynearsten waard in kapel boud, mar fanwegen it grutte tal pylgers waard de kapel yn 1326 troch in gruttere tsjerke ferfongen. It kleaster wurdt bewenne troch Fransiskaanske bruorren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.