Hessel Posthuma sr.
Hessel Posthuma (Harns, 8 maaie 1887 - Ljouwert, 20 novimber 1969) wie in assuradeur en politikus.
Foaroanman fan de Kristlik Demokratyske Uny (CDU), dy't foar dy partij en nei de oarloch (nei de fúzje mei SDAP en VDB) foar de PvdA yn de Twadde Keamer siet. Soan fan in winkelman. Wurke by de gemeenteplysje yn Amsterdam en wie fersekeringsagint. Luts him al op jonge leeftiid - mei fanút syn kristlike oertsjûging - it lot fan de earme (Fryske) plattelânsbefolking oan en waard aktyf yn de Christelijk-Sociale Partij en de CHU. Wie ûnder oare gemeenteriedslid yn Ljouwert, en sekretaris fan de CDU. Spruts yn de Twadde Keamer oer in soad ferskillende ûnderwerpen. Wie lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân (1933-1940) en lid fan de Twadde Keamer (1937-1946) foar de CDU.
Hessel Posthuma jr., syn soan, wie út namme fan de PvdA boargemaster fan Opsterlân en Dimter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|