(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Homofoby - Wikipedy Springe nei ynhâld

Homofoby

Ut Wikipedy
     Lannen mei anty-diskriminaasje wetjouwing;
     lannen dêr't homoseksualiteit yllegaal is
     gjin gegevens

Homofoby (in keppeling fan "homo-" fan homoseksualiteit en it Grykske φόβος, fóbos, "eangst" of "ôfkear") is net in echte foby, mar de beskriuwing fan in negative hâlding foar homoseksualiteit oer. Dêrûnder falle ek negative gevoelens oer minsken, dy't identifisearre wurde as homo, lesbysk, biseksueel of transgender (LHBT). It wurdt definiearre as minachting, ôfkear, antipaty en kin werom gean op ûnkunde of yrrasjonele eangst, fakentiden relatearre oan religy of kultuer.

Homofoby komt by immen oan it ljocht troch kritysk oant fijannich hâlden en dragen, lykas in diskriminearjende of geweldadige hâlding foar net-heteroseksuele oriïntaasjes oer. Foarmen fan homofoby binne û.o. ynstitúsjonalisearre homofoby, bygelyks religieuze homofoby en troch de steat ûnderstipe homofoby, troch it yllegaal meitsjen fan homoseksualiteit, en ynternalisearre homofoby (it oernimmen fan foaroardielen oer homoseksualiteit fan oaren, dy't in diel fan jinssels wurde, sadat immen de eigen gefoelens ûnderdrukt), ûnderfûn troch minsken dy't harren oanlutsen fiele ta itselde geslacht, allike folle hoe't hja harren sels identifisearje.

Op 17 maaie wurdt alle jierren oer de hiele wrâld de "Ynternasjonale Dei tsjin Homo-, Lesbo-, Bi-, Trans- en Ynterseksefoby" fierd. Op dy dei wurdt omtinken frege foar it bestean fan diskriminaasje en geweld op grûn fan seksuele oriïntaasje.[1] In soartgelikense dei is "Pearse Freed", dy't op de twadde freed fan desimber falt. Sûnt 2010 wurdt dy lanlike aksjedei op in soad skoallen betocht mei it dragen fan pearse klean troch middelbereskoalbern en studinten, om sa harren solidêrens sjen te litten mei homoseksuelen, lesbiënnes, biseksuelen en transgenders.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.