(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Ilse Koch - Wikipedy Springe nei ynhâld

Ilse Koch

Ut Wikipedy
Ilse Koch
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ilse Koch-Köhler
oare namme 'de heks fan Buchenwald'
nasjonaliteit Dútske Keizerryk,
Dútsk
berne 22 septimber 1906
berteplak Dresden
stoarn 1 septimber 1967 (60 jier)
stjerplak Aichach
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt Sikretaresse, Oare helte SS-Standartenführer Karl Koch
reden
  bekendheid
Wredens, ekshibisjonisme, sammeljen minsklike tatûearre hûd

Ilse Koch (berne Köhler; Dresden, 22 septimber 1906Aichach, 1 septimber 1967) wie de oare helte fan SS-kolonel Karl Koch, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch kommandant wie fan de konsintraasjekampen Buchenwald (1937-1941) en Majdanek (1941-1943).

Koch wie in dochter fan in fabryksfoarman. Se stie bekend as in freonlik en lokkich bern yn har legere skoallejierren. Mei 15 jier begûn se in oplieding boekhâlden. Letter gie se oan 't wurk as sikretaresse fan in boekhâlder.

Oarlochsmisdieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1932 waard se lid fan de Nazypartij. Troch freonen yn de SA en de SS moete se Karl Otto Koch yn 1934 oan wa't se twa jier letter boaske. Yn 1936 waard se beweitster en sekretaresse yn Sachsenhausen dêr't Koch doe kommandant wie. Yn 1937 kreeg Karl de opdracht om Buchenwald bouwe te litten, Ilse ferhuze mei en it pear kaam te wenjen yn in lúkse filla krekt bûten it kamp dêr't ek oare SS-ofsieren har' huzen hiene.

Hoewol't Koch gjin offisjele funksje beklaaide yn it kamp bemuoide se har stadichoan mear mei it wurk fan har man. Yn Buchenwald joegen de finzenen har de bynamme "Die Hexe von Buchenwald" ('De heks fan Buchenwald'), út reden fan har sadistyske bûtensprongen. Sa ried se faak op 't hynder troch it kamp om willekeurige finzenen de swipe deroer te lizzen.

Koch wie berucht om it sammeljen fan stikken hûd fan troch har útsochte en yn opdracht fan har fermoarde finzenen dy't opfallende tatûaazjes hiene. Dat barde sa't it hiet om kampdokter Erich Wagner te helpen by syn dissertaasje oer it ferbân tusken kriminaliteit en it hawwen fan tatûaazjes.

Yn 1940 liet Koch in sporthal foar harsels sette dy't goed 250.000 ryksmark koste, jild dat foar it grutste part stellen wie fan de finzenen. Yn 1941 waard Karl Otto Koch oerpleatst nei Lublin om mei helpen oan de stichting fan Majdanek. Ilse bleau yn Buchenwald oant 24 augustus 1943. Doe waarden sy en har man arrestearre fanwegen Josias von Waldeck-Pyrmont, SS- en plysjesjef foar Weimar, dy't it heechste tafersjoch oer Buchenwald hie. De oanklachten tsjin de Kochs wiene persoanlike ferriking, it fertsjustermoanjen fan jild en it deadwaan fan finzenen om tsjûgeferklearrings foar te kommen. Erich Koch krige de deastraf en waard in wike foar de befrijding fan it kamp fusillearre.

Nei de befrijding fûnen de Amerikaanske militêren ek lampekappen makke fan minsklike hûd yn har húsboel en ek twa 'ferskronfele hollen', al die letter bliken dat dy út in museum kamen. Letter is wol ûntkend dat de lampekappen fan minskehûd makke wiene, it soe geitelear west hawwe.

Nei de oarloch waard 'de heks fan Buchenwald' troch in tribunaal ynearsten foar oarlochsmidieden feroardield ta libbenslange finzenisstraf. Letter waard dat omset yn in straf fan fjouwer jier meidat der net genôch bewiis wie; hja siet doe al twa jier fêst. Doe't se yn 1951 frijkaam, waard se ûnder druk fan de publike opiny fuortendaliks wer oppakt en troch in Dútske rjochtbank fannijs ta libbenslang feroardield.

Lang om let die se harsels te koart troch ophinging yn in finzenis yn Aichach op 1 septimber 1967. Sy wie doe 60 jier.

Karl en Ilse Koch hiene twa soannen, wêrfan't ien him nei de kriich tekoart die. Har soan Uwe, by har oanset troch in ûnbekende yn de finzenis fan Aichach dêr't se har straf útsitte moast, waard fuortendaliks nei syn berte by har weihelle. Earst doe't Uwe Köhler 19 jier wie wist er wa't syn mem wie.
Ilse Koch hie, yn alle gefallen by ôfwêzigens fan har man, ferhâldingen mei mear as ien SS-ofsier.

Yn 1975 ferskynde der yn Amearika in film mei de titel Ilsa, She Wolf of the SS, oer in kampkommandante dy't sadistyske eksperiminten op finzenen útfierde. Dat personaazje wie (licht) basearre op Koch. De film krige trije ferfolgen: Ilsa, Harem Keeper of the Oil Sheiks (1976), Ilsa, the Wicked Warden (1977) en Ilsa, the Tigress of Siberia (1977). It titelpersonaazje waard yn alle dielen spile troch de Amerikaanske aktrise Dyanne Thorne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: