Jan fan Leien
Jan fan Leien, of Jan (Johan) van Leyden, feitlik Johann Bockelson of Johan Beukelssoan (Leien, 1509 - Múnster (Westfalen), 22 jannewaris 1536) wie in omreizgjend Nederlânsk preker fan de werdopers en ien fan de oanfierders, letter kening, fan it werdoperske keninkryk yn Múnster dat mar koart bestien hat.
Libbenspaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Beukelss. fan Leien wie in bern fan Beukel Gjerrits, dy't er oanset hie by syn tsjinstfaam Alijdgen Jansdochter. Syn âlden trouden nei it ferstjerren fan it earste wiif fan syn heit.[1] Jan fan Leiden waard in skroar dy't yn Flaanderen en Ingelân arbeide. Dêrnei ferfarre er nei Leien, dêr't er boaske oan de widdo fan in skipper. As keapman reizge er nei Lübeck en Lissabon. Yn Leien hie er ek in herberch, In den Witte Lely, wie er mastersjonger, rymdichter en toanielspiler op feesten yn dy stêd.
In 1533 krige Jan van Leiden kunde oan de werdoper Jan Matthijs en liet him troch him dope. Hy hie al earder niget krigen oan dy nije kristlike groep doe't er op in besite oan Múnster in preek fan Bernhard Rottmann heard hie.
It Werdoperskryk yn Múnster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Matthijs stjoerde Jan fan Leien as apostel nei Múnster om de werdopers dêre te stypjen. Rillegau waard er njonken Matthijs oanfierder fan de Werdopers yn dy stêd. De werdopers krigen in mearderheid yn de gemeenterie en makken Múnster ta ien fan har' bolwurken. Biskop Frâns fan Waldeck, dy't út Múnster ferdreaun wie, belegere de stêd al sûnt 28 febrewaris 1534 mei help fan de troepen fan lângreve Filips fan Hessen.
Jan Matthijs ferlear 5 april 1534 it libben by in útbrek fan de belegere stêd. Jan fan Leien wie dêrnei de iennige lieder fan de werdopers yn Múnster. Septimber 1534 naam er de titel kening oan, rjochte it teokratyske “Keninkryk Sion” op, mei prachtich hof en al.
Stipe fan in rie fan "tolve apostelen", syn steedhâlder en skerprjochter Berend Knipperdolling en syn "rykskânselier" Heinrich Krechting soe Jan fan Leien in wier skrikbewâld útoefene hawwe en alle ferset in bloed fersmoard hawwe. Yn it tarieden fan de ûnderstelde tichterby kommende apokalyps liet er alle boeken útsein de Bibel ferbaarne. Jild waard ôfskaft en polygamy en gemienskap fan goed waarden ynfierd. Op oertrêding fan de Tsien Geboaden stie de deastraf.
Jan fan Leiden hie 17 froulju. Ien fan harren, Elisabeth Wandscherer, soe er yn it iepenbier sels ûnthalze hawwe omdat hja by him wei woe. Dat is lykwols net wis. De tsjerklike en wrâldske autoriteiten lieten sokke ferhalen nei harren oerwinning op de werdopers as ôfskrik ferspriede.
It doperryk fan Jan fan Leien kaam op 25 juny 1535 in ein oan, doe't de troepen fan de biskop en de lângreve fan Hessen troch ferried Múnster ynnamen. Pas nei fûleinige fjochterij yn de strjitten waarden de werdopersken ferslein. Jan fan Leien waard finzennaam en in seistak moannen as "sirkusbear" troch de omkriten fierd. Op 22 jannewaris 1536 waard er nei Berend Knipperdolling en Berend Krechting deamartele.[2] De lichems waarden yn izeren koaien oan de toer fan Lambertitsjerke yn Múnster ophong en bleaunen dêr hingjen ta ôfskrik oant 1585. De koaien binne der noch te sjen. Haadpreker Bernhard Rotmann en Berend Krechting syn broer Hendrik koenen ûntkomme. Heinrich Krechting ferkundige it doperdom letter in Aldenboarch.
Antonius Corvinus, in Lutersk predikant dy't mei Jan fan Leiden prate oer syn oertsjûgings en de skiednis Múnster, hat in ferslach oer dy syn finzenis en dea skreun.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Luc Panhuysen, Jantje van Leiden, (Hilfertsum: Verloren, 2003). ISBN 90-6550-461-3 (hjir foar in part te rieplachtsjen)
- S.B.J. Zilverberg, "Jan Beukelsz.", yn: Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme 4 (Kampen: Kok, 1998), s. 228-229, ISBN 90-242-9269-7
- Anthony Arthur, The Tailor-King: The Rise and Fall of the Anabaptist Kingdom of Múnster, ISBN 0-312-26783-5
- Robert Schneider, Jan van Leiden: het wonderbaarlijke leven van Jan Beukels, roman (Uithoorn: Karakter, 2008) ISBN 978-90-6112-118-3, oersetting fan Kristus: das unerhörte Leben des Jan Beukels (Berlyn: Aufbau, 2004)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|