(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Jeleazarov-kleaster - Wikipedy Springe nei ynhâld

Jeleazarov-kleaster

Ut Wikipedy
Jeleazarov-kleaster

Елеазаров монастырь

Katedraal fan 'e trije Hiërargen.
Katedraal fan 'e trije Hiërargen.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Pskov
plak Pskov
koördinaten 58° 02' N 28° 11' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1447
opheffing 1918
weriepening 2000
Ynformaasje bou
boujier 16 iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 611310014010006
Webside
eleazarovo.ru
Kaart
Jeleazarov-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Jeleazarov-kleaster

It Jeleazarov-kleaster (Russysk: Елеазаров монастырь; transliterearre: Eleazarov Monastyr) is in lyts otterdoks nonnekleaster, sa'n 25 kilometer noardlik fan de Russyske stêd Pskov. Eartiids wie it in kleaster foar muontsen, mar tsjintwurdich is it in nonnekleaster.

It oan 'e wei fan Pskov nei Gdov lizzende kleaster waard yn 1447 stifte troch de boer Eleazar, dy't de kleasternamme Efrosin oannaam. Hy sette útein mei de bou fan in houten tsjerke, dy't oan 'e trije hillige hiërargen wijd waard. Nei syn dea op 15 maaie 1481 waard Efrosin dêr begroeven. Yn 1551 folge de hillichferklearing fan 'e stifter fan it kleaster.

De restaurearre kleastergebouwen.

Yn 'e midden fan 'e 16 iuw waard it kleaster fortifisearre. Tanksij de gelearde hegumen Filofej krige it kleaster in romrofte namme. Oan him wurdt de "Legende fan 'e wite Kovel" taskreaun. Ek die hy yn in brief oan Vasili III oan it konsept fan Moskou as it Tredde Rome út de doeken. Under syn bestjoer waard it kleaster ferneamd fanwegen de ikoaneskilders. Ek de bou fan de noch jimmeroan besteande katedraal fûn yn dy tiid plak.

It kleaster waard al gau nei de Oktoberrevolúsje yn 1918 troch de bolsjewiken sletten en oerdroegen oan ferskate organisaasjes, lykas in sanatoarium foar bern mei tuberkulose. De tsjerke bleau noch wat langer iepen mar gyng yn 1920 ek ticht. De kleastergebouwen rekken yn 'e Sovjet-tiid slim yn it neigean en oant 1999 wiene der noch in bernekamp en wenromten yn fêstige.

It kompleks waard yn it jier 2000 wer iepene as in kleaster, mar no foar nonnen. De katedraal fan 'e trije grutte Hiërarchen waard doe wer restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Yelizarov Convent