Jong Nederlânpartij
Jong Nederlânpartij | ||||
holden yn | Frjentsjer | |||
sport | Keatsen | |||
earste edysje | 7 augustus 1910 | |||
|
De Jong Nederlânpartij, tsjintwurdich offisjeel it Nederlânsk Kampioenskip Junioaren foar ôfdielings fan de KNKB neamd, is in keatspartij foar jongfeinten yn de leeftyd fan 17 oant 21 jier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De partij waard foar it earst hâlden yn Frjentsjer op 7 augustus 1910. Lykas de Bûnspartij foar senioaren is ek de Jong Nederlânpartij yn de begjinjierren op ferskate plakken spile. Sûnt 1942 wurdt de partij yn Frjentsjer keatst. Yn de rin fan de tiid binne de leeftydsgrinzen ferromme. Yn de begjinjierren wie de partij allinne foar 17- en 18-jierrigen, tsjintwurdich kinne keatsers oant 21 jier meidwaan. Sûnt 1994 is it ûnder betingsten tastien om jongere spilers ôf te furdigjen.
De partij waard earder ferkeatst op Pinkstersnein, mar sûnt 1969 op de sneon foar Pinkster sadat ek keatsers dy't út prinsipe net op snein keatse oan de partij meidwaan kinne.
Klaverke Fjouwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jong Nederlânpartij is mei de Freulepartij, de Bûnspartij foar senioaren en de PC ien fan de partijen dy't diel útmeitsje fan it Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't der yn slagje al dy fjouwer partijen te winnen.
Winnerslist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
{{boarnen|boarnefernijing=
}