Kastyljaansk Skiedingsberchtme
It Kastyljaansk Skiedingsberchtme (Spaansk en Portegeesk: Sistema Sintral) is in berchkeatling op it Ibearysk Skiereilân en spjaltet de Spaanske Heechflakte in twaen. It Kastyljaansk Skiedingsberchtme rint rûchwei fan east nei west oer sa'n 600 km, fanôf it Ibearyske Râneberchtme, by de súdlike grins fan de Spaanske regio Kastylje en Leön lâns, oant yn Portegal. Súd fan de berchketen leit it streamgebiet fan de rivier de Taach en noardlik dêrfan dat fan de rivier de Doero.
Underferparting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De berchkeatling wurdt ûnderferparte yn inkelde lytsere berchrêgen (sierras). De twa grutste en heechste dêrfan binne de:
- Sierra de Guadarrama, dy't likernôch op de grins leit fan de autonome regio's Madrid en Kastylje en Leön. De heechste berchtop is de Peñalara, mei in hichte fan 2428 meter.
- Sierra de Gredos, yn it uterste suden fan Kastylje en Leön, dy't fier oer de grins fan Ekstremadoera trochrint. De heechste berchtop dêrfan is de Pico Almanzor, mei in hichte fan 2592 meter.
Oare berchrêgen dy't diel útmeitsje fan it Kastyljaansk Skiedingsberchtme binne de Sierra de Ayllón, de Sierra de Ávila, de Sierra de la Paramera, de Sierra de Candelario, de Sierra de Gata en de Serra da Estrela in Portegal.