(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Klezmer - Wikipedy Springe nei ynhâld

Klezmer

Ut Wikipedy
Ensemble Klesmer Wien bringt Lebedik un Freilech

Klezmer is fan orizjine muzyk fan de jiddysk pratende joaden yn benammen East-Jeropa.

De jiddyske beneaming klezmer hat syn oarsprong yn twa âld-hebriuwske wurden: kley (ark) en zemer (muzykje). De klezmermuzikanten of klezmorim spilen/spylje foaral op brulloften. Dêr waard benammen in soad dûnsmuzyk spile (bulgars, freilachs, khossidls en shers). Typearjend yn de measte klezmer is de kombinaasje fan in laits en in trien; gauris fleurige muzyk dy't by neier skôgjen dochs yn in (wizige) mineur toanljedder blykt te stean, wat net daliks betsjut dat de muzyk in tryste sfear efter lit.

Ynstrumintaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan âlds wiene benammen snaarynstruminten lykas de fioele brûkt, mei as begelieding kontrabas en inkeld symbalom. Letter (nei ± 1900 komt dêr foaral de klarinet as meldijynstrumint by. Akkordeon en piano folje faak de begelieding yn, inkeld oanfolle mei in drumstel. Yn hjoeddeiske klezmerensembles is neist de neamde ynstruminten ek gauris koper te hearren (trompet, tromboane, tuba).
Yn de wize fan spyljen wurdt de minsklike stim faak neidien, dy't by de jiddyske muzyk op karakteristike wize 'brekt' (it krechts'n). Op in meldijynstrumint lykas de fioele wurdt dat neidien troch de snaar mei in finger tusken in terts of kwart heger efkes licht oan te reitsjen. Ek wurde in soad glissando brûkt.

Klezmermuzyk hjoed-de-dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Di Gojum (2018)

Klezmer as oantsjutting foar de muzykstyl is earst sûnt it weroplibjen fan de klezmer yn de santiger jierren yn swang rekke, en is hjoed-de-dei (2007) in smeltkroes fan stilen. Yn de klezmermuzyk binne neist in soad Balkanynfloeden (Roemeenske, Bulgaarske, Russyske, Grykske ek oriïntaalske en sigeunerynfloeden werom te finen. Begjin 21e iuw binne dêr it jiddysk teater en wer letter de jazz bykommen. Yn de lêste jierren wurde ek moderne ynfloeden (Dance, Punk) weromfûn. De muzyk dy't ûntstiet is goed op te dûnsjen en live is der meast in goede sfear as sa'n band spilet. Foarbylden fan ditsoarte bands binne Gogol Bordello, Oi Va Voi, Gypsy.CZ, Mahalla Rai Banda Amsterdam Klezmer Band en Ot Azoj Klezmerband.

In oare trend is om werom te gean nei de roots fan de muzyk, de East-Europeeske klank fan de sjtetls. Utgeande fan de muzyk sa't dy op de earste klezmerplaten út de perioade 1905 -1915 spile waard besykje in soad musisy de klezmerklank fan de 18e en 19e iuw te rekonstruearjen. Nijsgjirrich is dat dêrby neist it tradisjonele repertoire ek nij komponearre stikken yn dy styl spile wurde. Inkelde Amerikaanske groepen yn dizze styl binne Budockey, Veretski Pass en fioeliste Alicia Svigals. Inkelde Europeeske groepen binne Kharkov Klezmer Band, The Klezmer Society (foarhinne Shtetl Band Amsterdam), Carmel Quintet en it yn Fryslân oprjochte Di Gojim.

Klezmermuzyk en jiddyske muzyk binne nau meiïnoar ferbûn; de measte teksten lykas se yn klezmermuzyk songen wurde komme út it jiddysk.