(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Russysk-Georgyske Oarloch - Wikipedy Springe nei ynhâld

Russysk-Georgyske Oarloch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kriich yn Súd-Osseesje)
Kaart mei it ferrin fan de kriich

De Russysk-Georgyske Oarloch wie in konflikt yn augustus 2008 wêrby't Georgje syn eardere gebietsdiel Súd-Osseesje, dat him yn 1991 ûnôfhinklik ferklearre hie, besocht werom te feroverjen. Hjirby stipe Ruslân Súd-Osseesje en Abgaazje, in oare de facto ûnôfhinklike republyk dy't oant 1992 diel útmakke fan Georgje.

Troch de oanboazjende spannings tusken Ruslân, ûnder it reäksjonêre bewâld fan Vladimir Pûtin, en Georgje, dat him sûnt 2003 almar mear op it Westen rjochte hie, ûntstie der yn april 2008 in diplomatike krisis tusken Georgje en Súd-Osseesje, dy't begjin augustus útrûn op besjittings fan Georgyske posysjes troch it Súdossetyske leger. Yn antwurd dêrop teagen Georgyske troepen op 7 augustus de grins oer en besetten û.m. Tschinvali, de Súdossetyske haadstêd.

Dêrby kaam teffens de Russyske fredesmacht yn it gebiet ûnder fjoer te lizzen. Pûtin, dy't yn Peking by de Olympyske Spullen wie, liet doe troepen út súdlik Ruslân wei de grins mei Súd-Osseesje oergean, wylst Russyske strieljagers ynset waarden om 'e Georgyske posysjes yn Súd-Osseesje en ek yn it eigentlike Georgje te bombardearjen. De Russyske grûntroepen weefden flot ôf mei de Georgyske besettingsmacht yn Súd-Osseesje en befrijden Tschinvali. De Georgiërs waarden fierder weromkrongen en ferlearen ek de Georgyske stêd Gori, súdlik fan 'e Súdossetyske grins, oan 'e Russen.

Underwilens iepenen de Russen en it Abgazyske leger yn noardwestlik Georgje en oan 'e Georgyske Swarte-Seekust in twadde front, wêrby't de Georgiërs yn 'e Slach yn de Kodori-delling út it lytse stikje fan eastlik Abgaazje ferdreaun waarden dat se noch yn 'e hannen hiene. Dêrnei teagen de Russen en Abgazen de grins oer en besetten de wichtige Georgyske havenstêd Poti en de stêden Zugdidi en Senaki, mear it binnenlân yn. Alle oarlochshannelings waarden op 12 augustus beëinige.

Yn Súd-Osseesje wie it nei de Russyske befrijing byltsjesdei, en waarden de ynwenners fan 'e oerbleaune etnysk Georgyske doarpen yn it suden fan it gebiet ferdreaun by in etnyske suvering. Op 26 augustus erkende Ruslân boppedat as earste lân de ûnôfhinklikheid fan Abgaazje en Súd-Osseesje. Yn reäksje ferbriek Georgje dêrop alle diplomatike bannen mei Ruslân. Under de betingsten fan it sjitferbod dat mids augustus sletten waard, loeken de Russen har yn septimber stadichoan werom út it eigentlike Georgje, in troepebeweging dy't op 8 oktober foltôge waard.

Ruslân behold lykwols 3.700 man dy't legere wiene yn Abgaazje en Súd-Osseesje, en joech oan dat it fan doel wie om dêr fêste militêre bases oan te lizzen.[1] Fan 9 oktober ôf holden waarnimmers fan 'e Jeropeeske Uny tafersjoch op it sjitferbod. Ruslân hâldt lykwols 3.700 soldaten yn de beide gebieten en is fan doel om yn dy gebieten militêre basissen te iepenjen.

  • FSA - Op 10 augustus feroardielet presidint George W. Bush Ruslân's oanfal op de Westerske bûnsmaat.
  • rand rand rand rand - Op 9 augustus 2008 kamen Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen meiïnoar ta in ferklearring oangeande de Russyske aksjes yn Georgje. Hja wolle tagelyk sjen litte dat it lidmaatskip fan de JU as NAFO fertuten docht.[2]
  • rand - Op 26 augustus 2008 ferklearret Ruslân de ûnôfhinklikens fan Abkaazje en Súd-Osseesje te erkennen. De Jeropeeske Uny is it net iens mei it beslút. [4]
  • rand - Op 1 septimber wurdt der troch de Jeropeeske Uny in spesjale gearkomste belein oer it Russysk-Georgysk konflikt. Nei dizze spesjale gearkomste komme der gjin sanksjes foar Ruslân fan de Jeropeeske Uny.
  • rand - Nikaragûa is op 5 septimber it earste lân nei Ruslân dat Abkaazje en Súd-Osseesje erkend.[5]
  • rand - Op 9 oktober arrivearren waarnimmers fan de JU yn it gebiet.
  • rand - De Russyske minister fan definsje beslút op 19 novimber om nije militêre basissen te iepenjen yn Abkaazje en Súd-Osseesje foar 3.700 Russyske militêren.
Georgyske skerpskutter. De unifoarmen hawwe de Georgjers fan de Amerikanen. [6]

Yn de foarste wike fan de rispmoanne leit de politike situaasje der sa hinne:

  • Yn Súd-Osseesje is ien-tredde fan de ynwenners Georgysk. Twa-tredde part is etnysk Ossetysk, in Iraanske folksgroep.
  • De regio Súd-Osseesje woe him al yn 1992 ûnôfhinklik meitsje fan Georgje, mar dat mislearre.
  • Ruslân is tsjin op it tatreedzjen fan Georgje ta de NAFO en wol syn macht op de Kaukasus útwreidzje.
  • Georgje is in trouwe bûnsmaat fan it westen, dat oppenearret him û.o. yn de Irakkriich dêr't Georgje nei de Feriene Steaten en Grut-Brittanje de measte militêren leveret. Georgje hat ambysje en wurdt lid fan de NAFO.

Ferliking legers Georgje en Ruslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

GEORGJE

  • Militêren: 26.900
  • Tanks: 82
  • Pantserweinen: 139
  • Fjochtfleanmasinen: 7
  • Swiere artillery: 95

RUSLAN

  • Militêren: 641.000
  • Tanks: 6.717
  • Pantserweinen: 6.388
  • Fjochtfleanmasinen: 1.206
  • Swiere artillery: 7.550

Boarne Janes Sentinel Country Risk Assessments [7]

Ferwizing nei boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Russia fully staffs bases in Abkhazia, S.Ossetia, RIA Novosti 19 novimber 2008]
  2. Joint Declaration of Estonian, Latvian, Lithuanian and Polish Presidents on the situation in Georgia, 9 augustus 2008. (in)
  3. Russia Warns Baltics, Poland To Pay For Georgia Stance-Report, Nasdaq, 11 augustus 2008. (in)
  4. [1], RTL 4, 26 augustus 2008. (ned)
  5. The Earth Times, 3. September 2008, Nicaragua joins Russia in recognizing South Ossetia, Abkhazia
  6. American Troops Training, Equipping Georgian Military (in)
  7. Janes Sentinel Country Risk Assessments (in)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]