Kroandowen
Appearance
Kroandowen | ||
Fiktoaria kroando | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | do-eftigen (Columbiformes) | |
famylje: | dowen (Columbidae) | |
skaai | kroandowen (Goura) | |
Stephens, 1819 | ||
Kroandowen (Goura) foarmje in skaai yn 'e famylje fan 'e dowen (Columbidae). It skaai bestiet út fjouwer soarten. De kroandowen hearre ta de grutste dowesoarten fan 'e wrâld. It skaai waard foar it earst beskreaun troch James Francis Stephens yn 1819.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjouwer soarten fan it skaai libje allegear op Nij-Guineä en op in pear eilannen west fan Nij-Guineä. De leefgebieten fan 'e ferskillende soarten oerlaapje inoar net. Alle soarten wurde troch de IUCN as kwetsber of gefoelich (hast bedrige) klassifisearre.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Goura cristata – Kroando
- Goura scheepmakeri – Readboarstkroando
- Goura sclaterii – Sclaters kroando
- Goura victoria – Waaierdo
Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding |
---|---|---|---|
Goura cristata | Kroando | noardwestlik Nij-Guineä | |
Goura scheepmakeri | Readboarstkroando | súdeast Nij-Guineä | |
Goura sclaterii | Sclaters kroando | suden fan Nij-Guineä | |
Goura victoria | Waaierdo | noarden fan Nij-Guineä |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kroando fan Wikimedia Commons. |