Lenze Meinsma
Lenze Meinsma (Makkum, 8 novimber 1923 - Boalsert, 19 desimber 2008) wie in Nederlânsk dokter.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart nei de Twadde Wrâldkriich studearre er genêskunde oan de universiteit fan Grins. Hy promovearre op in proefskrift oer de sûnensrisiko's fan it smoken fan tabak. Tusken 1953 en 1978 wie er direkteur fan de KWF Kankerbestriding. Lenze Meinsma wie ek in foaroansteand lid fan de feriening tsjin de kwaksalverij.
Meinsma wie de inisjatyfnimmer fan de earste stopje-mei-smokenaksjes. Mei mar in bytsje stipe fan de oerheid krewearre er fan 1963 ôf oan foar in tabaksûntmoedigingsbelied. Lange tiid krige er suver gjin steun fan syn kollega's. Syn oprop yn 1965 oan de medyske beropsgroep om te striden tsjin it smoken waard foarearst net op yn gien. Yn 1969 publisearre er 'Roken en Risico’s', dat ek wol 'it reade boekje fan Meinsma' neamd waard. Hy ferskynde as 'anty-smookdokter' geregeldwei yn de media. Letter hat er dat sels wol in "one man show" neamd, wat net sa frjemd wie, "omdat de hiele medyske wrâld smookte".
Pas yn 1971 kaam de grutte trochbraak. Meinsma krige stipe fan fjouwer ferienings fan medyske spesjalisten. Dy kamen yn 't spier en stjoerden de destydske steatssekretaris Roelof Kruisinga fan Folkssûnens in rapport mei feiten en sifers oer de stjerte troch sykten dy't mei smoken anneks binne. De arts Kruisinga koe net om it inisjatyf hinne fanwege alle publisiteit. Hy kaam mei in spesjale kommissy fan de Sûnensried dy't him riede moast oer sûnensbefoarderjende maatregels. De kommissy presintearre in rapport mei mooglike oerheidsmaatregels om it smoken te beheinen. Der wie doe lykwols net genôch polityk- en maatskiplik draachflak en de oanbefellings ferdwûnen yn in burolaad. Earst 1982 krigen de yn Nederlân ferkochte pakjes tabak de fanwege de oerheid ferplichte warskôging. Sûnt 1990 is it wetlik ferbean om yn iepenbiere gebouwen te smoken en nei 1 july 2008 jildt it ferbod ek foar de hoareka en foar sportkantines.
Foar syn fertsjinsten op it mêd fan kankerbestriding yn it algemien, en benammen foar syn striid tsjin it smoken, ûntfong Meinsma yn 1979 de Prof. dr. P. Muntendampriis.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |