(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Lockheed Hudson - Wikipedy Springe nei ynhâld

Lockheed Hudson

Ut Wikipedy
Lockheed Hudson

Rol Lichte bommesmiter, ferkenner, transport
Makker Lockheed
Untwerper Clarence "Kelly" Johnson
Earste flecht 10 desimber 1938
Yn tsjinst 1939
Ut tsjinst
Tal makke 2.941 (1938-1943)
Grutste brûkers Royal Air Force, Royal Canadian Air Force
Royal Australian Air Force
United States Army Air Forces
Farianten Sa'n 18 farianten

De Lockheed Hudson wie in lichte bommesmiter en maritym ferkenningsfleantúch boud troch it Amerikaanske bedriuw Lockheed Aircraft Corporation.

Yn 1938 sochten de Britten in Amerikaansk maritym patrûljefleantúch om de Avro Anson te ûnderstypjen. Lockheed demonstrearre in oanpaste ferzje fan it model 14 Super Electra Mk I, wat in passazjiersfleantúch wie. Yn febrewaris 1939 waard de earste levere; it 224ste RAF-squadron waard der mei útrist. Septimber dat jier wiene der al 78 yn tsjinst.

De Hudson waard dêrnei útrist mei oare propellers, twa fêste Browning-masinegewearen, de Mk II. Koart skoft dêrnei folge de Mk III, dy't Wright Cyclone-motors fan 1.200 pk krige yn 't plak fan de 1.100 hk-ferzje. Totaal kamen der sa'n 18 farianten op de Mk I.

De Hudson wie ek it earste fleantúch fan de Royal Air Force, dy't yn de Twadde Wrâldkriich in Dútsk fleantúch delskeat. Dat wie in Dornier Do 18 op 8 oktober 1939 boppe Jutlân. Teffens wie it in Britske Hudson dy't yn maaie 1943 de earste Dútske U-Boot te sink brocht.

Yn 1941 kaam de Hudson ek yn tsjinst by de Amerikaanske loftmacht dy't it tastel oantsjutte mei A-28. Oant 1942 waarden 82 A-28 en 418 A-29 produsearre. Fan de trenerferzje AT-18-Trainer waarden 300 makke en fierders noch 20 masines foar de US Navy, de PBO-1.

Yn 1944 waard de Hudson út tsjinst naam.

PBO-1
Mjitten en prestaasjes Gegevens A-29
Type: lichte bommesmiter, (marine)ferkenner
Fabrikant: Lockheed Aircraft Corporation
Bemanning: 5
Lingte: 13,52 m
Spanwiidte: 19,95 m
Hichte: 3,62 m
Gewicht leech: 5825 kg
maks. startgewicht: 9320 kg
Oandriuwing: twa Wright R-1820-87 Cyclone-stjermotors fan 1.200 hk it stik
Topfaasje: 405 km/o
Fleanberik: 4480 km
Tsjinstplafond: 8100 m
Bewapeing: fiif of sân 7,62-mm-masinegewearen, oant 635 kg bommen