Lonneker
Lonneker | ||
De Lonneker Mûne (2007) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.920 (2023) [1] | |
Oerflak | 0,89 km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N733 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 15' NB, 6° 54' EL | |
Kaart | ||
Lonneker is in doarp yn Twinte yn de gemeente Ynskedee, en eardere gemeeente yn 'e provinsje Oerisel. Lonneker hat 1.920 ynwenners (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lonneker wurdt foar it earst om de 9e/10e iuw hinne neamd yn in goederenlist fan it stift Werden oan de Ruhr (Bisdom Múnster). Ta de besittingen fan Loningheri hearden de âlde erven Effuk (hjoed-de-dei Voortman) en Uuilger (hjoed-de-dei Wigger). De buorskip Lonneker makke letter diel út fan it karspel en it skoutamt Ynskedee as ûnderdiel fan it drostamt Twinte. Om 1820 hinne waard der yn Lonneker in earste, Roomsk-Katolike Tsjerke boud, de Jacobus de Meerderetsjerke.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lonneker waard yn 1811 in selsstannige gemeente, foarme út it eardere rjochteramt Ynskedee, sûnder de stêd Ynskedee en De Eschmarke. By in gemeentlike wiziging yn 1818 waard ek De Esmarke oan de gemeente Lonneker tawiisd. Yn 1881 waard in part fan de âlde marke Driene oerdroegen oan it sterk groeide Hengelo en yn 1884 moast de gemeente Lonneker in grut gebiet ôfstean oan de gemeente Ynskedee. Al yn de Earste Wrâldkriich waard der praat oer in gearfoeging fan Ynskedee en Lonneker, mar pas op 1 maaie 1934 waard Lonneker mei Ynskedee gearfoege.
Boargemaster Stroink
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doetiidske boargemaster fan Lonneker M.A.H.M Stroink (1865-1930), boargemaster fan 1906 oant syn dea, wie fûl tsjinstanner fan de gearfoeging fan Lonneker mei Ynskedee. Under syn boargemasterskip krige Lonneker oansluting op it elektrisiteits- en telefoannet en oanslúting op de Nederlânske ferkearswegen. Ta eare fan dizze Stroink stiet der in bakstiennen sitbank oan de Boargemaster Stroinkstrjitte yn Twekkelo.
De Lonnerker mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1851 waard eastlik fan Lonneker de Lonneker Mûne boud, in nôtmole fan it type bultmûne, neidat de âldere mûne yn 1847 ôfbaarnd wie. Yn 2016 wie der opnij brân yn de mûne fan Lonneker, mar dizze kear wist de brânwacht de mûne te behâlden. Der wie al skea oan it reiden tek fan de mûne, en de ynventaris fan de molewinkel gie ferlern troch reek en wetterskea.
Stasjon en fleanfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1890 ôf wie it doarp Lonneker oansletten op it spoarnet fan de Geldersch-Overijsselsche Lokaalspoorweg-Maatschappij (GOLS), mar it persoaneferfier waard yn 1934 alwer staakt. Oant yn de santiger jierren fan de foarige iuw wie der noch beheind frachtferfier tusken Stasjon Ynskedee en Lonneker, mar dêrnei is de line hielendal opheft en ôfbrutsen.
Op it grûngebiet fan de gemeente Lonneker waard yn 1929 it Fleanfjild Twinte oanlein en yn de Twadde Wrâldkriich útwreide mei Zuidkamp.
-
Katolike Jacobus de Meerderetsjerke (2013)
-
Lanningsbaan Twinte Airport (2018)
-
Tsjinstwenning en koetshûs oan 'e Lossersestraat (2008)
-
Bûten Stokhorst (2010)
-
Hûs Amelink (2006)
-
Grêfmonumint Blijdenstein Lonnekerberg (2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ynskedee | ||
---|---|---|
Stêd: Ynskedee | ||
Doarpen: Boekelo • Glanerbrug • Lonneker • Usselo | ||
Buorskippen: Broekheurne • Goorseveld • Rutbeek • Twekkelo (foar in part) | ||
Wetter: Boekelerbeek • Broekheurnerbeek • Eschbeek • Glanerbeek • Kristalbad • Roombeek • Rutbeek • Teesinkbeek • Twintekanaal • Usselerstroom | ||
· · |