Maaiebeam
It plantsjen fan in maaiebeam wie in âld gebrûk yn grutte dielen fan Jeropa.
As symboal refereart de maaiebeam oan de libbensbeam as teken fan fruchtberheid. Yn de âlde mytologyen fan it noardlike diel fan Europa wie dat Yggdrasil. Boppe-yn de maaiebeam hinget in griene krânse as teken fan de syklyske omgong fan it libben of it libbensrêd. It wurdt oan de gong brocht troch de jeugd. It is in fruchtberheidsrite om by it begjin fan de simmer de natoer te huldigjen. Men leaude dat it plantsjen fan de beam late ta fruchtberheid foar fee, ikkers en minsken. It plantsjen fan in maaiebeam waard yn guon gemeenten nei de Twadde Wrâldoarloch noch wol dien. Der wienen dan feestlikheden en utings fan leafde foar de eigen gemeente.
De earste kear dat de maaiebeam yn Fryslân neamd wurdt is at yn 1664-1665 persoanen beboete waarden doe't se in maaiebeam út Feankleaster hellen. Ynwenners fan Achtkarspelen wurde yn 1569-1570 straft foar it plantsjen fan maaiebeammen yn Surhuzum en Bûtenpost.
In plakkaat fan 1560 stelt nochris strafber op den eersten May ofte naevolgende nachten eenige Meyboomen te planten, ofte enichzynts nachtlopinge, als men van olts gewoentlick is, te holden.
Willem Loadewyk jout yn 1585 in ordonnânsje tsjin it ôfhouwen fan in maaiebeammen op maaiejûn. As yn de 17e iuw ek de synoade him tsjin it meijbomen op te rigten keart, skynt de Maaiebeam út de Fryske kalinderfolkloare ferdwûn te wêzen, útsein de kallemooi. De griene tûke op de naal fan in hûs yn oanbou hjit noch wol in maaiebeam. De maaiebeam stiet ek yn dat gefal symboal foar fruchtberheid en foarspoed.
Eartiids waardd de beam bygelyks troch buertbewenners út in bosk yn de buert helle en nei it plantsjen wurdt der in gleske dronken en wurdt der meiïnoar proaste.