(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Maarten Maartens - Wikipedy Springe nei ynhâld

Maarten Maartens

Ut Wikipedy
Maarten Maartens
skriuwer
Maarten Maartens (om 1900)
Maarten Maartens (om 1900)
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Joan van den Heuvel
echte namme Jozua Marius Willem van der Poorten Schwartz
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 augustus 1858
berteplak Amsterdam
stoarn 3 augustus 1915 (56 jier)
stjerplak Seist
wurk
taal Ingelsk, Nederlânsk
sjenre Roman, poëzy. ferhalen
bekendste
  wurk(en)
God's Fool (1892)
útjouwer Ferskate
prizen Earelid English Authors Club
Earedoktoraat

Maarten Maartens, skriuwersnamme fan Jozua Marius Willem van der Poorten Schwartz (Amsterdam, 15 augustus 1858 - Seist, 3 augustus 1915),[1] wie in Nederlânsk skriuwer dy't meast yn it Ingelsk skreau. Ein 19e iuw en begjin 20e iuw wie hy yn benammen Ingelân, mar ek yn de Feriene Steaten, frijwat populêr. Nei syn ferstjerren waard er lykwols rillegau fergetten.

It Maarten Maartenshûs.

Jozua Marius Willem Schwartz waard troch freonen Joost neamd. Syn heit, August Ferdinand Carl Schwartz (1817-1870), in ta it Kristendom bekearde joad, wie predikant by de Skotske Sindingstsjerke. Syn taak as dûmny wie it bekearen fan oare joaden.

Yn 1864 ferfarde de húshâlding Schwartz nei Londen, dêr't heit Schwartz sindeling ûnder de Londenske joaden waard. Jozua Schwartz learde dêr doe goed Ingelsk. Nei it ferstjerren fan heit Schwartz yn 1870 gie de famylje earst werom nei Amsterdam en letter troch nei Bonn yn Dútslân. Yn 1877 makke Jozua Schwartz dêr it gymnasium ôf.

Hy studearre rjochtswittenskippen yn Utert, dêr't er yn 1882 promovearre. Koart nei syn promoasje naam er de kolleezjes fan de slim sike heechlearaar Jacobus Anthonie Fruin oer. Nei dy syn ferstjerren yn 1884, sollisitearre Schwartz nei dy syn funksje, mar dy krige er net. De funksje gie nei Willem Molengraaff.

Schwartz wie wilens troud mei syn nicht Anna van Vollenhoven (1862-1924), dy't út in tige begoedige famylje kaam. It jild dat sy ynbrocht makke dat Jozua Schwartz net mear hoegde te wurkjen.

Jozua en Anna hiene beide in swakke sûnens. Schwartz ferwurke harren ûnderfinings mei dokters letter yn de romans The Healers en The New Religion.

It pear reizge wat ôf, faak nei kueroarden. Doe't Anna te min waard om mei te gean, waard hy op syn reizen beselskippe troch syn butler en letter troch dochter Ada (1888-1944).

Yn 1889 krige Jozua Schwartz tastimming om 'Van der Poorten' oan 'Schwartz' ta te heakjen, de namme fan ien fan syn âldebeppes; tenei hjitte er Jozua Marius Willem van der Poorten Schwartz.

In 1884 kocht it pear Schwartz in bûtenpleats yn Doorn en lieten in kastieltsje nei eigen ûntwerp sette; yn 1903 wie it klear en krige de namme Zonheuvel.

Van der Poorten Schwartz wie bot oandien doe't yn 1914 de Earste Wrâldkriich útbriek. Hy rekke depressyf en syn sûnens waard hurd minder. Op 3 augustus 1915 stoar hy. Syn frou Anna, dy't ek hieltiid mear siik waard, oerlibbe him njoggen jier.

Dochter Ada, dy't net troude, neamde Zonheuvel fannijs 'Maarten Maartenshûs' en makke der in konferinsje-oarde fan.

Yn Langbroek (gemeente Wijk bij Duurstede) is in Maarten Maartensstrjitte.

Wurkpaad as skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten Maartens skreau romans, ferhalen, toanielstikken en gedichten. Hy publisearre foar it earst yn jierren 1885-1888: twa gedichtebondels en twa trageedzjes yn ferzen, yn it Ingelsk, syn twadde taal en by in Ingelske útjouwerij. Hy skreau doe noch ûnder eigen namme (J.M.W. Schwartz).

Reginald Stanley Faber, in Ingelske freon, brocht nei foaren dat hy ek proaza skriuwe kinne soe. Yn 1889 publisearre er twa romans yn it Ingelsk en by in Ingelske útjouwerij. Ien wie in detectiveferhaal mei de titel The Black Box Murder. Maarten Maartens wie dêrmei de earste Nederlânske skriuwer yn dat sjênre. De roman fernijde gjin auteursnamme; op de titelside stie: The Black Box Murder by the Man Who Discovered the Murderer ('De moard mei de swarte koffer, troch de man dy't de moardner ûntmaskere').

It twadde boek, The Sin of Joost Avelingh skreau er ûnder de skûlnamme Maarten Maartens, dy't er keas omdat dy sa oernederlânsk wie, maklik te ûnthâlden wie en ek foar Ingelsken goed út te sprekken wie.

The Sin of Joost Avelingh spile yn Nederlân en gie oer Nederlânske saken. It waard in grut súkses en waard faak werprinte. Yn 1890 kaam der ek in Amerikaanske edysje. It waard oerset yn it Dútsk, Deensk, Italjaansk, Frânsk en Nederlânsk.

Alle neifolgjende boeken ferskynden yn it Ingelsk en ûnder de namme Maarten Maartens, tagelyk yn Ingelân en Amearika. Maarten Maartens publisearre sa fjirtjin romans en fjouwer ferhalebondels. De measte boeken spylje har yn Nederlân ôf. De roman God's Fool (1892) waard it meast ferneamd; sels fûn er The Price of Lis Doris (1909) syn bêste boek. De measten ferskynden ek yn it Dútsk en in pear yn it Nederlânsk. De Nederlânske útjeften waarden nea in súkses.

Maarten Maartens makke fral furoare yn Grut-Brittanje, dêr't er ek geregeldwei hinne gie. Hy wie in warber lid fan de literêre wrâld en krige goede kritiken, ûnder oaren fan Thomas Hardy (dy't er heech hie), George Bernard Shaw en Virginia Woolf. Hy hie kunde oan ferskate Ingelske skriuwers en skreau mei harren. De skriuwers James Barrie en Edmund Gosse en de útjouwer George Bentley hearden ta syn bêste freonen. Yn 1905 krige er in earedoktoraat oan de universiteit fan Aberdeen, tegearre mei Thomas Hardy.

Nei 1905 sakke de ferkeap fan Maarten Maartens’. Dochs mocht men him graach sjen en lije yn de Angelsaksyske wrâld. Yn 1907 besocht hy de Feriene Steaten, wie dêr by de iepening fan in útwreiding fan it Carnegie Museum of Art yn Pittsburgh en hold dêr 12 april in taspraak.[2] Op 15 april, wie er sprekker op it Peace Congress yn New York, dat organisearre wie troch Andrew Carnegie.[3] Maartens hie al kunde oan Carnegie doe't dy besites brocht oan Grut-Brittanje. Maartens waard sels ûntfongen troch presidint Theodore Roosevelt op it Wite Hûs.

1914 ferskynde de it sammele wurk fan Maarten Maartens by Constable & Co. yn Londen. In beheinde edysje ferskynde by Tauchnitz yn Leipzig yn de rige ‘Tauchnitz Collection of British and American Authors’ (yn 't Ingelsk!). D. Appleton & Company, syn Amerikaanske útjouwer wegere de útjefte foar de Amerikaanske merk. Maarten Maartens’ boeken diene it ommers net sa goed mear.

Ek yn 1914, publisearre Maartens syn iennige Nederlânsktalige wurk: in gedichtebondel ûnder pseudonym fan Joan van den Heuvel. It boek krige geunstige kritiken, mar in bestseller waard it net.

Nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch en nei syn dea yn 1915 waard de belangstelling foar syn wurk by de útjouwers hurd minder en hy rekke yn it ferjit. In 1930 slagge it syn dochter Ada van der Poorten Schwartz, dy't syn literêre neilittenskip behearde, noch wol in karút syn brieven útjûn te krijen.

Meidat al syn wurk yn it Ingelsk wie, op ien dichtbondel nei, wie er yn Nederlân suver net bekend. Dochs mienden guon Nederlanners dat syn boeken kaairomans wienen en dat hy Nederlân dêryn ta spot makke. Maarten Maartens hat dat altyd tsjinsprutsen.

Dochs is no krekt yn Nederlân in pear kear besocht om syn wurk wer yn it omtinken te krijen. Nei syn dea binne syn twa romans en twa ferhalebondels yn it Nederlânsk oerset ferskynd. It waard lykwols gjin súkses.

Poëzij (Ingelsk)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • The Morning of a Love, and Other Poems, Remington & Co, London, 1885
  • A Sheaf of Sonnets, Remington & Co, London, 1888

Poëzij (Nederlânsk)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gedichten (ûnder pseudonym Joan van den Heuvel), P.N. van Kampen & Zoon, Amsterdam, 1914
  • The Black Box Murder, Remington & Co, London, 1889
  • The Sin of Joost Avelingh: A Dutch Story, Remington & Co, London, 1889; D. Appleton & Company, New York, 1890
  • An Old Maid's Love: A Dutch Tale Told in English, Richard Bentley & Son, London; Harper & Brothers, New York, 1891
  • A Question of Taste: A Novel, William Heinemann, London, 1891
  • God's Fool: A Koopstad Story, Richard Bentley & Son, London; D. Appleton & Company, New York, 1892
  • The Greater Glory: A Story of High Life, Richard Bentley & Son, London; D. Appleton & Company, New York, 1894
  • My Lady Nobody: A Novel, Richard Bentley & Son, London; Harper & Brothers, New York, 1895
  • Her Memory, Macmillan & Co., London; D. Appleton & Company, New York, 1898
  • Dorothea: A Story of the Pure in Heart, Constable & Co., London; D. Appleton & Company, New York, 1904
  • The Healers, Constable & Co., London; D. Appleton & Company, New York, 1906
  • The New Religion, Methuen & Co., London; D. Appleton & Company, New York, 1907
  • The Price of Lis Doris, D. Appleton & Company, New York; Methuen & Co., London, 1909
  • Harmen Pols, Peasant, Methuen & Co., London; John Lane Company, New York, 1910
  • Eve: An Incident of Paradise Regained, Constable & Co., London, 1912
  • Some Women I Have Known, William Heinemann, London; D. Appleton & Company, New York, 1901
  • My Poor Relations: Stories of Dutch Peasant Life, Constable & Co., London; D. Appleton & Company, New York, 1905
  • The Woman's Victory, Constable & Co., London, 1906
  • Brothers All: More Stories of Dutch Peasant Life, Methuen & Co., London, 1909
  • Six Short Stories, Selected by Dr W. van Maanen, J.M. Meulenhoff, Amsterdam, [±1930]
  • Julian: A Tragedy, Remington & Co, London, 1886
  • Nivalis: A Tragedy in Five Acts, Kegan Paul, Trench, Trübner & Co., London, 1886
  • The Letters of Maarten Maartens, Constable & Co., London, 1930
  • De liefde van een oude jongejuffrouw, Robbers, Amsterdam, 1895
  • De hoogste roem, Robbers, Amsterdam, 1895
  • Joost Avelingh's zonde, Robbers, Amsterdam, 1895
  • God's gunsteling, Robbers, Amsterdam, 1896
  • Novellen en verzen, Libellen-Searje nr. 98, Bosch & Keuning, Baarn, [1935]
  • De zonde van Joost Avelingh, J.N. Voorhoeve, De Haach, [sûnder jiertal, mar nei 1954]
  • De dwaas Gods: een verhaal uit Koopstad, Meulenhoff, Amsterdam, 1975
  • Vrouwen die ik heb gekend (sân ferhalen), Meulenhoff, Amsterdam, 1977

Literatuer oer Maarten Maartens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Willem van Maanen, Maarten Maartens, Poet and Novelist, dissertaasje, Noordhoff, Grins, 1928
  • Sir Arthur Quiller-Couch, Preface to The Letters of Maarten Maartens, Constable & Co., London, 1930
  • Norreys Jephson O’Conor, "A Memoir", in: The Letters of Maarten Maartens, Constable & Co., London, 1930
  • Wim Zaal, Nooit van gehoord: Stiefkinderen van de Nederlandse beschaving, Ambo, Utert, 1969, 1974 op 'en nij útjûn by De Arbeiderspers, Amsterdam (essays oer û.o. Maarten Maartens)
  • Theo Daselaar, The Sad Successful Literary Life of Maarten Maartens, ôfstudearskripsje 1984
  • Th.M. Gorissen, Maarten Maartens en het Maarten Maartenshuis, Stichting Maarten Maartens, Doorn, 1992
  • Hendrik Breuls, A Comparative Evaluation of Selected Prose by Maarten Maartens, dissertaasje Technische Universität Dresden, 2005

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Akte fan ferstjerren
  2. Yn dit boek stiet Maartens' taspraak
  3. Dy taspraak is opnaam yn The Letters of Maarten Maartens, sd. 254-258.