Mas Amedda
Mas Amedda personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Chagriaan | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | politikus | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Finis Valorum keizer Palpatine | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Mas Amedda is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Chagriaan fan 'e planeet Champala en ien fan 'e liedende politisy yn 'e Galaktyske Republyk. Nei de steatsgreep troch kânselier Palpatine wurdt er grutfizier fan it Galaktysk Keizerryk. Mas Amedda waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999).
Fertolkings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rol fan Mas Amedda waard yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) spile troch Jerome Blake. Yn 'e oare beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), waard de rol fertolke troch David Bowers. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Mas Amedda ynsprutsen troch Stephen Stanton.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mas Amedda is in Chagriaan, dy't berne is op 'e planeet Champala. Hy is in politikus, dy't al ier yn syn karriêre ferfart nei Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. Hy klimt op ta fise-foarsitter fan 'e Galaktyske Senaat ûnder kânselier Finis Valorum. Hoewol't dyselde yn 'e Nabookrisis, yn 32 f.Sl.Y., ôftrede moat nei't keninginne Padmé Amidala fan Naboo in moasje fan wantrouwen tsjin him yn stimming brocht hat, wit Amedda syn eigen posysje te behâlden ûnder it dêropfolgjende kânselierskip fan Sheev Palpatine.
Under de Kloane-oarloggen tsjinnet Amedda as ien fan Palpatine syn neiste adviseurs. Hy toant him in grut foarstanner fan it takennen fan ekstra foech oan 'e kânselier yn dy tiid fan krisis. In wetsfoarstel fan dy strekking wurdt troch ôffurdige Jar Jar Binks fan Naboo yn stimming brocht, wêrnei't de Senaat dermei ynstimt. Dêrtroch kin Palpatine it leger kloansoldaten dat Jedi-master Sifo-Dyas silger op 'e planeet Kamino oanmeitsje litte hat, omfoarmje ta it Grutte Leger fan 'e Republyk.
Amedda bliuwt de hiele snuorje fan 'e Kloane-oarloggen troch ien fan 'e neiste meiwurkers fan Palpatine. Ek as dyselde yn 19 f.Sl.Y. de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktyske Keizerryk stiftet mei himsels as autokratysk regearjend keizer, bliuwt Amedda him trou. Yn 'e nije oarder wurdt er mei de titel grutfizier yn namme it haad fan 'e Keizerlike Regearingsried, hoewol't dat eins in toskeleaze kloft jaknikkers sûnder wiere macht is.
Nei de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor yn 4 n.Sl.Y. wurdt Amedda (yn 'e roman Aftermath: Life Debt fan Chuck Wendig út 2016) twongen om as kopstik te tsjinjen foar it regear fan it Keizerryk dat yn wurklikheid oergiet op admiraal Gallius Rax. Nei de nederlaach fan it Keizerryk yn 'e Slach by Jakku, yn 5 n.Sl.Y., ûndertekenet Amedda (yn 'e roman Aftermath: Empire's End út 2017) formeel de kapitulaasje fan it Keizerryk yn ûnderhannelings mei Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn.
Yn 'e skiednis fan it Stjerrestelsel wurdt Mas Amedda neitiid yn oantinken holden as in wringeleaze sjerpstriker fan keizer Palpatine.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |