Nederhorst den Berg
Nederhorst den Berg is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Widemarren yn Noard-Hollân. It plak hat, ynklusyf de omjouwing 5150 ynwenners (2004) en is ûnder oare bekend troch Kastiel Nederhorst.
It doarp wurdt faak ferkoarte "Nederhorst" of soms "Den Berg" neamd, de ynwenners "Bergers".
De kearn Overmeer foarmet in ûnderdiel fan Nederhorst den Berg. De delsetting by 'de Berg' hjitte oarspronklik Werinon. De kearnen Overmeer en Werinon binne fan oarsprong Ier Midsiuwske delsettings dy't, yn tsjinstelling oant hast (op Dorssen by Vreeland nei) alle delsettings lâns de Fecht net oan de westside leine, mar oan de eastside. Nei alle wierskyn wiist dit op de skieden goa-yndieling (Nifterlake) oan beide kanten fan de Fecht.
De gemeente Nederhorst den Berg waard yn 1818 oprjochte. Op 1 jannewaris 2002 waarden de gemeenten Loasdrecht, Grevelân en Nederhorst den Berg gearfoege en krige de namme Widemarren.
Nederhorst den Berg is,sa't de namme al oanjout, ûntstien op in heech punt yn de bocht fan de Fecht. Al yn de 13e iuw waard derneist de delsetting in kastiel stifte. De doarpsplattegrûn is fierder ta stân komd troch de Reefeart dy't oant de dimping yn 1969 troch it doarp rûn. Troch sânwinning is it rekreaasjegebiet Spiegel- en Blijkpolderplas ûntstien. Om dizze plassen binne fyts-, wannelpaden en ruterrûtes. Yn de simmer kin swom wurde op de ferskillende strantsjes. Yn 2008 is de Gabriel-turborotonde iepene dy't de Provinsjale wei 236 en Provinsjale wei 201 mei elkoar ferbine.
Horstermeerpolder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tusken Nederhost den Berg en Kortenhoef lizzende Horstermeerpolder dy't yn 1882 drûchlein waard hat noch in typysk agrarysk karakter, kenmerkend foar in delsetting yn in drûchmakkerij. De polder driget anno 2010 deels ûntpoldere te wurden. De provinsje Noard-Hollân hat plannen om it gebiet wer diels ûnder wetter te setten. Dêr is in soad ferset tsjin út de befolking wei. Aksjefierders rôpen de Republyk Horstermeerpolder út en blokkearren op 22 febrewaris 2010 de ienige tagongswei nei de polder. Allinnich auto's mei in flachje fan de republyk waarden talitten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De hjoeddeiske protestantske Willibrordtsjerke is yn de 12e iuw boud op in natuerlike sânheuvel dy't ûntstien is út de resten fan in stuwwâl út de lêste iistiid. De toer en it skip binne yn romaanse styl oplutsen en datearje út de 12e iuw. De Willibrordtsjerke hat fermoedlik in houten foargonger fan ± 800, stifte troch Liudger, de bekende preker dy't hjir te Werinon syn setel hie. De heuvel liende him yn de Izertiid en Romeinske tiid goed foar bewenning, alhoewol't hjir noch gjin bewizen foar fûn binne.
- Kastiel Nederhorst is yn de 13e iuw boud. It fjouwerkante kastiel hat seiskantige hoektuorren en wurdt omjûn troch in slotgrêft.
- Tichtby it doarp stiet de poldermole fan de Stichts-Ankeveense polder dy't yn 1636 boud is.
- De Pagoade Van Hanh, de ienige boeddhistyske Fietnameeske timpel yn Nedrlân, stiet yn Nederhort den Berg. De timpel is fan de Stichting Fietnameeske Boeddhistyske Gearwurwurking Nederlân. Der steane sa'n tûzen famyljes ynskreaun by dizze stichting.
Berne yn Nederhorst den Berg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Jacob Spohler (7 novimber 1811), keunstskilder
- Dieuwertje Blok (8 augustus 1957), presintatrise
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|